Missing Link (film út 2019)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Missing Link
Filmklapper.png film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
Missing Link 2019 film logo.png
makkers
regisseur Chris Butler
produsint Arianne Sutner
Travis Knight
senario Chris Butler
kamerarezjy Chris Peterson
muzyk Carter Burwell
filmstudio Annapurna Pictures
Laika
distribúsje United Artists (Feriene Steaten)
AGC International (ynternasj.)
spilers
haadrollen Hugh Jackman
Zach Galifianakis
Zoe Saldana
byrollen Stephen Fry
Timothy Olyphant
Emma Thompson
Amrita Acharia
Matt Lucas
skaaimerken
lân/lannen Flag of the United Kingdom.svg Feriene Keninkryk
Flag of the United States.svg Feriene Steaten
premiêre 5 april 2019
foarm lange animaasjefilm
sjenre aventoerekomeedzje
taal Ingelsk
spyltiid 94 minuten
budget en resultaten
budget $102,3 miljoen
opbringst $26,3 miljoen
prizen 1 × Golden Globe

Missing Link is in Britsk-Amerikaanske stop-motion-animaasjefilm út 2019 ûnder rezjy fan Chris Butler. De haadrollen waarden ynsprutsen troch Hugh Jackman, Zach Galifianakis en Zoe Saldana. De titel betsjut "Missende Link" (te witten: yn 'e minsklike evolúsje). It ferhaal giet oer de egoïstyske Britske ûntdekkingsreizger sir Lionel Frost, dy't de lêste noch libbene sasquatch ûntdekt en dy op eigen fersyk nei de Himalaya bringt, dêr't it wêzen him by syn 'sibben', de yeti's, jaan wol. Missing Link krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes. De film wûn de Golden Globe foar Bêste Lange Animaasjefilm en waard nominearre foar de Oscar foar Bêste Lange Animaasjefilm. Yn 'e bioskopen flopte Missing Link lykwols folslein.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1886 is sir Lionel Frost, in Ingelske ûntdekkingsreizger en kryptosoölooch, al jierrenlang oan it sykjen nei bewiis foar it bestean fan as mytysk beskôge wêzens. Syn doel is om troch publikaasje fan syn befinings rom te winnen, sadat er einlings en te'n lêsten talitten wurde sil as lid fan it Genoatskip fan Grutte Mannen, dat ûnder lieding stiet fan syn rivaal, Lord Piggot-Dunceby. By in besyk oan Loch Ness, yn Skotlân, wit Frost mei help fan syn tsjinner Lemuel Lint in foto te meitsjen fan it meunster fan Loch Ness, dat dochs wier blykt te bestean, mar it bewiismateriaal giet ferlern as it meunster harren roeiboat in reis mei de sturt ferkeapet, wêrby't de fotokamera nei gychem giet. Lint, dy't by de konfrontaasje op in hier nei troch it meunster ferslynd waard, nimt neitiid ûntslach.

Frost lit lykwols de moedfearren net hingje, want hy ûntfangt in anonym brief út 'e Feriene Steaten wêryn't er frege wurdt nei de Amerikaanske steat Washington te kommen, dêr't in plak wêze soe dêr't de sasquatch foarkomt. Frost kundiget syn plannen om it bestean fan 'e sasquatch te bewizen, oan by it Genoatskip fan Grutte Mannen, wêrby't er in weddenskip mei Piggot-Dunceby slút dat dyselde syn ûntskuldigings oan him oanbiede moat en him as lid yn it genoatskip opnimme moat as it him slagget om it bestean fan 'e sasquatch yndie te bewizen. Piggot-Dunceby, dy't it wisse foar it ûnwisse nimt, hiert yn it Amerikaanske Noardwesten de net mei skrupules belêstge revolverman Willard Stenk yn, dy't hoe dan ek sjen moat foar te kommen dat Frost yn syn opset slagget.

