Springe nei ynhâld

Wladiwostok

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Vladivostok)
Wladiwostok
Владивосток
Symboalen
Bestjoer
Lânflagge fan Ruslân Ruslân
KrajKustterritoarium
StedsdistriktWladiwostok
Sifers
Ynwennertal594.201 (2025)
Oerflak325,99 km²
Befolkingsticht.1.822 ynw./km²
Hichte12 m
Oar
Stifting2 july 1860
Postkoade690000–690999
Netnûmer+7 423
TiidsôneUTC+10
Offisjele webside
www.vlc.ru
Kaart
Wladiwostok (Ruslân)
Wladiwostok

Wladiwostok of Vladivostok (Russysk: Владивосток, letterlik 'hearsker fan it Easten') is in stêd yn en it bestjoerssintrum fan it Kustterritoarium yn Ruslân, net fier fan 'e grinzen mei Sina en Noard-Korea. Wladiwostok is it eastlik einstasjon fan it Trans-Sibearysk spoar en de thúshaven fan 'e Russyske Pasifyske Float en ek de grutste Russyske haven oan 'e Stille Oseaan. Yn 'e Sovjettiid wie de stêd ferbean foar bûtenlanners.

It gebiet dêr't hjoed-de-dei Wladiwostok leit, waard oarspronklik bewenne troch Tûngûzyske en Koreäanske folken. Under de Sineeske Yuan- en Ming-dynastyen stie it gebiet ûnder Sineeske ynfloed. Mei it Ferdrach fan Nertsjinsk (1689) waard it diel fan it Sineeske Qing-ryk.

It einstasjon fan 'e Trans-Sibearyske Spoarline.

Healwei de njoggentjinde iuw krige Ruslân de macht oer it gebiet troch it Ferdrach fan Aigun (1858) en de Konvinsje fan Peking (1860). Yn 1860 waard oan 'e Gouden Hoarnbaai de militêre post Wladiwostok stifte. Al gau groeide it plak út ta in wichtige haven en marinebasis. Yn 1880 krige Wladiwostok offisjeel stedsrjochten en ûntjoech de stêd him ta it bestjoerlike en ekonomyske sintrum fan it Russyske Fiere Easten. De oanlis fan 'e Trans-Sibearyske Spoarline, dy't yn 1891 úteinsette, joech de groei fan 'e stêd in grutte ympuls.

Yn 'e Russysk-Japanske Oarloch (1904–1905) waard Wladiwostok oanfallen troch Japanske oarlochsskippen. Ek de Russyske Revolúsje fan 1905 liet syn spoaren nei yn de stêd. Oan 'e foarjûn fan de Russyske Revolúsje fan 1917 wie Vladivostok útgroeid ta it wittenskiplik, kultureel en yndustrieel sintrum fan it Russyske Fiere Easten.

Wladiwostok yn 1919.

Nei de Oktoberrevolúsje fan 1917 waard Vladivostok beset troch troepen fan ûnder oare Japan, Grut-Brittanje en de Feriene Steaten. Yn 'e Russyske Boargeroarloch waard de stêd in bolwurk fan 'e Wite beweging en naam de befolking sterk ta troch flechtlingen út westlik Ruslân. Yn 1922 lutsen de lêste bûtenlânske troepen harren werom en naam it Reade Leger de stêd yn.

Yn 'e Sovjettiid waard Wladiwostok fierder ûntwikkele as wichtige haven- en marinebasis. Tagelyk waard de stêd in sintrum foar wittenskip, fiskerij en yndustry. Yn 'e jierren 1930 waard Wladiwostok ek in trochgongspunt foar politike finzenen dy't nei de Goelagkampen yn Kolyma ferfierd waarden.

Nei de Twadde Wrâldoarloch bleau Wladiwostok fan grut militêr belang. Om't de Stille-Oseaanfloat dêr fêstige wie, bleau de stêd desennialang sletten foar bûtenlanners. Earst yn 1992 waard Wladiwostok wer iepensteld foar bûtenlânske besikers.

De stêd is ferdield yn fiif distrikten:

Sicht op Leninski-rajon.
  • Leninski-rajon (Ленинский район): it sintrale bestjoerlike en kommersjele diel fan 'e stêd.
  • Perworetjenski-rajon (Первореченский район): benammen in wengebiet mei ek bedriuweterreinen en yndustry.
  • Pervomajski-rajon (Первомайский район): it súdlike en súdeastlike diel fan it skiereilân, mei grutte wenwiken en haven- en marinegebieten.
  • Sovjetski-rajon (Советский район): it grutste distrikt wat oerflak oanbelanget; leit yn it noarden fan 'e stêd en bestiet út ferskate foarstêden en rekreaasjegebieten.
  • Frûzenski-rajon (Фрунзенский район): it westlike part fan it stedssintrum, mei de wichtichste seehaven, it spoarstasjon en in diel fan 'e histoaryske binnenstêd.

