Antropology

Ut Wikipedy

Antropology is de stúdzje of lear fan de minske: oer alle minsken fan alle tiid en oer alle fasetten fan it minskdom. It sintrale konsept yn de antropology is kultuer. Oars sein: dat ús soarte de keunst ûntwikkele hat om ús wrâld yn symboalen te sjen en dat we dy symboalen sosjaal oanleare en trochjaan kinne én dat we de wrâld (en ússels) op grûn fan dy symboalen feroarje kinne.

Antropology wurdt troch de American Anthropological Association (AAA) yn fjouwer gebieten ûnderferdield. Yn Noard-Amearika krije antropology studinten dan ek yn al dizze fjilden ûnderwiis, wylst yn Jeropa foar alle dielgebieten in aparte oplieding bestiet. De dielgebieten binne.

  1. Biologyske antropology of antropobiology, dy’t de minske as biologysk organisme, it gedrach fan primaten, minsklike evolúsje en befolkingsgenetika bestudearret.
  2. Linguïstyske antropology, dy’t de fariaasje yn taal troch de tiid en romte bestudearret en ek it sosjale gebrûk fan taal en de relaasje tusken taal en kultuer.
  3. Archeology, dy’t de materiële oerbliuwsels fan minsklike maatskippij bestudearret.
  4. Sosjale antropology of Kultuerele antropology is de wittenskip dy’t ûnder oaren it sosjale gedrach, de ekonomyske struktuer, en de ideology fan folken en befolkingsgroepen bestudearret.

Dêrneist binne dêr ek noch oare dielgebieten te ûnderskieden:

  1. Medyske antropology, dy’t syktes en genêswizen yn ferskillende kultueren bestudearret.
  2. Politike antropology
  3. Ekonomyske antropology
  4. Wiisgearige antropology
  5. Krimonogyske antropology, it ûntstean fan de minske mei as ûnderwerp misdied.
  6. Religieuze antropology, de ferhâlding tusken de minske en it hegere.
  7. Maritime antropology

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]