Golden Globe

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Golden Globe
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
útrikt foar film en tillefyzje
útrikt troch Hollywood Foreign Press
   Association
frekwinsje 1x jiers
datum jannewaris
plak Beverly Hills (Kalifornje)
ynsteld 1943
1e útrikking 1944
offisjele webside
www.hfpa.org

De Golden Globes ("Gouden Globes") of Golden Globe Awards binne in groep Amerikaanske prizen dy't elts jier yn jannewaris útrikt wurde oan 'e bêste wurken op it mêd fan Amerikaanske en ynternasjonale films en tillefyzje fan it foargeande jier. De útrikking fan dizze prizen wurdt organisearre troch de Hollywood Foreign Press Association (HFPA), en de tawizing fan 'e Golden Globes fynt plak troch in stimming ûnder de 93 leden fan 'e HFPA. De earste útrikking fan 'e Golden Globes fûn plak yn 1944, en sûnt 1961 fynt de huldigingsseremoanje tradysjoneel plak yn it Beverly Hilton Hotel yn Beverly Hills. De Golden Globes wurde beskôge as de op ien nei wichtichste Amerikaanske filmprizen, en foarmje de opmjitte foar de útrikking fan 'e Oscars, yn it foarjier.

Foar listen mei winners fan 'e Golden Globes, sjoch ûnder de kop See also op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.

Kategoryen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

filmprizen
  • bêste spylfilm (drama)
  • bêste spylfilm (musical of komeedzje)
  • bêste film yn in bûtenlânske taal
  • bêste tekenfilm fan spylfilmlingte (sûnt 2006)
  • bêste regisseur
  • bêste akteur (filmdrama)
  • bêste aktrise (filmdrama)
  • bêste akteur (filmmusical of -komeedzje)
  • bêste aktrise (filmmusical of -komeedzje)
  • bêste byrol fan in akteur (spylfilm)
  • bêste byrol fan in aktrise (spylfilm)
  • bêste senario
  • bêste oarspronklike filmmuzyk
  • bêste oarspronklike liet
  • Cecil B. DeMille Award for Lifetime Achievement in Motion Pictures (oeuvrepriis)
It gebou fan 'e Hollywood Foreign Press Association.
tillefyzjeprizen (sûnt 1956)
  • bêste dramasearje
  • bêste komeedzjesearje
  • bêste akteur yn in tillefyzjedramasearje
  • bêste aktrise yn in tillefyzjedramasearje
  • bêste akteur yn in tillefyzjekomeedzjesearje
  • bêste aktrise yn in tillefyzjekomeedzjesearje
  • bêste minysearje of tillefyzjefilm
  • bêste akteur yn in minysearje of tillefyzjefilm
  • bêste aktrise yn in minysearje of tillefyzjefilm
  • bêste byrol fan in akteur yn in searje, minysearje of tillefyzjefilm
  • bêste byrol fan in aktrise yn in searje, minysearje of tillefyzjefilm
ôfskafte prizen
  • bêste dokumintêre (1944-1977)
  • bêste Ingelsktalige bûtenlânske film (1957-1973)
  • nije stjer fan it jier (akteur) (1944-1983)
  • nije stjer fan it jier (aktrise) (1944-1983)
  • Henrietta Award (bêste akteur fan 'e wrâld) (1950-1979)
  • Henrietta Award (bêste aktrise fan 'e wrâld) (1950-1979)
  • bêste film dy't ynternasjonaal begryp befoarderet (1945-1963)
  • bêste sinematografy (1947-1952, 1954 en 1962)

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.