Cook Inlet

Ut Wikipedy
Cook Inlet
geografy
type wetter baai
lokaasje súdkust fan Alaska
lân Feriene Steaten
steat Alaska
koördinaten 60°20′16″N 151°52′30″W
ûnderdiel fan Golf fan Alaska
sifers
maks. lingte 290 km
maks. breedte 80 km
oerflak 12.000 km²

De Cook Inlet (Tanaina: Tikahtnu) is in see-earm of grutte baai oan 'e súdkust fan 'e Amerikaanske steat Alaska, dy't hydrografysk diel útmakket fan 'e folle gruttere Golf fan Alaska. It wetter foarmet in wichtige rûte foar de skipfeart, mei't de grutte stêd Anchorage oan 'e noardlike útein leit. De Cook Inlet is ferneamd nei de bekende achttjinde-iuwske Britske ûntdekkingsreizger James Cook.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Cook Inlet is in see-earm fan 'e Golf fan Alaska dy't út it suden wei djip yn it fêstelân fan 'e Amerikaanske steat Alaska op snijt. Dêrby skiedt it wetter it grutte Kenai-skiereilân, yn it easten, fan Súdwest-Alaska, yn it westen. De Cook Inlet hat in oerflak fan rûchwei 12.000 km². Op it breedste punt mjit dit wetter 80 km, en op it langste punt 290 km. Oan 'e noardlike útein mûnet de rivier de Susitna yn 'e Cook Inlet út. Krekt foarby dat punt spjalt de see-earm him yn twaen: de Knik Arm giet fierder yn it lân op nei it noardeasten, oant it punt dêr't de rivier de Matanuska deryn útkomt.

De Cook Inlet sjoen fan 'e mûning fan 'e Kachemakbaai.

De Turnagain Arm rint rjocht nei it easten, en snijt sa hast it Kenai-skiereilân ôf fan it fêstelân fan Alaska. De Turnagain Arm hat it grutste tijferskil yn 'e Feriene Steaten, mei in ûnderskie fan 9,2 m tusken êb en floed. Dat is dêrmei it op trije nei grutste tijferskil yn 'e wrâld, nei dat fan 'e Baai fan Fundy (11,7 m), tusken Nij-Breunswyk en Nij-Skotlân, de Ungavabaai (9,8 m), yn noardlik Kebek, en it Bristolkanaal yn it Feriene Keninkryk (9,6 m). Op it lân tusken de Knik Arm en de Turnagain Arm yn leit Anchorage, de grutste stêd fan Alaska. Sadwaande is de Cook Inlet in wichtige rûte foar de skipfeart.

Oan 'e súdlike ein komt de Cook Inlet út yn in fjouwertal seestrjitten fan 'e Golf fan Alaska: de Chugach Passage (dy't tusken de Chugacheilannen en de súdpunt fan it Kenai-skiereilân troch rint), de Kennedy Entrance (tusken de Chugacheilannen en de Barreneilannen yn), de Stevenson Entrance (tusken de Barreneilannen en de Kodiakarsjipel), en de Shelikofstrjitte (tusken de Kodiakarsjipel en it fêstelân fan Súdwest-Alaska). De Cook Inlet omfiemet ferskate eilannen, lykas Kalgin en Augustine. Ek meitsje ferskate lytsere baaien diel út fan it wetter, wêrûnder de Kamishakbaai, foar de kust fan Súdwest-Alaska, en de Kachemakbaai, dy't yn it súdwesten fan it Kenai-skiereilân opsnijt. It ûntwetteringsgebiet fan 'e Cook Inlet beslacht sa'n 100.000 km² fan Súdlik Sintraal-Alaska, alhiel oan it Alaskaberchtme en de Denali, de heechste berch fan Noard-Amearika, ta. Yn dat gebiet wenje sa'n 400.000 minsken, wêrfan hast trijefearns (292.000) yn Anchorage.