Frost reizget fia New York dwers oer it Noardamerikaanske kontinint nei Washington, dêr't er him nei it plak bejout dat yn it brief beskreaun stiet. Hy treft dêr yndie in sasquatch oan, dy't prate kin, en ek lêze en skriuwe, en dy't boppedat tajout dat er sels dejinge is dy't it brief oan Frost stjoerd hat. Mei in wurdboarterij dy't ferwiist nei de 'missende link' yn 'e evolúsje fan 'e minske en nei syn eardere tsjinner, dhr. Lint, neamt Frost it wêzen "dhr. Link". It docht bliken dat Link de lêste fan syn soarte is, en dat er sadwaande te lijen hat ûnder iensumens. Hy wol dat Frost him helpt by it finen fan syn sibben, de yeti's, dy't yn 'e Himalaya libje soene. Frost stimt dêrmei yn, salang't Link him dêrnei mar bewiismateriaal jaan sil dêr't er de weddenskip mei Piggot-Dunceby mei winne kin.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Frost foarsjocht Link fan in momkape, besteande út 'e fierstente lytse klean fan Lemuel Lint. Dêrnei bejouwe se har tegearre út it tuskenbeiden reinwâld fan it Washingtonske binnenlân nei de bewenne wrâld, dêr't se opwachte wurde troch Stenk en in stikmannich trewanten, dy't harren besykje te deadzjen. Link is lykwols sa sterk as in bear en Frost spilet as fjochtersbaas ek net swak by. Nei't se Stenk-en-dy op 'e flecht jage hawwe, sette se ôf nei Santa Ana, yn Kalifornje, dêr't Frost syn eardere minneresse Adelina Fortnight wennet. Dyselde, de widdo fan in oare ûntdekkingsreizger, hat in lânkaart fan 'e Himalaya fan har man silger yn besit, dêr't oanwizings op steane om 'e geheime stêd fan 'e yeti's te finen.

Frost en Adelina binne net as freonen útinoar gien, en it slagget Frost dan ek net om 'e lânkaart yn goedens yn 'e hannen te krijen. Dat sadwaande brekke hy en Link nachts yn 'e hacienda fan Adelina yn, dêr't se de lânkaart út 'e klûs stelle. Frost en Link pike dêrnei út, mar Adelina hellet harren yn as se op 'e trein stappe wolle. De konfrontaasje wurdt ûnderbrutsen troch Stenk, dy't derfoar soarget dat Adelina har wrok tsjin Frost ferjit. In mûklist fan Frost set Stenk op in sydspoar, wêrnei't Frost mei Link, en ek mei Adelina, dy't har no by harren jûn hat, weromreizget nei New York. Dêrwei nimme se in passazjiersskip nei Jeropa. Underweis trunet Adelina Frost oan om Link freonliker te behanneljen. Dêrop freget Frost Link hoe't dy eins hjit, en as er antwurdet dat er gjin foarnamme hat, fiteret Frost him oan om der ien te kiezen. De (manlike) Link kiest dan de namme fan in kolonist dy't net benaud fan him wie, mar him taglimke: "Susan".

Oan 'e Jeropeeske kant fan 'e Atlantyske Oseaan komt oan it ljocht dat Stenk op itselde skip sit en Frost-en-dy de hiele reis begnúfd hat. Nei in nije konfrontaasje ûntkomme Frost, Link en Adelina trijeresom yn in roeiboat, wêrmei't se de kust fan Frankryk witte te berikken. Mei de trein reizgje se nei Britsk-Ynje, dêr't se op 'e rêch fan in oaljefant nei de Himalaya ride. De lânkaart fan Adelina wiist harren nei in Tibetaansk doarp dêr't se eat of immen sykje moatte mei de namme Gamu. It blykt in âldwyfke te wêzen, en hja is de iennichste dy't de wei wit nei Shangri La, de ferburgen stêd fan 'e yeti's. Troch de oanwêzigens fan Link witte de trije reizgers Gamu te bepraten om harren te helpen. Se wurde dan troch Gamu har beppesizzer, de gids Ama Lahuma, nei Shangri La ta laat. Neitiid ferskine yn it Tibetaanske doarpke Lord Piggot-Dunceby, syn assistint Collick en Willard Stenk, dy't troch it bedrigen mei de dea fan Gamu har jonge oerbeppesizzer ynformaasje fan har loskrije oer de lokaasje fan Shangri La.

Underwilens wurde Frost, Link en Adelina finzennommen troch de yeti's, dy't in stik minder freonlik blike te wêzen as ferwachte. Fia in lange brêge, opboud út iisblokken, oer in wide kleau wurde se nei Shangri La brocht, dêr't se ferskine moatte foar de keninginne fan 'e yeti's. Dy toant harren de ferburgen delling dêr't de yeti's libje, mar fertelt der fuortendaliks by dat minsken dêr net wolkom binne, en alhielendal in sasquatch net, mei't de yeti's o sa op sasquatches delsjogge. Ynstee wurde de trije reizgers yn in djippe put smiten dêr't se finzen holden wurde sille, mei't de yeti's deabenaud binne dat de lokaasje fan Shangri La bekend wurde sil. Troch gear te wurkjen witte Frost, Link en Adelina te ûntsnappen, wêrnei't se lykwols op 'e iisbrêge Piggot-Dunceby, Collick en Stenk treffe. As dúdlik wurdt dat Piggot-Dunceby ree is om Frost-en-dy te fermoardzjen om harren weddenskip mar net te ferliezen, beslút Frost dat Link in bettere freon en boppedat ek noch in bettere minske is as Piggot-Dunceby of de oare leden fan it Genoatskip fan Grutte Mannen. Hy sjocht ôf fan it lidmaatskip.

