Aleksanderarsjipel

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Aleksanderarsjipel
De lokaasje fan 'e Aleksanderarsjipel yn Alaska.
De lokaasje fan 'e Aleksanderarsjipel yn Alaska.
sifers
soarte gebiet eilannegroep
ynwennertal 37.159
oerflak 35.000 km²
befolkingstichtens 1,1 / km²
polityk
lân Flag of the United States.svg Feriene Steaten
steat Flag of Alaska.svg Alaska
borough ferskate
haadplak gjint
grutste plak Sitka (Alaska)
oar
tiidsône UTC –9
simmertiid UTC –8
koördinaten 56°40′ N 134°05′ W

De Aleksanderarsjipel (Ingelsk: Alexander Archipelago), is in grutte eilannegroep dy't foar de kust fan it súdeastlike diel fan 'e Amerikaanske steat Alaska yn 'e Stille Oseaan leit. De arsjipel is ferneamd nei tsaar Aleksander II fan Ruslân. De earste Jeropeaan dy't de eilannen oandie, wie de Russyske ûntdekkingsreizger Aleksej Tsjirikov yn 1741. De oarspronklike bewenners fan 'e Aleksanderarsjipel binne de Tlingit- en Haida-Yndianen, dy't der noch altyd in oansjenlik diel fan 'e befolking útmeitsje.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Aleksanderarsjipel is in grutte kloft eilannen yn it noardeasten fan 'e Stille Oseaan, flak foar de kust fan it fêstelân fan Noard-Amearika. De arsjipel strekt him fan noardwest nei súdeast út oer in ôfstân fan 480 km by de kust lâns fan 'e saneamde Panhandle fan Alaska, it nei it súdeasten ta útstykjende diel fan 'e steat. De Aleksanderarsjipel is sa'n 170 km breed. De eilannen, dy't eins de toppen fan ûnderseeske bergen binne, wurde fan inoar en fan it fêstelân skaat troch djippe ynhammen en fjorden. It noardlike diel fan 'e Binnenpassaazje, in wichtige rûte foar de skipfeart, wurdt troch de Aleksanderarsjipel beskerme tsjin it waar fan 'e iepen Stille Oseaan. Oan 'e súdkant fan 'e eilannen skiedt de brede Dixon Entrance de Aleksanderarsjipel fan 'e Keninginne Sjarlotte-eilannen, dy't ta de Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia hearre.

In satellytfoto fan 'e Aleksanderarsjipel.

De arsjipel telt leafst 1.100 ûnderskate eilannen dy't mei-inoar in oerflak fan rûchwei 35.000 km² beslane. De eilannen hawwe oer it algemien steile, rotseftige kusten en binne begroeid mei ticht tuskenbeiden nullewâld dêr't in protte floara en fauna foarkomt. Foar it meastepart is de Aleksanderarsjipel dêrom inkeld tagonklik per boat of yn 't fleantúch. It oergrutte diel fan 'e eilannen makket diel út fan it Nasjonaal Wâld Tongass. Op folchoarder fan ôfrinnende grutte binne de grutste eilannen fan 'e Aleksanderarsjipel: Prince of Wales, Chichagof, Admiraliteitseilân, Baranof, Revillagigedo, Kupreanof, Kuiu, Etolin, Dall, Wrangell, Mitkof, Zarembo, Kosciusko, Kruzof, Annette, Gravina en Yakobi.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste Jeropeaan dy't de Aleksanderarsjipel oandie, wie yn 1741 de Russyske ûntdekkingsreizger Aleksej Tsjirikov, dy't de kusten fan Noyes en Baker seach (beide westlik fan Prince of Wales), en ek Baranof, Chichagof, Kruzof en Yakobi. Yn 1774 naam de Spaanske ûntdekkingsreizger Juan José Pérez Hernández de súdkust fan Dall waar, wylst syn lângenoat Juan Francisco de la Bodega y Quadra yn 1775 de Bucareli-baai, foar de kust fan Prince of Wales, ynfear.

Yn 1792 ûntdiek de Spanjert Jacinto Caamaño Revillagigedo en de Gravina-eilannen, mei de Clarence-strjitte deropta. De Ingelske ûntdekkingsreizger George Vancouver ûndersocht de Aleksanderarsjipel yn 1793 en 1794 yngeand, en fear dêrby hielendal om sawol Revillagigedo as om Admiraliteitseilân hinne. Fierders brocht er de hiele kust fan Kuiu yn kaart, en teffens de eastkust fan 'e eilannen Baranof, Chichagof, Etolin, Wrangell, Zarembo, Mitkof en Kupreanof.

In rotsbôge op it eilantsje St. Lazaria.

De Russen makken oanspraak op 'e hiele Aleksanderarsjipel as ûnderdiel fan harren koloanje Russysk-Amearika, en yn 'e folgjende desennia wiene it Russyske ûntdekkingsreizgers dy't de seestrjitten tusken de ûnderskate eilannen fan 'e arsjipel yn kaart brochten, lykas de Perilstrjitte tusken Chichagof en Baranof. De Aleksanderarsjipel wie sa begearlik om't de krite yn 'e earste helte fan 'e njoggentjinde iuw in sintrum wie foar de jacht op see-otters en de lukrative pelshannel dy't dêrmei mank gie.

Mei de Oankeap fan Alaska gie de Aleksanderarsjipel yn 1867 oer yn 'e hannen fan 'e Feriene Steaten. Neffens Donald Orth yn syn Dictionary of Alaska Place Names (s. 64), soe de eilannegroep datselde jiers syn namme krigen hawwe, doe't de kust fan 'e nije oankeap opmetten waard troch lânmjitters fan 'e U.S. Coast and Geodetic Survey. De arsjipel waard doe ferneamd nei tsaar Aleksander II fan Ruslân. Op in lânkaart fan Russysk-Amearika dy't datearret fan 1860 stiet de eilannegroep oanjûn as de Kening George III Arsjipel. It is net dúdlik oft dy namme ea yn aktyf gebrûk west hat, mar om't George III fan Grut-Brittanje de fijân wie ûnder de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch, wie it yn elts gefal gjin akseptabele namme foar de Amerikanen.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 'e eilannen fan 'e Aleksanderarsjipel wenje goed 37.000 minsken. De befolkingstichtens bedraacht 1,1 persoan de km². De grutste plakken binne Sitka, op it eilân Baranof, dat yn 2018 8.700 ynwenners hie, en Ketchikan, op it eilân Revillagigedo, mei yn itselde jier 8.300 ynwenners. Juneau, de haadstêd fan Alaska, dat ek yn it súdeasten fan 'e steat leit, is foar it meastepart sitewearre op it fêstelân, mar inkele wiken lizze op it eilân Douglas.

De Tlingit- en Haida-Yndianen binne de oarspronklike bewenners fan 'e Aleksanderarsjipel. Leden fan in trêde folk, de Tsimsjian, wiene dêr fan oarsprong flechtlingen út Britsk-Kolumbia, dy't yn 1887 fan 'e Amerikaanske presidint Grover Cleveland tastimming krigen om har permanint op it eilân Annette te fêstigjen. Hja hawwe dêr no it Annette Island Yndianereservaat fan 'e Metlakatla Yndianemienskip, dat 332,6 km² beslacht. It is it iennichste Yndianereservaat yn hiel Alaska, mei't de grûnrjochten fan 'e lânseigen befolking dêr oer it algemien oars regele binne.

Ekonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Toerisme, fiskerij en houtkap binne de wichtichste sektoaren fan 'e ekonomy yn 'e Aleksanderarsjipel.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.