Kodiakarsjipel

Ut Wikipedy
Kodiakarsjipel
De lokaasje fan 'e Kodiakarsjipel yn Alaska.
De lokaasje fan 'e Kodiakarsjipel yn Alaska.
polityk
soarte gebiet eilannegroep
lân Feriene Steaten
steat Alaska
borough Kodiak Island Borough
haadplak Kodiak (Alaska)
grutste plak Kodiak (Alaska)
sifers
ynwennertal ±12.000 (2010)
oerflak 13.890 km²
befolkingstichtens 0,9 / km²
oar
tiidsône UTC –9
simmertiid UTC –8
koördinaten 57°23′46″ N 153°29′00″ W

De Kodiakarsjipel (Ingelsk: Kodiak Archipelago) is in eilannegroep yn 'e Amerikaanske steat Alaska. De eilannen lizze foar de kust fan Súdwest-Alaska, yn 'e Golf fan Alaska, dy't diel útmakket fan 'e Stille Oseaan. It grutste eilân fan 'e groep is Kodiak.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Kodiakarsjipel leit yn 'e Golf fan Alaska, op in ôfstân fan sa'n 50 km foar de kust fan it súdwestlik diel fan 'e Amerikaanske steat Alaska. De seestrjitte dy't de eilannen fan it fêstelân skiedt, is de Shelikofstrjitte. Fierwei it grutste eilân fan 'e arsjipel is Kodiak, dat it op ien nei grutste eilân fan 'e Feriene Steaten is (nei Hawaï). De Kodiakarsjipel is likernôch 285 km lang fan noardeast nei súdwest en 108 km breed fan noardwest nei súdeast. De kustline fan 'e eilannen is oan alle kanten ynkurven troch fjorden.

De hiele Kodiakarsjipel beslacht in oerflak fan 13.890 km² lân. Dat wurdt foar it meastepart oerdutsen troch mingd tuskenbeiden reinwâld dêr't in protte fauna libbet, lykas de foks, de rivierotter, de harmeling, de rottekop en de Kodiakbear, de grutste ûndersoarte fan 'e brune bear. Der binne in soad lytse rivieren en beken dy't fol sitte mei fisk, en oan 'e kust tilt it op fan 'e seesûchdieren, lykas seehûnen. Der binne op 'e eilannen ek likernôch fjirtich lytse gletsjers. It Nasjonaal Natoergebiet Kodiak beslacht in grut diel fan 'e Kodiakarsjipel.

In lânkaart fan 'e Kodiakarsjipel.
Eilannen

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 'e Kodiakarsjipel wenje rûchwei 12.000 minsken. De befolkingstichtens bedraacht dêrmei 0,9 persoanen de km². It grutste plak op 'e eilannen is de stêd Kodiak, dy't goed 6.100 ynwenners hat, op it eilân Kodiak, dêr't likernôch 10.000 minsken wenje. De Kodiakarsjipel heart bestjoerlik ta it distrikt Kodiak Island Borough, dat 13.600 ynwenners hat; dêr hearre lykwols ek inkele gebieten op it fêstelân by. De oarspronklike bewenners fan 'e Kodiakarsjipel binne de Sûkpiak (Sugpiaq), in stamme fan it folk fan 'e Alûtiik (Alutiiq). Dy hearre ta it gruttere ferbân fan 'e Jûpik (Yup’ik), dat in folkekloft is dy't ûnder de Eskimo's falt.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.