Hoewol't de stêd op 'e selde breedte leit as Florâns en Marseille, binne de winters folle kâlder. Dat komt troch de kâlde, drûge wyn út Sibearje. Yn 'e simmer waait de wyn benammen fan see ôf en bringt dan waarme, fochtige loft mei.

De winters binne lang, kâld en sinnich. Yn jannewaris leit de trochsneed maksimumtemperatuer op –8,8 °C en de minimumtemperatuer op –16,3 °C. Der falt mar in bytsje delslach, mar snie bliuwt troch de kjeld faak lang lizzen.

De maitiid set let útein, om't de Japanske See mar stadich opwaarmet. Dêrtroch bliuwt it oant yn maaie relatyf koel.

De simmers binne myld oant waarm en fochtich. Yn augustus, de waarmste moanne, leit de trochsneed maksimumtemperatuer op 23,0 °C. It grutste part fan 'e delslach falt yn july, augustus en septimber ûnder ynfloed fan de simmermoesson.

De hjerst is meastentiids drûch, sinnich en myld en jildt as de moaiste tiid fan it jier. Septimber en begjin oktober hawwe faak stabyl waar en heldere loften.

Trochstrings falt der sa'n 800 mm delslach yn it jier. De temperatuer ferskilt sterk tusken winter en simmer, mar troch de lizzing oan 'e Japanske See binne de ekstremen minder grut as yn it binnenlân fan Sibearje.[1]

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Transfiguraasjekatedraal.
Zolotoi brêge.

Fan it âlde Wladiwostok is in soad bewarre bleaun, benammen út de tiid tusken 1880 en 1917. Oars as soad oare Russyske stêden is it histoaryske sintrum net op grutte skaal fernield troch oarloch of ferfongen troch Sovjet-heechbou.

  • Benammen oan 'e Svetlanskaja-strjitte steane noch in soad gebouwen út de lette njoggentjinde en iere tweintichste iuw, yn klassisistyske, art-nouveau- en eklektyske styl.
  • De wyk Millionka is de foar in part bewarre Sineeske wyk. Oarspronklik wie it in tichtbefolke buert mei winkels, wenhuzen en stegen. Tsjintwurdich binne in soad gebouwen restaurearre en sitte der kafees, galeryen en lytse musea.
  • It haadstasjon fan Wladiwostok út 1912 is noch altyd yn gebrûk. It foarmet it eastlike einpunt fan 'e Trans-Sibearyske Spoarline en is boud yn in styl dy't ferwiist nei it stasjon fan Moskou.
  • Om de stêd hinne lizze tsientallen forten, batterijen en tunnels út de ein fan de njoggentjinde en it begjin fan de tweintichste iuw. In part dêrfan is no museum of kin besocht wurde.
  • Yn 'e haven steane noch ferskate histoaryske pakhuzen en havengebouwen út de tiid dat Wladiwostok him ûntwikkele ta de wichtichste Russyske haven oan 'e Stille Oseaan.
  • De Transfiguraasjekatedraal is de wichtichste tsjerke fan 'e sted. De oarspronklike katedraal waard yn 'e jierren 1930 ôfbrutsen, mar nei it ynstoarten fan 'e Sovjet-Uny is de katedraal yn histoaryske styl op 'e nij boud.
  • De Nikolaaskatedraal is de âldste russysk-otterdokse tsjerke fan Wladiwostok. De tsjerke waard yn 1927 sletten en foar in grut part fernield, mar yn 'e jierren 1970 fûn in restauraasje plak.
  • Ien fan 'e moaiste tsjerken fan Wladiwostok is de roomsk-katolike tsjerke fan 'e Allerhillichste Mem Gods. De neogoatyske bakstiennen tsjerke datearret út it begjin fan 'e tweintichste iuw en waard boud foar de Poalske en Litouske katolike mienskip.
  • Foar de Dútske mienskip waard yn 1907 de Lutherske Sint-Pauluskatedraal boud. De tsjerke is restaurearre en wurdt hjoed-de-dei brûkt foar tsjinsten en konserten.

Befolkingsûntwikkeling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier18601868188418971930194019561970
Ynwennertal 412.4537.61728.933120.000215.000265.000440.889
Jier19791990200020202025
Ynwennertal 549.789640.000606.200606.561594.201

Berne yn Wladiwostok

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: