Springe nei ynhâld

Kentucky (rivier)

Ut Wikipedy
It streamgebiet fan de Kentucky, mei de sydrivieren North Fork, Middle Fork en South Fork (18.000km²)
De Kentucky

De Kentucky River is in sydrivier fan de Ohio, mei in lingte fan 417 kilometer,[1] yn de steat Kentucky. Op de rivier en syn sydrivieren wettert it sintrale part fan de steat ôf. De bopperin giet troch de stienkoal-myn regio's fan it Cumberlandberchtme en de ûnderrin rint troch de Bluegrass regio yn it noardlike sintrale diel fan de steat. It streamgebiet fan de Kentucky beslacht sa'n 7000 kante myl en helpt sa'n iensechde fan steatsbefolking oan drinkwetter.

De rivier is net befarber boppe Slûs 4 (Lock 4) by Frankfort. De rivier hat yn totaal 14 damen dy't yn it wurk holden wurde troch en ûnder tafersjoch steane fan de 'Kentucky River Authority', in steatsynstelling. De sluzen tsjinje tsjintwurdich fral foar it yn stân hâlden fan in drinkwetterfoarried foar de stêden Lexington. Hoewol't de Lexingtonregio goed 100 mm delslach it jier hat, makket de geologyske struktuer fan it gebiet (kalkstien, karst) dat dêr relatyf in bytsje oerflaktewetter foarkomt.

Beattyville, Irvine, Richmond, Lancaster, Nicholasville, Harrodsburg, Wilmore, Versailles, Lawrenceburg en Frankfort helje harren wetter ek út de Kentucky. Der wurdt rûsd dat sa'n 700.000 minsken fan de rivier ôfhinklik binne wat wetter oanbelanget.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. U.S. Geological Survey. National Hydrography Dataset high-resolution flowline data. The National Map, rieplachte 13 juny 2011