Springe nei ynhâld

Skioto (rivier)

Ut Wikipedy
Rin fan de Skioto yn Ohio

De Skioto is in rivier yn midden- en súd-Ohio, goed 372km lang.[1] De rivier ûntstiet yn Auglaize County yn west-sintraal Ohio, rint dan troch Kolumbus, dêr't syn grutste sydrivier, de Olentangy der by komt en mûnet yn de Ohio by Portsmouth. De rivier is te lyts foar moderne kommersjele skipfeart. Ekonomysk is de rivier fral fan belang foar rekreaasje en drinkwetterfoarsjenning.

Dammen en wetteropslach

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der lizze twa grutten dammen yn de rivier. De Griggsdaam yn Kolumbus waard boud yn 1904-1908 om in wetterfoarried foar dy stêd te krijen. Fierder streamop, by Shawnee Hills, waard yn 1922-1925 de O'Shaughnessydaam oanlein sadat in grut wetterreservoir ûntstie dat doetiids wol "de moaiste ynlânske wetterwei fan de Feriene Steaten" neamd waard. Beide damen hat de stêd Kolumbus it behear oer.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Scioto River Valley Federation, hjir