Springe nei ynhâld

Anchorage (Alaska)

Ut Wikipedy
Anchorage
Emblemen
            
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Alaska
Borough Anchorage
Sifers
Ynwennertal 298.610 (2012)
Oerflak 5.099 km² (ynkl. wetter)
4.415 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 66,1 / km²
Stêdekloft 380.821 (2012)
Hichte 31 m
Oar
Stifting 1914
Tiidsône UTC-9
Simmertiid UTC-8
Koördinaten 61°13′0″N 149°53′37″W
Offisjele webside
www.muni.org
Kaart
Anchorage (Alaska)
Anchorage
De lizzing fan Anchorage yn Alaska.

Anchorage (Ingelsk foar "ankerplak") is de grutste stêd fan 'e noardlike Amerikaanske steat Alaska, en de noardlikste Amerikaanske stêd fan boppe de 100.000 ynwenners. It leit oan 'e Cook Inlet (in seeëarm), yn it midsuden fan Alaska, om 'e 61° noarderbreedte hinne, justjes noardliker as de Noarske haadstêd Oslo. Anchorage hat binnen Alaska de status fan feriene en selsregearjende gemeente, en de borough fan Anchorage (Alaska hat gjin countys mar boroughs) is synonym oan 'e gemeente, sadat der gjin oerheidsnivo bestiet tusken stêd en steat yn. Neffens in offisjele skatting út 2012 hie de stêd doe krapoan 300.000 ynwenners (oftewol mear as 40% fan alle Alaskanen); as alle foarstêden meirekkene wurde, komt de befolking fan Anchorage as stêdekloft út op goed 380.000 minsken. Hoewol't it dêrmei fierwei de grutste stêd fan Alaska is, is it net de haadstêd; dat is Juneau, dat 1000 km op nei it súdeasten leit.

Oars as alle oare grutte plakken yn Alaska besuden it Brooks-berchtme is Anchorage ûntstien noch as fiskersdoarp, noch as mynboustedsje. Oant it begjin fan 'e tweintichste iuw wiene der inkeld guon delsettings fan 'e Dena'ina-Yndianen en wolteld twa blanke kolonisten yn 'e krite te finen. Yn 1914 waard it "ankerplak" frijwol by tafal troch de Alaska Engineering Commission útkeazen as in tafierhaven foar materieel dat nedich wie foar de oanlis fan in spoarline dy't letter bekend kaam te stean as de Alaska Railroad. Unbedoeld groeide dy tafierhaven út ta net allinnich in bewenne plak, mar ta de grutste stêd fan hiele Alaska. Anchorage krige yn 1920 offisjeel de status fan stêd; it hie doe krapoan 1.900 ynwenners.

De ierdbeving fan Alaska út 1964 ferwoastge grutte parten fan Anchorage.

Yn 'e tweintiger en tritiger jierren koe Anchorage ekonomysk sjoen eins inkeld bestean troch it spoar. Fan 'e jierren tritich oant de jierren fyftich fûn der in wiere befolkingseksploazje plak (fan 3.500 yn 1940 nei goed 44.000 yn 1960) troch it beskikber kommen fan ferfier troch de loft en om't der troch de oanlis fan militêre bases yn 'e omkriten fan Anchorage grutte wurkgelegenheid yn it gebiet ûntstie. Op Goede Freed 27 maart 1964 feroarsake de op ien nei swierste ierdskodding dy't ea metten is (fan 9,2 op 'e Skaal fan Richter) grutte fernielings yn 'e stêd. Yn hiele Alaska kamen dy deis 115 minsken om en waard yn hjoeddeisk jild foar $2,3 miljard skea oanrjochte. De hiele fierdere sechstiger jierren wie Anchorage besteld mei weropbou.

Yn 1968 waard der foar de Noardalaskaanske kust, by Prudhoe Bay, oalje ûntdutsen, en fan 'e dêropfolgjende opgong fan 'e ekonomy profitearre ek Anchorage, dat in krúsjaal punt op 'e oan- en ôffierrûte nei in noarden foarme. Fannijs fûn der in befolkingseksploazje plak, fan 48.000 yn 1970 nei krapoan 175.000 yn 1980. Yn 1975 waarden de stêd Anchorage en de gruttere borough Anchorage bestjoerlik gearfoege. Yn 'e jierren tachtich sette de befolkingsgroei troch, oant 226.000 yn 1990. Sûnt mids santiger jierren geane der om 'e safolle tiid stimmen op om 'e steatshaadstêd fan Alaska te ferpleatsen fan Juneau nei de omkriten fan Anchorage. Yn 1976 hie it echt wêze sillen, mar it plan waard fuortstimd doe't bliken die dat der $2,8 miljard foar nedich wie. Sûnt is it by los praat bleaun.

Anchorage hjoed de dei

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hjoed de dei foarmet Anchorage ûnderdiel fan in mânsk yndustrygebiet en is it teffens in definsjesintrum fan belang. De pleatslike ekonomy stipet fral op trochfier, de Amerikaanske Striidkrêften, de tsjinstesektor, toerisme, mynbou en raffinaazje-yndustry. Hoewol't Juneau de steatshaadstêd fan Alaska is, residearret it grutste part fan 'e steatsoerheidstsjinsten feitliks yn it folle sintraler leine Anchorage. Oangeande loftfeart en berikberens wurdt de stêd betsjinne troch de Ted Stevens Anchorage Intenational Airport, dy't op it mêd fan frachtferfier it op twa nei grutste fleanfjild fan 'e wrâld is, nei Hongkong en Memfis yn Tennessee. De haven fan Anchorage ûntfangt fierders 95% fan alle oer see ynkommende fracht bestimd foar Alaska.

