Stamme

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

In stamme is yn de taksonomy it twadde nivo fan taksa. Boppe de stamme komt it nivo fan it ryk; ûnder de stamme komt it nivo fan de klasse.

Net alle stammen binne lyk. De Lidpoatigen (Arthropoda) is in stamme mei hast in miljoen soarten; de Krânsdierkes (Cycliophora) is in stamme mei mar ien soart. Foar presyzere oantsjutting fan de sibskip op dit nivo wurde ek boppestammen of ûnderstammen definiearre. By Linnaeus hjit dit nivo yn it Latyn Phylum.