Springe nei ynhâld

Ginnifer Goodwin

Ut Wikipedy
Ginnifer Goodwin
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte nammeJennifer Michelle Goodwin
nasjonaliteit Amerikaansk
berne22 maaie 1978
berteplakMemphis (Tennessee)
etnisiteit Ingelsk
Joadsk
Welsk
jierren aktyf2000 – no
offisjele webside
Ginnifer Goodwin op Twitter

Ginnifer Goodwin (echte namme: Jennifer Michelle Goodwin; Memphis, 22 maaie 1978) is in Amerikaansk film-, tillefyzje-, toaniel- en stimaktrise. Hja is it bekendst wurden mei rollen yn 'e tillefyzjesearjes Big Love en Once Upon a Time. Fierders liende se har stim oan it haadpersonaazje Judy Hopps yn 'e Disney-tekenfilm Zootopia en oan Fawn yn Tinker Bell and the Legend of the NeverBeast. Ek spile se yn films as Mona Lisa Smile, Walk the Line, He's Just Not That Into You en Killing Kennedy.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Goodwin waard yn 1978 berne yn Memphis, yn 'e Amerikaanske steat Tennessee. Har heit, Tim Goodwin, wie foar syn pinsjonearring muzykprodusint, wylst har mem, Linda Kantor, in leararesse wie dy't húsfrou waard om 'e bern grut te bringen, en dêrnei by FedEx en Apple wurke. Goodwin hat in jongere suster, Melissa, dy't animator fan stop-motionfilms is en û.m. meiwurke hat oan Robot Chicken. Goodwin is oan har heitekant fan Ingelsk en Welsk etnysk komôf, wylst se oan 'e kant fan har mem Joadsk bloed hat. Har beppe oan memmekant is in Asjkenazyske Joadinne. Goodwin en har suster waarden sawol kristlik as joadsk grutbrocht: sneins giene se nei de unitaryske tsjerke fan har heit, en sneons giene se mei har mem nei de synagoge. Se waarden doopt, mar hiene ek in bat mitzvah.

Yn har jonkheid wie Goodwin lid fan 'e Noardamerikaanske Federaasje fan Timpeljongerein, in joadske jeugdorganisaasje. Se folge basisûnderwiis oan 'e episkopaalske St. Mary's Episcopal School yn Memphis, en slagge yn 1996 foar har middelbere-skoaleksamens oan 'e Lausanne Collegiate School, ek yn Memphis. Dêrnei studearre se toaniel oan it Hanover Kolleezje yn Hanover (Indiana), om nei in jier oer te stappen nei de toanieloplieding fan 'e Universiteit fan Boston, dêr't se in bachelortitel behelle en cum laude ôfstudearre. Under har stúdzjetiid spile Goodwin yn ferskate koarte films fan har mei-studinten, en dêropta yn ferskate toanielstikken foar de universiteit en by pleatslike toanielselskippen. Nei't se har stúdzje yn Boston ôfrûne hie, skreau Goodwin har yn oan it Shakespeare Ynstitút yn it Ingelske Stratford-upon-Avon. Yn dyselde snuorje spile se ek as gastakteur by de Royal Shakespeare Company. It jiers dêrop bemachtige se in prestizjeus 'Acting Shakespeare Certificate' oan 'e Londenske Royal Academy of Dramatic Art (RADA).

Ginnifer Goodwin yn 2007.

Aktearkarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't se yn 2000 mei har wurkpaad as aktrise úteinsette, feroare Goodwin har foarnamme fan 'Jennifer' ta 'Ginnifer' om op te fallen en om 'e korrekte útspraak fan 'e namme yn har memmetaal, it Súdlik Amerikaansk-Ingelsk, oan te jaan. Nei ferskate kearen yn toanielproduksjes spile te hawwen, wie se yn 2001 foar it earst op 'e tillefyzje te sjen yn in gastrol yn 'e plysjesearje Law & Order. Har earste grutte fêste rol yn in tillefyzjesearje hie Goodwin fan 2001 oant 2003 as Diane Snyder yn Ed. Se briek troch mei har rol as Margene Heffman, yn 'e dramasearje Big Love, dy't rûn fan 2006 oant en mei 2011, oer in polygamistyske mormoan mei trije froulju. Ek spile Goodwin yn tillefyzjefilms as Porn 'n Chicken (2002) en Five (2011). Yn 'e tillefyzjefilm Killing Kennedy, oer de moard op John F. Kennedy, fertolke se yn 2013 de rol fan Jackie Kennedy.

