Biologyske antropology

Ut Wikipedy
Fergeliking fan plassen fan minske, sjimpansee, orang oetan en makaak

Biologyske antropology of antropobiology is de wittenskip dy't de minske as biologysk organisme, it gedrach fan primaten en de minsklike evolúsje bestudearet. Fysyske antropology omfettet in sawat einleas ferskaat oan ûndersyksgebieten: de evolúsje fan de minske en oare primaten, de fysike oanpassings fan de minske oan miljeuferoarings, de feroaringen yn it patroan fan it tanimmen fan de minske troch de iuwen hinne, it grutte ferskaat yn uterlik fan de minskheid, de syktelear oangeande minsklike oerbliuwsels út de âldheid (de saneamde paleopatology), de gerjochtlike / forensyske antropology, de lear fan de fuortbeweging en it gedrach fan primaten.