Springe nei ynhâld

Ohio (rivier)

Ut Wikipedy
Streamgebiet fan de Ohio

De rivier de Ohio is de grutste sydrivier fan de Mississippy mei in lingte fan 1579 km en in streamgebiet fan 526.000 km², op himsels al ien fan de grutste rivieren fan de Feriene Steaten.

De gearrin fan de rivieren Allegheny en Monongahela yn it sintrum fan de stêd Pittsburgh yn Pennsylvania wurdt beskôge as it begjin fan de rivier. De rivier streamt fierder troch de steaten Ohio, West Firginia, Kentucky, Indiana en Illinois, of foarmet de grins fan dy steaten. Se mûnet yn de Mississippy by de stêd Kairo yn de steat Illinois.

De foarneamste sydrivieren binne: Muskingum, Hocking, Scioto, Miami, Kanawha, Big Sandy, Kentucky (rivier), Green, Tennessee (rivier), Blue en Wabash.

De wichtichste stêden oan de Ohio binne: Pittsburgh, Louisville, Cincinnati.