Springe nei ynhâld

Download

Ut Wikipedy
In symboal foar it begryp 'download'.

Download, in lienwurd út it Ingelsk dat letterlik "dellading" betsjut, ferwiist nei it ûntfangen op jins kompjûter fan data dy't ôfkomstich is fan in kompjûtersysteem earne oars yn 'e wrâld. