Springe nei ynhâld

Platboaiem

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Platboaiem boat)
Platboaiem mei swurden

In platboaiem is letterlik in skip mei in platte boaiem. De term wurdt lykwols allinnich brûkt foar de histoaryske Nederlânske sylskippen dy’t gjin of suver gjin kyl hawwe.

De kenmerken binne in yn de breedte sjoen platte of likernôch platte boaiem en in kyl dy’t net of krekt ûnder it flak útstekt. In platboaiem hat ynstee fan in kyl trochgeans swurden.

Platboaiems hawwe net folle djipgong en se kinne sûnder probleem “drûchfalle". Yn tijwetters kinne se mei leech tij op in sânbank lizzend heechwetter ôfwachtsje. Yn it Waadgebiet en de Siuwske wetters waard dit faak dien troch bygelyks de skulpe-, wier- en oesterfiskers. Harren skippen hienen dêrom in swier útfierde boaiem.

Orizjinele platboaiems steane meastal ynskreaun yn it Stamboek Rûne en Platboaiemjachten. Ek de skippen fan it type rûnbou, lykas de Lemster Aak, Staverske jol en de boeier, hearre ta de famylje fan platboaiems.

Ferspriedingsgebiet

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Platboaiems binne tige geskikt foar waadgebieten en ûndjippe ûnderrinnen fan rivieren. Yn West-Europa komme se dêrom foar yn in gebiet dat rint fan de Eastsee oer it Fryske taalgebiet (ynklusyf Noard-Dútslân), de Lege Lannen (ynklusyf Belgje) en Súdeast-Ingelân oant yn de mûning fan de Teems.

Hjoeddeiske tapassings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Platboaiems wurde hjoeddedei fral op de neikommende wizen brûkt:

In soad Hollânske platboaiems, benammen eartiidske silende izeren frachtskippen, binne behâlden bleaun tanksij de opkomst fan de sjarterfeart, yn de folksmûle de Brune Fleat. Se binne dan oanpast foar de ûntfangst fan passazjiers, as in silend fakânsjeferbliuw, of soms in partyskip, dêr’t fartochten mei hâlden wurde. In gelok is al dat hjirtroch ferskate al of net kreas opknapte gruttere skippen behâlden bleaun binne. Ek binne dêrtroch op dizze skippen in tal saken ûntwikkele, al of net middels moderne materialen, dat guon dingen ek yn de moderne tiid pleatst wurde kinne. It liedt lykwols sûnder mis ta konsesjes op it mêd fan de autentikens fan it skip. Dizze skippen moatte hielendal foldwaan oan de moderne regeljouwing en harren eigners wolle der, krekt as earder harren brea mei fertsjinje. Dit fereasket oanpassings dy’t bytiden as net autentyk sjoen wurde.

Yntiids binne der in tal skippen boud dy’t neat te krijen ha mei tradisjoneel of autentyk. Dizze driuwe op de emoasjes fan klanten dy’t bygelyks ekstreem folle komfort wolle of in pirateskip.

Se wurde wolris oanpriizge mei optochte typenammen lykas "twamêst Eastsee klippertsjalk" wylst ek de wurden "autentyk" en "orzjineel" faaks op dubieuze wize brûkt wurde.

Monumintaal bedriuwsfartúch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In oare groep skipper-eigners hat syn skippen lykwols yn âlde steat as silend bedriuwsfartúch werombrocht, mei minime needsaaklike oanpassings yn ferbân mei de feilichheid. Dizze skippen binne yn Nederlân meast ynskreaun yn it Register Farrende Monuminten. Mei dizze platboaiems binne meastal ek tochten te meitsjen, sels fiskerij is mooglik. De opbringsten fan dizze foarm fan ferhier wurde brûkt om it skip als kultuerhistoarysk erfgoed te bewarjen.

Plezierfartúch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Guon wurde ek brûkt as plezierfartúch. De eigners fan dizze groep, en fan de monumintale bedriuwsfartugen, besteegje faak in ôfgryslike protte tiid, muoite en ek jild om harren skip yn goede orzjinele steat te hâlden.

Ferskate gemeentes mei in haven oan de eardere Sudersee sjogge yn dat it bieden fan in lisplak oan sokke skippen in goede saak is foar de middenstân en dat it oansjen fan de haven en de stêd der tige troch ferbetteret. Yn it ferline hat dy opstelling lykwols wolris oars west.

In grut tal eardere platboaiems wurdt brûkt as wenskip. Se lizze earne fêst foar de wâl mei minsken as bewenners der op. It is mooglik dat dizze skippen ûnder ien fan boppeneamde kategoryen falle. Der binne ek dy’t op in besteande romp in nije opbou krigen ha. Oft dit falt ûnder ferfraaiing bliuwt altyd in twistpunt. Praktysk is it oer it generaal foar it beëage doel wol.

Soarten yndield nei geografysk gebiet

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der binne ferskate soarten platboaiems mei elk eigen skaaimerken.

Aak
Skippen fan it waadgebiet, mei in rûne bou, lykas de Wieringeraak en de Lemsteraak.
Skûtsje, Boeier en Tsjotter
Skippen fan de Fryske marren, rûn, mar licht útfierd em fraai foarmjûn.
Hynst en Heechears
Skerpboude skippen fan de Siuwske wetters, mei foar mear djipgong as efter.
Skokker, Bûns en Seepunter
Skerp-boude, hoekige skippen fan de eastwâl fan de Súdersee.
Botter en Bolskip
Skippen fan de westwâl en súdwâl fan de Sudersee, folrûn en heech oan de foarkant mei in dek, en leech en iepen oan de efterkant (fage).

De ferskillen op de Sudersee hongen gear mei de ferskillen yn metoade fan fiskerij.

Soarten fan frachtfeart

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de frachtfeart op de binnenwetters binne de skippen lang en smel fan foarm mei in grut ferskaat yn útfiering en mjitte. Hjirûnder falle de types as de aak, de rivierklipper en de grutte famylje fan skûtsjes en preammen. Dy skippen binne faak boud mei in bepaald gebrûksdoel foar eagen. De ferskate mjitten en rompfoarmen hingje gear mei it fargebiet. De standertmjitten fan de fearten yn Fryslân, bygelyks hienen ynfloed op de foarm fan de skûtsjes.

De skûtsjes benammen wienen it ferfiermiddel oer wetter by útstek yn de Lege Lannen en waarden foar fan alles brûkt, fan it ferfier fan terpgrûn en stront mei it Fryske skûtsje oant persoaneferfier oer de Sudersee mei feartsjinsten as it Lemster fearskip.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]