Springe nei ynhâld

Preproduksje

Ut Wikipedy
In foarbyld fan in storyboard.

Preproduksje is it proses fan it plannen meitsjen foar of tarieden fan 'e produksje fan ornaris in film of tillefyzjeprogramma, al kin it ek gean om in oar wurk, lykas in toanielstik of in muzykalbum. Yn dizze kontekst bestiet de produksje út trije ûnderdielen: de preproduksje (of tarieding), it eigentlike produksjeproses dat by films, tillefyzje en muzyk almeast de opnamen neamd wurdt, en de postproduksje (of ôfwurking). De preproduksje einiget dus as de opnamen begjinne.

By film en tillefyzje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De preproduksje is it stadium dat foarôfgiet oan it eigentlike opnimmen fan in film of tillefyzjeprogramma. Yn dy faze nimt de finansiering fan it projekt fêste foarmen oan, en wurde kontraktten ôfsletten mei in regisseur, in kameraregisseur en de leden fan 'e cast. Fierders wurdt bepaald hokfoar soarte film of programma oft men meitsje wol, al besteane dêr yn 'e regel dan al beskate ideeën oer. Op it mêd fan film kin it gean om bgl. in koarte film, in langspylfilm of in dokumintêre, wylst it by tillefyzje gean kin om bgl. in tillefyzjefilm, in pilotôflevering, in tillefyzjesearje of in minysearje. De al besteande ideeën wurde yn 'e preproduksje útwurke en der wurdt in synopsis skreaun, in gearfetting fan 'e plot. Dêrnei wurdt de synopsis útwurke ta in langere gearfetting, dy't de step outline of koartwei outline hjit. Eltse sêne fan 'e film of it programma wurdt dêryn koart beskreaun, sadat men in byld krije kin fan hoe't it einresultaat der úteinlik út komme sil te sjen. De step outline is inkeld bedoeld foar de makkers sels en komt bûtensteanders mar selden ûnder eagen.

Nei it opstellen fan 'e step outline wurdt de saneamde treatment skreaun, wêryn't oanjûn wurdt wat der yn alle sênes persiis yn byld brocht wurde sil. De treatment giet poer oer de fisuële kant fan 'e film of it programma; oer de op te nimmen dialooch stiet der neat yn. Underwilens wurde los fan 'e treatment de saneamde karakterdossiers opsteld, dy't eftergrûnynformaasje oer de personaazjes jouwe en dêrmei oanwizings hoe't de personaazjes har yn beskate sitewaasjes hâlde en drage moatte. Ek wurde de dialogen (of monologen) útwurke.

Neitiid wurde treatment, karakterdossiers en dialogen gearfoege ta in senario of script. Sa'n senario soe omskreaun wurde kinne as in útwurke fariant fan 'e treatment. It is gebrûklik om te begjinnen mei in kladferzje fan in senario, dy't dan troch de senarioskriuwer yn oerlis mei de regisseur en mooglik ek mei de produsint ferskate kearen byskaafd en oanskerpe wurdt, oant der in definitive ferzje ûntstiet dy't it shooting script neamd wurdt. Soms wurdt er noch in twadde of trêde senarioskriuwer by belutsen, dy't dan faak oantsjut wurdt as in scriptdokter. Yn it shooting script stiet oant yn it lytste detail beskreaun wat der barre moat en bygelyks ek hokker lûden oft der te hearren wêze sille of hokker sfear oft in beskate sêne oproppe moat. Ek is dêryn fierders eltse sêne nûmere fan it begjin fan 'e film of it programma ôf.

De folgjende stap is it meitsjen fan in draaiboek. Yn it draaiboek is útwurke wannear't de opnamen fan hokker sênes plakfine sille. Sênes wurde nammentlik net opnommen neffens harren folchoarder yn 'e film of it programma. As bygelyks sêne 1, 3 en 8 yn deselde keamer spylje, dan is it logistyk folle handiger om dy trije sênes efterinoaroan op te nimmen, op deselde opnamedei as dat mooglik is, en dêrnei fierder te gean mei bygelyks sêne 2. Soms wurdt tagelyk mei it draaiboek ek in storyboard makke. Dat is in samling nûmere sketsen of foto's, dy't elts ien shot fertsjintwurdigje. Ofbylding 4.3 is dan it trêde shot fan sêne 4.

Tagelyk mei it finalisearjen en útwurkjen fan it senario wurde ek lokaasjes, sets en dekôrs socht, regele of makke, en de beskikberheid fan rekwisiten, kostúms en oare nedichheden wurdt bewurkmastere. Tsjin 'e ein fan 'e preproduksjefaze wurdt der yn 'e regel in saneamde read-through fan it senario holden, wêrby't de regisseur en alle leden fan 'e cast dy't tekst hawwe, oanwêzich binne, en faak ek de kameraregisseur, produksje-ûntwerper en alle oare ôfdielingshaden, de produsint(en), de finansiers, en de p.r.-lju. As in produksje mar net fierder rekket as de preproduksjefaze en dêr jierren- of soms wol desennialang yn hingjen bliuwt, seit men wol dat sa'n produksje fêstsit yn 'e preproduksjehel.

Yn 'e muzykyndustry is de preproduksje it proses fan it skriuwen en útwurkjen fan 'e muzikale ideeën fan en troch in sjonger of muzikant. It kin wêze dat sa'nent dêrby help kriget fan in profesjoneel lietsjeskriuwer en/of fan in muzykprodusint. It is ek mooglik dat in sjonger of muzikant syn eigen lieten net skriuwt, mar dêrfoar in lietsjeskriuwer ynhiert, of in âlder liet fan in oare artyst coveret. De muzikant produsearret dan in saneamde demo, in earste ferzje fan it liet wêryn't er hearre lit wat er derfan meitsje wol. Dêrtroch kin de tiid dy't trochbrocht wurdt yn in djoere muzykstudio ynkoarte wurde, wat ek in protte jild útsparret. It doel is om pas oan 'e opnamen te begjinnen as it spul fierder útwurke binne en de meast ûnthjittende ideeën derút socht binne.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.