De Turnagain Arm.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjin 'e tiid dat de earste Jeropeänen yn 'e midden fan 'e achttjinde iuw de Cook Inlet oandiene, waarden de kusten fan 'e see-earm bewenne troch de Tanaina (Tanaina of Dena’ina), in Yndiaansk folk dat in Atapaskyske taal sprekt. Dy earste Jeropeänen wiene Russyske pelskeaplju. Yn 1786 stifte Stepan Zaikov in hannelspost oan 'e kust fan it Kenai-skiereilân, op it plak dêr't de rivier de Kenai yn 'e Cook Inlet útmûnet, dy't er Fort Nikolajev neamde. De Russen setten de lânseigen befolking fan Alaska yn om foar harren te jeien. Fral etnyske Aleoeten fan 'e Aleoetenarsjipel en etnyske Alûtiik (Alutiiq) fan 'e Kodiakarsjipel waarden dêrfoar brûkt. De alsa ferkrigen pelzen fan benammen de see-otter waarden yn Ruslân foar hege prizen ferkocht.

Geandewei de twadde helte fan 'e achttjinde iuw waard de Cook Inlet ek besocht troch oare Jeropeänen. Sa foarme in ferkenning fan 'e see-earm yn 1778 ûnderdiel fan 'e trêde en lêste ekspedysje nei de Stille Oseaan fan 'e ferneamde Britske ûntdekkingsreizger James Cook. Dyselde wie op 'e siik nei de Noardwestpassaazje, en wie teloarsteld doe't er ta de konklúzje kaam dat de see-earm 'dearûn'. By in besyk oan 'e Russyske pelskeapman Gerasim Izmailov yn Unalaska, op 'e Aleoeten, waard Cook bejeftige mei lânkaarten fan dy eilannegroep, fan 'e súdkust fan Alaska en fan it Sibearyske Kamtsjatka-skiereilân. Troch dy kaarten te kombinearjen mei de ynformaasje dy't se sels sammele hiene, koene Cook-en-dy de earste Mercatorprojeksje fan 'e noardlike Stille Oseaan gearstalle. Yn 1794 waard de Cook Inlet nei James Cook ferneamd troch de Britske ûntdekkingsreizger George Vancouver, dy't by de ekspedysje fan 1778 ûnder Cook tsjinne hie.

De Cook Inlet sjoen fanôf Clam Gulch, op it Kenai-skiereilân.

Op 5 jannewaris 1910 litte de S.S. Farallon, in houten passazjiersskip fan 'e Alaskan Steamship Company, skipbrek yn 'e Cook Inlet nei't it skip op it rif Black Reef rûn wie. Alle 38 opfarrenden (allegear manlju) oerlibben de ramp, hoewol't se har yn 'e strange Alaskaanske winter 29 dagen lang sjen moasten te behelpen ear't se rêden waarden. De Cook Inlet waard doedestiden net troch in protte blanken oandien. De iennichste bewenners fan 'e kusten fan 'e see-earm wiene doe de Tanaina; tsjintwurdich binne de ynwenners fan it doarp Eklutna de ôfstammelingen fan 'e bewenners fan acht ûnderskate oarspronklike doarpen oan 'e bopperin fan 'e Cook Inlet. Pas nei't yn 1915 it spoar fan 'e Alaska Railroad by de eastlike iggen fan 'e Turnagain Arm en de Knik Arm lâns oanlein wie, waard it gebiet ûntsletten foar kolonisaasje troch de blanken.

By de grutte ierdbeving fan 1964 kaam de krite oan 'e útein fan 'e Turnagain Arm by Girdwood en Portage troch fersakking ynienen 2,4 m leger te lizzen as earder. Dat betsjutte dat de beide doarpen tenei by heech tij derûnder strûpten. Girdwood waard neitiid ferpleatst nei heger leine grûn, wylst Portage opjûn en ferlitten waard. Ek in stik fan 32 km fan 'e Seward Highway sonk by de ierdbeving fan 1964 ûnder it floednivo fan 'e Turnagain Arm. De autosneldyk en syn brêgen waarden tusken 1964 en 1966 ferhege en werboud.

Fauna[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e Cook Inlet libbet in isolearre populaasje fan 'e wite dolfyn, ek bekend as de belûga. Troch syn lange isolaasje fan 'e rest fan 'e soarte hat dy groep him ûntjûn ta in genetysk ôfwikende ûndersoarte. Yn 2005 wiene der 278 fan dizze bisten, en sadwaande stiet de wite dolfyn fan 'e Cook Inlet op 'e Reade List fan 'e IUCN oanjûn as krityk bedrige yn syn fuortbestean. As oarsaken dêrfoar komme (oer)bejaging yn it ferline en de ynfloed fan 'e drokke skipfeart yn oanmerking.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.