Fierders wurke se ferskate kearen as stimaktrise mei oan animaasjesearjes, lykas Robot Chicken (2005), SpongeBob SquarePants (2011) en Sofia the First (2014). Yn 2012 hie Goodwin wer in fêste rol yn 'e searje Electric City, as Jean Marie St. Cloud. Ien fan har bekendste rollen hie se as leararesse Mary Margaret Blanchard en dy har alter ego, it mearkesfiguer Sniewytsje, yn 'e fantasyrige Once upon a Time. Dêryn hearde se fan seizoen 1 oant en mei 6 ta de fêste cast, wylst se yn 'e lêste ôflevering fan seizoen 7 in gastrol ferfolle. Foar har rol yn Once Upon a Time waard Goodwin trije kear nominearre foar in Teen Choice Award en fiif kear foar in People's Choice Award. Goodwin hie noch ferskate gastrollen yn tillefyzjesearjes as The Twilight Zone, Heartstrings en Earth to Ned. Yn 2019 hie se in fêste rol yn it earste seizoen fan Why Women Kill, en yn 2022 waard se cast yn 'e haadrol yn 'e searje Pivoting.

Op it wite doek makke Goodwin har debút yn 2003 yn Mona Lisa Smile. Se spile ek yn films as Win a Date with Tad Hamilton! (2004), In the Land of Women (2007), Birds of America (2008), A Single Man (2009), Ramona and Beezus (2010) en Something Borrowed (2011). Foar har rol yn dy lêste film waard se nominearre foar in Teen Choice Award. Yn 'e biografyske film Walk the Line (2005) fertolke se de rol fan Vivian Liberto, de earste frou fan countryleginde Johnny Cash. Yn 2006 spile se de rol fan Dori Dumchovic yn 'e swarte komeedzje Love Comes to the Executioner. Foar de rol fan Gigi Phillips yn He's Just Not That Into You waard se nominearre foar in People's Choice Award yn 'e kategory bêste trochbraak fan in aktrise.

Yn 2014 liende Goodwin har stim oan it personaazje Fawn yn 'e Disney-tekenfilm Tinker Bell and the Legend of the NeverBeast. Yn 2016 die se itselde foar Judy Hopps, de haadpersoan út 'e Disney-tekenfilm Zootopia, in knyn dy't plysje wurde wol. Dyselde rol fertolke se ek (as stimaktrise) yn it fideospultsje Disney Infinity 3.0 (2015). Foar har rol yn Zootopia waard Goodwin op 'e nij nominearre foar in People's Choice Award, diskear yn de kategory favorite stim yn in animaasjefilm, en boppedat wûn se der in Kids' Choice Award foar (dield mei har tsjinspiler Jason Bateman), in Alliance of Women Film Journalists Award en in Voice Arts Award. Fierders wie Goodwin yn 2015 op 'e tillefyzje te sjen yn it geneälogyske programma Who Do You Think You Are?, wêryn't se har stambeam werom troch de tiid folge. Yn jannewaris 2017 waard Goodwin cast yn 'e rol fan Marianne yn it toanielstik Constellations, dat dat jiers yn juny en july yn it Geffen Playhouse yn Los Angeles op 'e planken brocht waard.

Ginnifer Goodwin mei har man Josh Dallas.

Goodwin fersei har yn desimber 2010 mei akteur Joey Kern, mar briek de ferloving yn maaie 2011 ôf. Neitiid krige se yn it neijier fan 2011 in relaasje mei har kollega Josh Dallas, dy't ien fan har tsjinspilers wie yn 'e searje Once Upon a Time. Hja ferloofden har yn oktober 2013 en trouden op 12 april 2014 op in geheim holden lokaasje yn Kalifornje. Goodwin en Dallas krigen twa soannen: Oliver Finlay Dallas (2014) en Hugo Wilson Dallas (2016). De húshâlding wennet anno 2018 yn Los Angeles.

