Clan

Ut Wikipedy

In clan[1] is in kloft minsken, dy't mei inoar ferbûn binne, troch fan sibskip en ôfstamming. Somtiden kinne ek lytsere, ynearsten net besibbe famyljes opnaam yn it clanferbân.

Clans wurde foar it gemak ek wol omskreaun as subgroepen fan stammen, wat net altyd kloppet. Meastentiids besteane klans út 7.000 oant 10.000 minsken. It wurd "clan" komt fan it Skotsk-Gaelyske wurd "clann", wat "famylje" of "bern" betsjut.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Visser, W., Frysk Wurdboek: Nederlânsk-Frysk, Drachten/Ljouwert, 1985 (Utjouwerij A.J. Osinga/Fryske Akademy), ISBN 9 06 06 64 418, s. 128.