Boat

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

In boat is in fartúch dat ûntwurpen is om te driuwen op in oerflaktewetter lykas in sleat, feart, kanaal, mar of see. By sokke fartugen wurdt faak ûnderskie makke tusken in boat en in skip, wêrby't in boat behindiger is en in skip grutter. It is lykwols ûndúdlik wêr't krekt de grins lutsen wurde moat. In kotter kin dêrom sawol in 'fiskersboat' as in 'fiskersskip' neamd wurde. De oantsjutting boat wurdt tsjintwurdich lykwols faak beheind ta fartugen dy't foar de plezierfeart yn gebrûk binne. Yn marinejargon is in boat in fartúch dat lytsernôch is om oan board fan in oar fartúch mei te fieren, hoewol't omreden fan tradysje grutte ûnderseeërs dan wol wer oantsjut wurde as dûkboat. Boaten wurde faak oandreaun troch spierkrêft (mei roeirimen of in kloet) of troch in bûtenboardmotor.

Soarten boaten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.