Springe nei ynhâld

Memphis (Tennessee)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Memfis (Tennessee))
Memphis
Emblemen
         
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Tennessee
County Shelby County
Sifers
Ynwennertal 655.155 (2012)
Oerflak 839,2 km² (ynkl. wetter)
816 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 898,6 / km²
Stêdekloft 1.316.100 (2010)
Hichte 103 m
Oar
Stifting 1819
Tiidsône UTC -6
Simmertiid UTC -5
Koördinaten 35°07′03″N 89°58′16″W
Offisjele webside
www.memphistn.gov
Kaart
De lizzing fan Memphis yn Shelby County en yn 'e steat Tennessee.

Memphis (útspr.: ['mɛmfɪs], likernôch: "memfis") is de grutste stêd fan 'e súdlike Amerikaanske steat Tennessee en teffens de grutste stêd oan 'e rivier de Mississippy. Fierders is it it haadplak fan Shelby County en nimt it op 'e ranglist fan 'e grutste stêden fan 'e Feriene Steaten it tweintichste plak yn. Memphis leit yn 'e uterste súdwesthoeke fan Tennessee, dêr't dat yn it suden grinzget oan 'e steat Mississippy. Yn it westen foarmet de rivier de Mississippy de grins mei Arkansas. Neffens in offisjele skatting út 2012 hie Memphis doe goed 655.000 ynwenners. As alle foarstêden meirekkene wurde, dy yn 'e steat Mississippy ynbegrepen, dan komt de stêdekloft mei Memphis as sintrum út op in befolking fan mear as 1,3 miljoen minsken. Memphis stiet fral bekend om't Graceland der stiet, it hûs fan rock n' roll-leginde Elvis Presley, en om't it de stêd is dêr't yn 1968 de swarte boargerrjochte-aktivist dû. Martin Luther King deasketten waard.

Om't it in aardich grut klif oan 'e Mississippy beslacht, wurdt it plak dêr't Memphis no leit al tûzenen jierren bewenne. Yn it foarrige milennium wie der earst in delsetting fan 'e Mississippiaanske Kultuer, wylst de krite letter yn 'e hannen kaam fan 'e Tsjikkesôf-Yndianen. De earste Jeropeaan dy't it gebiet oandie, wie de Spaanske ûntdekkingsreizger Hernando de Soto, yn 1541. Yn 1795 kocht Manuel Gayoso de Lemos, de gûverneur fan 'e Spaanske koloanje Louisiana, op 'e eastigge fan 'e Mississippy lân oan fan 'e Tsjikkesôf, en liet op it plak fan Memphis it Fort San Fernando de las Barrancas oanlizze. Twa jier letter, yn 1797, moasten de Spanjerts dat alwer opjaan, doe't neffens it Pinckney-Ferdrach de Mississippy oanwiisd waard as de grins tusken de Feriene Steaten en Spaansk Louisiana. Yn 1796, doe't Tennessee tatrede ta de Amerikaanske Uny, hie de kolonisaasje de westpunt fan 'e nije steat noch net berikt.

Graceland, de filla fan Evis Presley.

Memphis waard yn 1819 stifte troch John Overton, James Winchester en de lettere Amerikaanske presidint Andrew Jackson. De delsetting waard ferneamd nei Memfis, in stêd oan 'e Nyl, dy't yn 'e Aldheid de haadstêd fan Egypte west hie. Yn 1826 krige Memphis yn Tennessee de status fan stêd. Geandewei de njoggentjinde iuw ûntjoech Memphis him ta in oerslachplak foar hannelswaar, fanwegen syn oerstreamingsfrije lokaasje op in klif heech boppe de Mississippy. Dêrnjonken wie de stêd ek wichtich foar de hannel yn 'e negerslaven dêr't it Amerikaanske Suden ferlet fan hie om syn katoenekonomy draaiende te hâlden. Yn 1857 waard it spoar fan Memphis nei Charleston, oan 'e kust fan Súd-Karolina, foltôge. Dat wie de iennichste east-westspoarferbining yn it Suden foar de Boargeroarloch.

Doe't de Amerikaanske Boargeroarloch yn 1861 útbriek, skate Tennessee him mei tsien oare steaten ôf om 'e Konfederearre Steaten fan Amearika te foarmjen. Memphis wie koarte tiid in Konfederearre bolwurk, oant it yn juny 1862 fan 'e Mississippy ôf ferovere waard troch Noardlike kanonnearboaten. Dêrnei bleau de stêd de rest fan 'e oarloch, oant 1865, beset gebiet. De Noardliken leine der in wapendepo oan. De Súdlike generaal Nathan Bedford Forrest streupte de omkriten fan 'e stêd ôf en lokke sa fûleindige gefjochten mei de besetters út. Memphis rekke sadwaande oer lân isolearre, mar mei't it oer de rivier befoarriede wurde koe, skeaten de Súdliken dêr neat mei op.

Nei de Boargeroarloch hie de befolking fan Memphis yn 'e 1870-er jierrren slim te lijen ûnder in rige útbraken fan 'e giele koarts. Yn 1878, doe't de epidemy op syn slimst wie, rekke de stêd suver ûntfolke, mei't trije fearn fan 'e ynwenners stoar of flechte. Dêrtroch sakken de ynkomsten út 'e ûnreplikgoedbelesting alhiel yn, en dat makke dat de stêd net mear oan syn skulden foldwaan koe. Fan gefolgen ferlear Memphis dat jiers syn stedsrjochten, dy't it pas yn 1893 weromkrige.

It Lorraine Motel, dêr't yn 1968 Martin Luther King deasketten waard.

