Kano (fartúch)
In kano is in boat dy't ornaris mei in yn de hân hâlden peddels mei spierkrêft foarút giet. Kanofarren mei seilen, bomen of motors besteane lykwols ek. De term 'kano' komt fia it Portegeesk/Spaanske wurd canoa fan it wurd kenu, út 'e taal fan 'e Yndiaanske Kariben. Nei alle gedachten kaam it wurd mei Columbus nei Europa as namme foar yn it Karibysk Gebiet brûkte beamstammekano's.[1]
In spesifyk soarte fan kano is de kajak, dy't by de Eskimo's wei komt. In soad foarkommende kano neist de toerkano, ek wol Kanadeeske kano neamd, is de toerkajak.
Yn Fryslân en dêrbûten wurdt in kajak beskôge as in soarte kano. In skaaimerk fan de kano is de fan boppen min ofte mar wettertichte konstruksje en dat dit fartúch bedoeld is om mei in dûbelblêdige peddel fard te wurden wêrby't de farder mei de skonken en it antlit nei foaren ta sit.
Tichte kano's mei in inkelblêdige peddel wurde benammen brûkt yn de wyldwettersport.
In roeiboat wurdt net as kano beskôge, omdat dy mei riemen foarút giet en de farder meastentiids mei de rêch nei foaren ta sit.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|