Brune float
De brune float is de oantsjutting foar de profesjonele passazjiersfeart (sjarterfeart) yn Nederlân. De measte eigeners binne tagelyk skipper, in lytse minderheid hat twa of mear skippen. De float bestiet út mear as 500 tradisjonele sylskippen en motorskippen, dêr't yn it ferline fracht mei ferfierd waard. De âldste fan dizze skippen komme út it lêste kwart fan de 19e iuw. In soad klippers, loggers, skûtsjes en oare izeren skippen binne yn de santiger jierren 'stript' en opnij opboud. Yn de rin fan de tiid binne de skippen ûnderdeks hieltiten lúkser wurden. Mei dizze skippen kinne tsjintwurdich farfakânsjes makke wurde, fariearjend fan 1 dei oant mear as 4 wiken.
Earst gienen de eigeners sels op 'e siik nei beteljende opstappers. Letter gienen se wurkferbannen oan en lieten se dat oer oan it eigen boekingskantoar. De earste koöperaasje waard yn Starum oprjochte. It grutste boekingskantoar, mei njoggentjin minsken yn tsjinst (2010), is Naupar, in gearwurking fan de sylrederijen De Zeilvaart, Hanzestad Compagnie en Zeilvloot Lemmer-Stavoren. De float is fan rûchwei begjin april oant medio oktober yn de feart. De measte skippers beheine har ta de Iselmar en de Waadsee. De Noardsee en benammen it Dútske waadgebiet en de Eastsee binne troch strange ferbliuwseasken wat minder populêr wurden. Yn de perioade bûten it farseizoen wurde foar de kaai lizzende ien- en twamêsters soms noch brûkt foar in feest of ynsetten as hotelskip. De term ferwiist nei de oarspronklike kleur fan de seilen op dizze skippen. De kleur ûntstie troch it tanen fan de seilen mei cachou.
De measte fan dizze skippen binne fan it type platboaiem en rûnbou, mar ek oare types as de rivierklipper wurde der ta rekkene.
Faak wurde alle farrende monuminten sjoen as "brune float", mar seker net alle histoaryske skippen wurde noch beropsmjittich brûkt.
Havens fan de brune float
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Edam
- Inkhuzen
- Goes
- Harns
- Hoarn
- Kampen
- De Lemmer
- Medemblik
- Monnickendam
- Muiden
- Nes (It Amelân)
- Aldskyld (Teksel)
- Starum
- Skiermûntseach
- Flylân
- Sieriksee
- Sâltkamp
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|