Opnamen (produksje)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Opnamen (film))
Mei in filmklapper wurdt it begjinnen fan 'e opnamen oanjûn.

De opnamen of de produksje, of mei in Ingelske term dy't yn it jargon fan 'e filmyndustry in soad brûkt wurdt: principal photography, is de faze yn 'e produksje fan in film of tillefyzjeprogramma wêryn't it grutste part fan 'e bylden op film fêstlein wurde. Dêrta steane de akteurs op 'e set foar de rôljende kamera's. De opnamen fan in produksje wurde ûnderskaat fan 'e preproduksje (of tarieding) en de postproduksje (of ôfwurking). De opnamen begjinne as de preproduksje einiget, en as se dien binne, begjint de postproduksje.

Neiere beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De opnamen of eigentlike produksje fan in film of tillefyzjeprogramma begjint op 'e earste opnamedei. Fan dat stuit ôf wurdt per shot wurke. Men nimt lytse stikjes film op en faak wurdt tagelyk it lûd ek opnommen. As alle shots filme binne, kinne de opnamen beëinige wurde.

De opnamen binne yn 'e regel de djoerste faze fan in film- of tillefyzjeproduksje, wat komt troch it salaris fan 'e cast en crew en de kosten dy't ferbûn binne oan 'e hier fan lokaasjes, rekwisiten en kostúms. It begjin fan 'e opnamen wurdt dêrom faak sjoen as in kantelpunt: foartiid kin de produksje sûnder al tefolle finansjele ferliezen noch ôfblaasd wurde, mar as de opnamen ienris úteinset binne, is dat net mear mooglik, en moat de film dêrom ôfmakke wurde.

Dêrom slute de makkers fan spylfilms ornaris in fersekering ôf foar it gefal dat de produksje dochs noch stillein wurde moat as it gefolch fan ûnfoarsjoene omstannichheden, lykas it ferstjerren fan 'e haadrolspiler. Wat oars dat wolris foarkomt, is dat dekôrs of sels de bylden dy't al filme binne, ferlern geane troch brân, mei't filmsets dêr notwaar kwetsber foar binne. Fierders wurdt kamera's faak hierd, en de measte kameraferhierbedriuwen wegerje meiwurking oan in produksje as der gjin bewiis fan fersekering oerlein wurdt.

As de opnamen (mei súkses) beëinige wurde, seit men wol: "it stiet derop" (d.w.s. op 'e film), of yn it Ingelsk "it's a wrap" (letterlik: "it is ynpakt"). Sadwaande wurdt der dan faak mei cast en crew in wrap party holden om dat te fieren.

Bykommende opnames yn de postproduksjefaze[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It komt lykwols foar dat de regisseur letter ta it besef komt dat er noch wat fergetten is, of dat it shooting script (de úteinlike ferzje fan it senario) troch ûnfoarsjoene foarfallen noch feroare wurde moat. Dan kin it wêze dat de akteurs letter, yn 'e postproduksjefaze, weromroppen wurde om noch ien of in pear ekstra shots of sênes op te nimmen. Yn seldsume gefallen wurdt soms sels in akteur hielendal út 'e film helle, bgl. om't er ûnder de mjitte prestearre hat, of om't er maatskiplik yn opspraak kommen is troch in rasistyske útspraak of in seksueel misdriuw. Dan moatte der mei de ferfangende akteur in grut tal nije opnamen makke wurde. As by sokke opnamen ûnder de postproduksje âld materiaal op 'e nij filme wurdt, sprekt men fan in reshoot, mar as it om nije sênes giet, wurdt it in pick-up neamd.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.