Yn 'e tweintichste iuw waard Memphis tusken de 1910-er en 1950-er jierren regearre troch in korrupte politike kliber dy't laat waard troch E.H. Crump, better bekend as "Boss" Crump. Lykwols waard der yn dy perioade wol wat berikt. Sa liet it stedsbestjoer, dat wisberet wie dat de stêd nea wer it slachtoffer wurde soe fan in epidemy, in rigoereus rioel- en ôffiersysteem ûntwikkelje. Fierders fûn der hiel wat renovaasje plak, wêrby't bygelyks in hiel netwurk fan parken en oare publike wurken oanlein waarden.

Nei de Twadde Wrâldoarloch kaam Memphis bekend te stean om syn muzyk. Ferskate muzyksjenres ûntstiene yn Memphis of waarden sterk troch de stêd beynfloede, lykas soul, blues, gospel, rock n' roll, crunk en country en western. Sjongers en muzikanten as Jerry Lee Lewis, Johnny Cash, Elvis Presley, Roy Orbison, Otis Redding, Muddy Waters en B.B. King makken allegear yn 'e fyftiger en sechtiger jierren karriêre yn Memphis. Elvis Presley stoar der ek (of net, as men guon fan syn leafhawwers leauwe moat), en syn filla Graceland waard ta in soarte fan beafeartsoard foar syn fans.

De Hernando de Soto Bridge oer de Mississippy.

Yn 'e sechstiger jierren waard Memphis ien fan 'e plakken dêr't de striid fan 'e Swarte Boargerrjochtebeweging him konsintrearre, lykas by de Rioelwurkersstaking fan Memphis. Op 4 april 1968 waard de lieder fan 'e beweging, dû. Martin Luther King, op it balkon fan it Lorraine Motel yn Memphis deasketten , in dei nei't er yn 'e Mason Temple-tsjerke yn 'e stêd syn profetyske taspraak I've Been to the Mountaintop jûn hie. Neffens de offisjele lêzing wie de dieder James Earl Ray, dy't ek foar de moard feroardiele is en syn fierdere libben yn 'e finzenis trochbrocht, mar dêr besteane oant op 'e dei fan hjoed twifels oer, sels by King syn famylje.

Memphis hjoed de dei

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hjoed de dei hat Memphis mei it Memphis International Airport de op ien nei drokste frachtlofthaven fan 'e wrâld (nei Hongkong). Foar in grut part is dat te ferklearjen trochdat yn Memphis it bedriuw FedEx Express fêstige is, de grutste pakketteferfierder fan 'e Feriene Steaten. Wat besjensweardichheden yn 'e stêd oangiet, springe trije dingen derút. Yn it foarste plak is der fansels Graceland, it eardere hûs fan Elvis Presley. Dat is ien fan 'e meast besochte huzen yn Amearika, wêrby't it inkeld it Wite Hûs foar him dulde moat. Jiers komme dêr 600.000 minsken oer de flier, en dy kinne behalven Presley syn hûs ek syn beide fleantugen en syn grutte auto- en motorsamling besichtigje. Oard is der it National Civil Rights Museum ("Nasjonaal Boargerrjochtemuseum"), dat fêstige is yn it eardere Lorraine Motel, dêr't Martin Luther King yn 1968 fermoarde waard. Besikers kinne dêr net inkeld mear oan 'e weet komme oer King sels en syn ferstjerren, mar teffens oer de hiele Swarte Boargerrjochtebeweging. En trêd is der dan noch it Memphis Brooks Museum of Art, oprjochte yn 1916, dat de grutste keunstkolleksje fan hiele Tennessee hat, mei de klam op wurken út 'e Italjaanske Renêssânse en Barok, fan Britske en Frânske ympresjonisten, en fan tweintichste-iuwske keunstners.

Wat de etnyske opbou fan 'e befolking fan Memphis oangiet, wie dy neffens de gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 sa: 61,4% swarten; 32,2% blanken; 3,0% Latino's; 1,5% Aziaten; 0,2% Yndianen; 1,7% oaren of fan mingd etnysk komôf. It trochsneed ynkommen fan in húshâlding yn Memphis wie $32.285 jiers, en it trochsneed ynkommen fan in gesin $37.767. Likernôch 20,6% fan 'e totale befolking, 15,4% fan 'e lju boppe de 65, en 30,1% fan 'e jongerein ûnder de 18 libbe ûnder de earmoedegrins. It Amerikaanske Folkstellingsburo beskôge Memphis as de earmste stêd yn 'e Feriene Steaten.

It stedhûs fan Memphis.

Berne yn Memphis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Memphis hat in subtropysk klimaat, mei fjouwer dúdlik ûnderskate jiertiden. Winterdeis komt it waar om bar út it noarden, fan 'e Grutte Flakten ôf, of út it suden, boppe de Golf fan Meksiko wei, wat hommelse en drastyske waarsferoarings ta gefolch hat. By 't simmer is it waar minder wif, mei't it dan út Teksas oandriuwen komt (tige hjit en near), of wer fan 'e Golf ôf komt (tige near en hjit). De waarmste moanne fan it jier, july, hat in trochsneed deitemperatuer fan 33,1 °C, wylst dat yn 'e kâldste moanne, jannewaris, 9,9 °C is. Snie falt by 't winter mar sporadysk, mei yn trochsneed oer it hiele seizoen mar 9,9 sm. Izel komt mear foar en is folle gefaarliker. Ferheftich swierwaar en stoarmen kinne it hiele jier troch foarkomme, mei soms in tornado derby. De trochsneed jierlikse hoemannichte rein is 1.360 mm. Rekôrtemperatueren wiene 42 °C op 13 july 1980 en –25 °C op 24 desimber 1963.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.