Tennessee (rivier)
De Tennessee is de grutste sydrivier fan de Ohio. Hy is likernôch 1049 kilometer lang en rint yn it súdeasten fan de Feriene Steaten, yn de Tennessee Valley. De rivier hat in debyt fan sa’n 2.000 kubike meterde sekonde.
De river waard eartiids faak Cherokee neamd, mar hie ek oare nammen. De namme stammet fan it Cherokeeske doarp Tanasi.[1]
De Tennessee ûntspringt op it plak dêr't de Holston en de French Broad Rivier gearrinne, yn Knoxville. Dêrwei rint de rivier nei it súdwesten troch East-Tennessee om dêre krekt oer de grins mei de steat Mississippy te streamen en dan wer yn de rjochting fan Tennessee werom te gean. De Tennessee-Tombigbee Waterway, in kanaal fan 377 kilometer langte, ferbynt de rivier fierderop mei de Tombigbee. Dy wetterwei ferkoartet de fartiid fan Tennessee en Alabama nei de Golf fan Meksiko bot. De rivier einiget yn de Ohio.
De Tennessee Vally Authority ûnderhâldt ferskate damen yn de rivier foar ferkate doelen: it beheinen fan wetteroerlest, it meitsjen fan elektrisiteit en foar rekreaasje.
Plakken oan de Tennessee
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Plakken mei mear as 30.000 ynwenners hawwe in *.
- Bridgeport (Alabama)
- Chattanooga (Tennessee)*
- Cherokee (Alabama)
- Clifton (Tennessee)
- Crump (Tennessee)
- Decatur (Alabama)*
- Florence (Alabama)*
- Grand Rivers (Kentucky)
- Guntersville (Alabama)
- Harrison (Tennessee)
- Huntsville (Alabama)*
- Killen (Alabama)
- Knoxville (Tennessee)*
- Lakesite (Tennessee)
- Langston (Alabama)
- Lenoir City (Tennessee)
- Loudon (Tennessee)
- New Johnsonville (Tennessee)
- Paducah (Kentucky)
- Redstone Arsenal (Alabama)
- Saltillo (Tennessee)
- Savannah (Tennessee)
- Scottsboro (Alabama)
- Sheffield (Alabama)
- Soddy-Daisy (Tennessee)
- Signal Mountain (Tennessee)
- South Pittsburg (Tennessee)
- Triana (Alabama)
- Waterloo (Alabama)
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Tennessee Rivers
- (in) Kaart fan de Tennessee yn Alabama
- (in) Navigaasjekaarten fan de Tennessee
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |