Japanske See
Japanske See | ||
![]() | ||
geografy | ||
lokaasje | tusken Japan, Koreä en Sibearje yn | |
koördinaten | 40°N 135°E | |
ûnderdiel fan | Stille Oseaan | |
sifers | ||
maks. lingte | 2.255 km | |
maks. breedte | 1.070 km | |
oerflak | 978.000 km² | |
djiptegemiddelde | 1.752 m | |
djipste punt | 3.742 m |
De Japanske See is in binnensee yn it westen fan de Stille Oseaan. Om de see hinne lizze de Japanske eilannen Hokkaido, Honsjû en Kjûsjû, it Russyske eilân Sachalin en fierders it Russyske en Koreaanske fêstelân.
Namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De lokale nammen fan de see binne net allegear itselde. Yn it Japansk wurdt de see Nihonkai neamd, (日本海) en yn it Russysk Japonskoje more (Японское море) wat beide oersetten wurde kin as Japanske see. Yn it Koreaansk wurdt de see lykwols Eastsee (東海) neamd (yn Noard-Koreä Eastsee fan Koreä).
Oar[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Fan de Japanske See wurdt wol sein dat it in Duvelske see is. Krekt as de Bermuda-Trijehoeke stiet er bekend om mysterieuze ferdwinings (boarne?).
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sea of Japan fan Wikimedia Commons. |