Noard-Koreä

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Noard-Korea)
Chosŏn Minjujuŭi Inmin Konghwaguk
Flagge fan Noard-Koreä Wapen fan Noard-Koreä
Flagge Wapen
Lokaasje fan Noard-Koreä
Offisjele taal Koreaansk
Haadstêd Pyongyang
Steatsfoarm Folksrepublyk
Gebiet
% wetter
120.540 km²
4,87­%
Ynwenners (2005) 22.488.000
Munt Won (KPW)
Tiidsône UTC +8:30
Nasjonale feestdei 9 septimber
Lânkoade PRK
Ynternet .kp
Tillefoan 850

Noard-Koreä, offisjeel de Demokratyske Folksrepublyk Koreä, is in lân yn it East-Aazje. De haadstêd is Pyongyang en de foarsitter fân de folksrepublyk is Kim Jong-un.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lizzing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Noard-Koreä wurdt begrinzge troch:

Lânskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Paektusanberch

Noard-Koreä omfiemet it noardlike part fan it Koreaanske skiereilân en in oantal eilannen foar it Aziatyske fêstelân. It lânskip is gruttendiels bercheftich mei piken oant 2744 meter (Paektusan) heech. Nei it westen ta rint it lân stadichoan ôf en wurdt flakker. Trochdat it berchlân goed 80% fan it totale lân beslacht is it oerflak dat beboud wurde kin, relatyf sjoen, beheind.

Yn it noarden lizze de rivieren Tumen en Yalu, dy't de grins mei Sina en Ruslân foarmje.

It klimaat is trochsneed koel mei de moesson. Yn de 2e helte fan de 20e iuw hat de yndustrialisaasje him goed trochset wêrtroch floara en fauna slim bedrige wurde.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de Twadde Wrâldkriich ferdielden de alliearden Koreä yn in (noardlike) Sowjetrussyske en in (súdlike) Amerikaanske besettingssône, dy't troch de 38ste breedtegraad skieden waard. Yn 1948 kamen yn beide sônes regearings ta stân.

Yn Noard-Koreä wie it premierskip en de lieding fan de Kommunistyske Parij sûnt 1948 yn hannen fan Kim Il Song. Yn 1972 waard hy presidint fan de republyk. Sawol mei Sina (1961) as mei de Sowjet-Uny (1961; 1967) kamen ferdraggen fan freonskip en gearwurking ta stân. De Sineeske troepen dy't Noard-Koreä stypjen hienen yn de striid tsjin de troepen fan de Feriene Naasjes (sjoch: Koreaanske Oarloch) en de Súdkoreanen, waarden yn 1958 tebek treaun. Noard-Koreä easke dêrop it fertrek fan de Amerikaanske troepen.

As Kim Il Song yn 1994 ferstjerret wurdt hy op folgen troch syn soan Kim Il Sung.

De jierren '90 yn Noard-Koreä stean foar it grut part yn it teken fan in grutte fiedselkrises dy't tusken de 2 en 3 miljoen libbens kostje sil. De oarsaak foar de krisis is de tebekrinnende stipe troch Sina en de Sowjet-Uny en minne lânbou opbrinsten.

Yn juny 2000 wurde de ekonomyske bannen tusken Noard- en Súd-Koreä oanhelle, dat ta normalisaasje fan de ferhâldings tusken beide lannen late. Lykwols rekke Noard-Koreäu fan ein 2002 wer yn in ynternasjonaal isolemint troch skeiningen fan it akkoard mei it IAEA.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Noard-Koreaanske befolking bestiet út de neisieten fan in folk dat oarspronklik yn it noardeastlike part fan Aazje wenne. Koreä hat sa goed as gjin etnyske diversiteit. It Koreaansk is de nasjonale taal.

Religy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Offisjeel jildt Koreä as in lân dêr't frijheid fan godstsjinst hearsket, de praktyk docht lykwols bliken dat religieuze aktiviteiten troch de oerheid swier bestraft wurde. Sifers fan it tal oanhingers fan de ferskillende godstsjinsten binne hjirtroch min te jaan. De wichtichste pre-kommunistyske religieuze tradysjes wurde foarme troch it boedisme, de "Gondogyo" ("Religy Fan De Himmelse Wei") en it kristendom, dêr't fral it roomsk-katolisisme hiel bot fan oanwêzich wie. De hjoeddeistige haadstêd fan Noard-Koreä stie eartiids bekend om syn protte tsjerken en kleasters mar yn distiid sitte tsientûzenen kristenen yn strafkampen.

Noard-Koreä wurdt sjoen as in lân dêr't in earnstige foarm fan kristenferfolging foarkomt. It besit fan in de bibel of oare religieus materiaal is der strang ferbean. Wa't skuldich befûn wurdt oan it yn besit hawwen fan sokssawat materiaal kin nei konsintraasjekamp stjoerd wurde. Der bestean wol inkele troch de steat goedkarde tsjerken, mar dy wurde allinnich foar propaganda-doeleinden rjochting it bûtenlân brûkt.