Yn 2013 fertelde Goodwin yn in fraachpetear dat se, nei't se foar har stúdzje út Memphis wei gien wie, "hiel lang it joadendom efter [my] litten" hie. "Tsien jier lang wie der neat. Gjin rituelen. Gjin tradysje. Gjin mienskip." Letter fûn se har leauwe werom. Dêroer sei se: "Ik wie joadinne troch berte; no bin ik joadinne troch frije kar."

Filmografy as aktrise
jiertitelrol of funksjeopmerkings
tillefyzje
2001Law & OrderEricagastrol; ôfl. Myth of Fingerprints
2001–2003EdDiane Snyderfêste rol yn seizoen 2–3; 25 ôfl.
2002Porn 'n ChickenMayatillefyzjefilm
2005Robot Chickenferskaatas stimaktrise; weromkearende rol; 7 ôfl.
2006–2011Big LoveMargene Heffmanfêste rol
2007Big Love: In the BeginningMargene Heffmanweromkearende rol; 2 ôfl.
2009Crappy Holidays Presents…n.f.t.ôfl. Crappy Easter
2011SpongeBob SquarePantspearshierrige seemearminas stimaktrise; gastrol; ôfl. Welcome to the Bikini Bottom Triangle
2011Margene's BlogMargene Henricksongastrol; ôfl. Crush Story
2011FiveCharlottetillefyzjefilm
2011–2018Once Upon a TimeMary Margaret Blanchard / Sniewytsje  fêste rol yn seizoen 1–6; weromkearende rol yn seizoen 7
3 × nom. People's Choice Award foar bêste aktrise yn in science fiction- of fantasysearje (2014–2016)
nom. People's Choice Award foar favorite aktrise yn in dramasearje (2013)
nom. People's Choice Award foar favorite tillefyzjeduo (mei Josh Dallas, 2015)
3 × nom. Teen Choice Award foar favorite aktrise yn in fantasy- of science fiction-searje (2012–2014)
2012Electric CityJean Marie St. Cloudas stimaktrise; fêste rol
2013Killing KennedyJackie Kennedytillefyzjefilm
2014Sofia the FirstGwenas stimaktrise; gastrol; ôfl. Gizmo Gwen
2015Who Do You Think You Are?harselsgeneälogysk programma; ôfl. Ginnifer Goodwin
2019I Am Somebody's Child: The Regina Louise Story  Jeanne Kerrtillefyzjefilm; ek útfierend produsinte
2019The Twilight ZoneEve Martingastrol; ôfl. Point of Origin
2019HeartstringsGenevievegastrol; ôfl. These Old Bones
2019Why Women KillBeth Annfêste rol yn seizoen 1
2021Earth to Nedharselsgastrol; ôfl. Dream a Little Dream of Ned
2022PivotingJodiefêste rol
2022Zootopia+Judy Hoppsas stimaktrise; op argyfmateriaal
films
2003Mona Lisa SmileConnie Baker
2004Win a Date with Tad Hamilton!Cathy Feely
2005Walk the LineVivian Cash
2006Love Comes to the ExecutionerDori Dumchovic
2007In the Land of WomenJaney
2007Day ZeroMolly Rifkin
2008Birds of AmericaIda Tanager
2009He's Just Not That Into YouGigi Phillips
2009A Single Manfrou Strunk
2010Ramona and Beezusmuoike Bea
2011Take Me Home TonightBanky
2011Something BorrowedRachel Whitenom. Teen Choice Award foar favorite aktrise yn in romantyske film
2014Tinker Bell and the Legend of the NeverBeastFawnas stimaktrise
2016ZootopiaJudy Hoppsas stimaktrise
Kids' Choice Award foar favorite 'frijannen' (mei Jason Bateman)
nom. People's Choice Award foar bêste stim yn in animaasjefilm
fideospultsjes
2015Disney Infinity 3.0Judy Hoppsas stimaktrise

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.