Heechears
In heechears is in sylskip. It waard benammen brûkt yn de Siuwske fiskerij. De namme komt foar it earst foar yn de 16e iuw as in opboeid lyts frachtskipke fan de boppe Maas en de Lek en Isel. Yn de 18e iuw wie se al ûntwikkele ta in folweardich fiskersskip.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It is as type in platboaiem mei in smel flak. Kenmerkend binne fierder de rjochte foaroer hingjende stjûne, it fagde ûndjippe efterskip, de grutste djipgong lei net lykas wênst by de measte platboaiems op 1/3 fan de lingte ûnder it plak fan de mêst, mar hielendal foarlik by de oansluting fan it flak en foarstjûne. En in breed roer dat djipper gie as de efterstjûne. In bun siet der net yn.
Typen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Arnemuidenske hechears, Tholenske heechears, Kinderdijkske heechears, platte Duivelanners of neamd nei de werf dêr’t se boud wiene, heechearzen fan "De Klerk" of "Verras". In heechears mei in rûnboud efterskip waard Lemster heechears neamd.
Gebrûk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De heechears waard benammen brûkt foar de moksel- en oesterkultueren en it fiskjen op skulpen en kokkels of kokhanen. Op lytse skaal waard der mei netten mei fiske (kust en brakwetter fiskerij) mar de gruttere heechearzen waarden ek in soad brûkt as frachtfarder en lichter. Der binne troch de fam. Duivendijk en oaren ek in protte heechearzen as jacht boud yn de earste helt fan de 20e iuw
Bouwize
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De heechearzen wienen yn it earstoan allegear oernaadsk boud, mar nei om 1900 gledboardich (karveel). Oant ûngefear 1850 hienen se allegear in skerp efterskip, mar dêrnei rûn boud yn neifolging fan de Lemster aak.
Tsjintwurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Heechearzen dy’t noch farre, hearre ta de brune fleat en binne ynskreaun yn it register Rûne en Platboaiem jachten. Sûnt 1997 bestiet der in stifting dy’t nei it behâld fan de heechears stribbet.