Myl

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Romeinske mylpeal

Myl is in lingte-ienheid. Fan oarsprong is it in Romeinske ienheid, eigentlik mille passus, tûzen stappen. Derby telden de Romeinen stappen mei deselde fuot, dat it wie in ôfstân fan tûzen dûbelde stappen. Ek nei de Romeinske tiid waarden reisôfstannen faak yn milen opjûn. Lykwols binne der yn de rin fan de tiid ferskillende milen kaam, elts mei in oare ôfstân. Yn it metrike stelsel binne dy milen ferfongen troch de kilometer, dy't dus eigentlik de moderne myl is en eartiids ek wol sa neamd waard.

Ferskate milen binne:

  • in Romeinske myl, eigentlik mille passus, tûzen dûbeldstappen (1.478 m)
  • in âlde Nederlânske maat, sjoch myl (Nederlân).
  • in (ferâldere) namme út it Nederlânsk metryk stelsel foar de kilometer
  • in Frânske myl (mille), lyk oan 1000 toise wat oarspronklik likernôch 1.800 m wie, en nei de revolusje sa'n 1.949 m.
  • in Ingelske myl, 1.609,344 meter
  • de U.S. survey-myl, 1609,347 meter, wat mar trije mm mear as as de Ingelske myl.
  • in geografyske myl (7.400 m) (1/15 fan in breedtegraad fan de ierde)
  • in seemyl (1,852 km) (in kwart fan de geografyske myl), brûkt yn de loft- en seefeart
  • in Noarsk-Sweedske myl fan 10 km
  • in Deenske myl fan ± 7,5 km
  • in metryske mijl (yn sporten as atletyk en reedriden) fan 1500 m
  • in Belgyske myl of in ôfstân fan 5 kilometer

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]