Anchorage by sinne-ûndergong.

De measte toeristen komme nei Anchorage ta foar bestimmings bûten de stêd, lykas it Kenai-skiereilân, yn it suden, dat tige populêr is ûnder angelders, en it ferneamde Nasjonaal Park Denali, op nei it noarden. Yn 'e stêd sels binne museä te besykjen as it Alaska Native Heritage Center (it "Lânseigen Erfskipsintrum fan Alaska"), dat ferline en hjoed fan 'e lânseigen folken fan 'e steat beljochtet; it Alaskaansk Natoerhistoarysk Museum (AMNH), oer de Alaskaanske natoer; en it Alaska Aviation Heritage Museum, oer de skiednis fan 'e loftfeart yn Alaska. As it arsjitektoanysk wichtichste gebou fan 'e stêd jildt it stedssikehûs út 1924, ûntwurpen troch Frank Lloyd Wright, mei syn fraaie art deko-ûntfangsthal. Mar it bekendst is Anchorage om't der elts jier de start plakfynt fan 'e spektakulêre Iditarod Trail Sled Dog Race (oftewol koartwei de Iditarod, útspr.: "Aididderod"). Dat is in trijedeiske slidehûnewedstryd oer trije tiidmetten ôfstannen fan 25½ myl (±41 km; yn totaal dus sa'n 123 km), dy't yn febrewaris, faak ûnder barre waarsomstannichheden, holden wurdt en ynternasjonale belangstelling lûkt.

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe 26,0% fan 'e ynwenners fan Anchorage jonger as achttjin jier, wylst 7,2% boppe de 65 jier wie. Fan 'e totale befolking bestie 50,8% út manlju en 49,2% út froulju. Dat hâldt inoar dus noch ridlik yn lykwicht. Op it plattelân fan Alaska leit it persintaazje manlju folle heger as dat fan froulju. Fan alle húshâldings yn Anchorage bestie yn 2010 34,3% út ien persoan, en fan 'e totale befolking libbe 7,9% ûnder de earmoedegrins.

De haven fan Anchorage.

Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oanbelanget, dy wie doe sa: 62,6% blanken; 7,6% Latino's (mei as grutste groep 3,9% Meksikanen); 8,1% Aziaten (mei as grutste groep 3,3% Filipino's); 5,6% swarten; 7,9% Yndianen, Inûyt en Aleoeten; 2,0% Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs (mei as grutste groep 1,4% Samoänen), 6,2% oaren of fan mingd etnysk komôf. De measte blanken wiene fan Dútsk (17,3%), Iersk (10,8%), Ingelsk (9,1%), Skandinavysk (6,9%) of Frânsk/Frânsk-Kanadeesk (5,6%) etnysk komôf. Wat taal oangie, spriek 82,7% fan 'e Anchoragers thús allinne mar Ingelsk; de twadde taal wie Spaansk, sprutsen troch 4,5%, en de trêde Filipynsk (Tagalog), dat sprutsen waard troch 2,5%. Fierders spriek 1,4% in lânseigen taal.

Berne yn Anchorage

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dierlike Anchoragers

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Njonken de minsklike befolking hat Anchorage ek oare ynwenners: likernôch 250 swarte bearen, 60 grizzlybearen en 30 wolven libje binnen de beboude kom. Ek elanden komme rûnom foar. De simmerpopulaasje leit om 'e 250 hinne, mar by 't winter waakst dat oan ta in stik as 1.000. Behalven dat se in gefaar yn it ferkear binne (elts jier komme likernôch hûndert elanden om yn ferkearsûngemakken), binne se ek territoriaal, en kinne se minsken oanfalle dy't har al of net mei sin te ticht yn harren neite weagje; de lêste jierren hawwe der twa gefallen west fan minsken dy't troch elanden deawâde binne.

In eland yn in tún yn Anchorage.

Ek de bearen binne fansels gefaarlik foar minsken, al witte de lju dat se dêr by út 'e buert bliuwe moatte; elanden wurde troch toeristen noch gauris as "aaiber" beskôge (echte Anchoragers witte wol better). De wolven hawwe minsken noch nea wat dien, mar bite inkeld wol hûnen dea, mei't se dy as ynkringers yn harren territoarium sjogge. Ek berchgeiten, dallskiep, foksen, bevers en lynksen binne geregeldwei yn Anchorage te sjen.

Anchorage hat in subarktysk lânklimaat, mar troch de lizzing oan see is it waar der in stik mylder as yn it binnenlân fan Alaska. It is ferlykber mei it klimaat fan 'e Sweedske haadstêd Stokholm. De kâldste moanne is jannewaris, mei in trochsneed deitemperatuer fan –5,2 °C, wylst de waarmste moanne july is, mei in trochsneed temperatuer oerdeis fan 18,6 °C. Anchorage hat in froastfrij groeiseizoen fan trochinoar 101 dagen jiers. Rekôrtemperatueren wiene –38,9 °C op 3 febrewaris 1947 en 30 °C op 25 juny 1953. Wat delslach oangiet, dêrfan falt der yn in trochsneed jier 422,3 mm, mei dêrfan oer de hiele winter ferdield 191,7 sm snie. Om't Anchorage deunby aktive fulkanen leit, kinne wolken fan útstate fulkanyske jiske der noch wolris swierrichheden foar de loftfeart feroarsaakje.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes and references en Further reading, op dizze side.