Annie Award

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Annie Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
útrikt foar animaasje
útrikt troch ASIFA-Hollywood
frekwinsje 1× jiers
datum febrewaris
plak Los Angeles (Kalifornje)
1e útrikking 1972
offisjele webside
annieawards.org

De Annie Awards binne in groep Amerikaanske prizen dy't elts jier yn febrewaris útrikt wurde foar de bêste animaasje op it mêd fan film en tillefyzje fan it foargeande jier. De prizen wurde útrikt troch ASIFA-Hollywood, de ôfdieling Los Angeles fan 'e Ynternasjonale Animearre Film Feriening (ASIFA).

De Annie Awards wiene oarspronklik in idee fan June Foray, dy't stelde dat der prizen foar animaasje bestean moasten, wat doe noch net sa wie. Neffens har waard de namme betocht troch har man Hobart Donavan, dy't sei dat de namme fan 'e priis in foarnamme wêze moast om't oare wichtige Amerikaanske amusemintsprizen (Oscar, Emmy, Tony) ek bekend stiene ûnder in foarnamme. Sadwaande stelde er 'Annie' foar, by wize fan ôfkoarting fan 'Animation'. De earste útrikking fan 'e prizen fûn plak yn 1972.

Oarspronklik wiene de Annie Awards oeuvreprizen, dy't takend waarden foar in hiele karriêre op it mêd fan 'e animaasje. Sûnt 1992 wurde de prizen lykwols útrikt oan yndividuële films en foar yndividuële prestaasjes fan animators. It lidmaatskip fan ASIFA-Hollywood stiet, op betingst fan it beteljen fan kontribúsje, iepen foar eltsenien, mar inkeld lju dy't beropsmjittich oan 'e animaasjesektor ferbûn binne, meie stimme oer de takenning fan 'e Annie Awards. Winners krije in trofee yn 'e foarm fan in goudkleurige bokaal.

Kategoryen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

produksje
yndividuële prestaasjes op it mêd fan film
yndividuële prestaasjes op it mêd fan tillefyzje, útstjoerings en fideospultsjes
  • treflike animaasje-effekten
  • treflike animaasje fan personaazjes
  • treflik personaazje-ûntwerp
  • treflike rezjy
  • treflike muzyk
  • treflik produksje-ûntwerp
  • treflik storyboard
  • treflik stimaktearjen
  • treflik senario
  • treflike editing
sjueryprizen
  • June Foray Award
  • Ub Iwerks Award
  • Windsor McCay Award
  • Special Achievement in Animation ("Spesjale Prestaasje op it mêd fan Animaasje")
  • Certificate of Merit ("Sertifikaat fan Fertsjinste")


Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.