Dêr nimt de breinroere Piggot-Dunceby gjin genoegen mei, en hy sjit en slacht mei syn jachtgewear de fragile iisbrêge oan stikken. It resultaat is lykwols dat Piggot-Dunceby sels en Collick yn 'e ôfgrûn falle, wylst Frost, Link en Adelina feilich de kant witte te berikken nei in nij gefjocht mei Stenk, dy't úteinlik ek yn 'e djipte te pletter falt. Neitiid keare de trije reizgers werom nei Frost syn hûs yn Londen, dêr't er, oantrune troch Adelina, Link as syn nije "tsji-, nee, partner" oannimt. Frost wol Adelina tútsje om't alle aventoeren yn har selskip it leafdesfjoer by him wer oplôgje litten hawwe, mar Adelina set ynstee ôf om op eigen manneboet in namme te winnen as ûntdekkingsreizigster. Frost en Link geane der tegearre op út om Atlantis werom te finen.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
sir Lionel Frost Hugh Jackman
Susan Link (de sasquatch) Zach Galifianakis
Adelina Fortnight Zoe Saldana


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Lord Piggot-Dunceby Stephen Fry
Willard Stenk Timothy Olyphant
keninginne fan 'e yeti's Emma Thompson
Ama Lahuma, de Himalaya-gids Amrita Acharia
dhr. Collick, assistint fan Lord Piggot-Dunceby Matt Lucas
Lemuel Lint David Walliams
Gamu, de beppe fan Ama Ching Valdes-Aran
de portier fan it genoatskip Humphrey Ker
Lord Bilge Adam Godley
generaal Pugh Humphrey Ker
dhr. Roylott Neil Dickson
Lord Scrivener Ian Ruskin
Lord Ramsbottom Matthew Wolf
Ricardo Richard Miro
Alfie Darren Richardson
Lord Enthwistle Alan Shearman
McVitie, de kondukteur Jack Blessing

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Missing Link waard regissearre troch Chris Butler nei in senario dat er sels skreaun hie. As produsinten wiene Arianne Sutner en Travis Knight by it projekt belutsen foar de filmstudio's Laika en Annapurna Pictures. Foar de film wie in budget beskikber fan $102,3 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Chris Peterson, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Carter Burwell. De opnamen setten yn maaie 2018 útein. De animators fan Laika bouden mear as 110 filmsets fan 65 unike lokaasjes foar de film, dy't mei stop-motionanimaasje makke waard.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan Missing Link waard yn 'e Feriene Steaten fersoarge troch United Artists en dêrbûten troch AGC International. De film iepene op 5 april 2019 yn 'e Britske bioskopen, noch foàr de galapremiêre op 7 april yn New York. Yn 'e Feriene Steaten iepene Missing Link op 12 april 2019 yn 'e bioskopen. De film kaam op 9 july 2019 beskikber as digitale download en waard op 23 july 2019 útbrocht op dvd en blu-ray.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 'e filmkritisy krige Missing Link oer it algemien positive resinsjes. Der wie in protte lof foar de animaasjetechniken dy't foar de film brûkt wiene, en ek foar it stimaktearjen. Krityk kaam der op 'e plot. De humor (of it gebrek dêroan) yn 'e film waard troch in diel fan 'e resinsinten mear en troch in oar diel minder wurdearre.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Missing Link in heech goedkarringspersintaazje fan 89%, basearre op 168 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] is alwer in prachtich animearre triomf fan Laika, en teffens in fisuele traktaasje mei in protte humor, ynhouten en sels wat gedachtefoer." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Missing Link in goedkarringspersintaazje fan 68%, basearre op 30 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opbringst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Missing Link brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $16,6 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $9,6 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $26,3 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $102,3 miljoen betsjut dat in ferlies fan $76 miljoen. Om't dêr de marketingkosten ek noch ôf moatte, berekkene it tydskrift Deadline Hollywood it eigentlike ferlies fan 'e film op $101,3 miljoen. Dêrmei wie Missing Link kommersjeel sjoen ien fan 'e grutste animaasjeflops ea.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Missing Link waard yn 2020 nominearre foar de Oscar foar Bêste Lange Animaasjefilm, en wûn de Golden Globe foar Bêste Lange Animaasjefilm. De film waard ek nominearre foar acht Annie Awards en in Critics' Choice Movie Award.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.