Stop-motion

Ut Wikipedy
In foarbyld fan bylden opnommen mei stop-motiontechniken: in muntstik beweecht "út himsels" oer it taffelblêd.

Stop-motion (ek wol stavere as stop motion) of stopframe is in technyk foar it meitsjen fan animaasjefilms en special effects yn live-actionfilms. Stop-motion is âlder as it ferskynsel film sels en wie foar de opkomst fan digitale animaasje ien fan 'e primêre special effects-techniken fan 'e filmyndustry. Foar it meitsjen fan animaasjefilms wurdt stop-motion faak kombinearre mei it gebrûk fan popkes fan klaai, in technyk dy't claymation neamd wurdt. De ierste stop-motiontechnyk waard yn 1849 ûntwikkele om útfierd te wurden mei in fotokamera.

Wurkwize[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar (moderne) stop-motion hat men ferlet fan in kamera dy't by steat is om opnamen mei ien frame tagelyk te meitsjen. Foar't men begjint, wurdt it foarwerp dat 'bewege' moat yn in beskate hâlding of posysje dellein of -set en nimt men dêr mei de kamera in frame fan op. Dêrnei wurdt hâlding of posysje in fraksje feroare en wurdt der fannijs ien frame opnommen mei deselde eftergrûn. Dat wurdt hûnderten, tûzenen of by langere opnamen wol tsientûzenen kearen dien. Troch dêrnei alle frames efterinoar ôf te spyljen as gie it om in gewoane fideo, liket it krekt as oft it filme foarwerp út himsels beweecht.

It is foar stop-motion wichtich dat de kamera net by fersin fan posysje feroare wurdt tusken it opnimmen fan 'e frames (bgl. troch him oan te stompen), want dat sjocht men fuortendaliks oan it resultaat. Wol kin men mei opset sin tusken it opnimmen fan 'e frames net inkeld it foarwerp, mar ek de kamera hieltyd in fraksje fan posysje feroarje, sadat it úteinlik liket as is it filmke opnommen troch in bewegende kamera.

Stop-motion is, sa't men út boppesteande omskriuwing begripe sil, tige tiidrôvjend. As it goed dien wurdt, sil it floeiende bewegings opsmite, mar as men it jin net oan tiid docht en besiket om it allegear wat flugger gean te litten troch minder frames te filmjen, resultearret dat yn skokkerige en ûnregelmjittige bewegings. Foar floeiende bewegings binne 24 frames nedich foar ien sekonde oan byldmateriaal. In protte amateurs, mar ek guon profesjonele filmmakkers, brûke ynstee 12 frames de sekonde, wat faak dúdlik oan it einresultaat te sjen is.

Stop-motionanimearre animaasjefilms[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't tsjintwurdich it gebrûk fan kompjûteranimaasje húsriem wurden is by de produksje fan gruttere animaasjefilms, wurde der noch hieltyd ek stop-motionanimearre films makke. Dêrfoar brûkt men dan oer it algemien wol digitale opnametechniken. Sa ferskynde yn 2005 Wallace & Gromit and the Curse of the Were-Rabbit, dat de Oscar foar Bêste Lange Animaasjefilm wûn. En noch yn 2019 kaam Missing Link út, dat de Golden Globe foar Bêste Lange Animaasjefilm wûn en by de Oscars nominearre waard foar deselde priis. Opmerklik is dêrby wol dat fral yn it Feriene Keninkryk noch in protte gebrûk makke wurdt fan stop-motionanimaasje, en yn 'e Feriene Steaten folle minder.

Yn Nederlân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Nederlân wurdt stop-motion ek noch altyd brûkt, mar benammen foar koarte films en reklamespotsjes. Yn 'e 1970-er en 1980-er jierren wiene de Toonder Studio's yn Nederlân tige aktyf mei stop-motiontechniken. Nei't dat bedriuw opholden wie, waard yn 'e 1990-er jierren Pedri Animation oprjochte, dat it wurk op it mêd fan stop-motion fuortsette. Bekende Nederlânske stop-motionanimaasjes binne de Nijntje-films fan Pedri en ek de koarte filmkes oer Loeki de Leeuw, dy't fan 1972 oant 2004 by de Nederlânske Publike Omrop yn reklameblokken tusken de reklamespotsjes troch útstjoerd waarden.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.