Nederlânske Publike Omrop

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
It logo fan de NPO.

De stifting Nederlânske Publike Omrop, meastentiids ôfkoarte ta NPO, is, neffens artikel 2.2 fan de Mediawet 2008, oant 2020 oanwiisd as bestjoersorganisaasje fan it Nederlânske publike-omropbestel. Dizze organisaasje is oprjochte yn 2000. De top fan de organisaasje bestiet út in rie fan bestjoer en in rie fan tafersjoch.

De taken fan 'e NPO kinne gearfetten wurde as "it befoarderjen fan de gearwurking en koheezje tusken de lânlike omroppen, it programmearjen fan it media-oanbod, it ferdielen fan 'e budzjetten foar de ferskillende omroppen, it fersoargjen fan distribúsje, it stypjen fan omroppen by it ûndertiteljen, oankeap en ferkeap fan programma's en it útfieren fan selsstannich ûndersyk nei de kwaliteit en it imago fan radio, telefyzje en ynternet."

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]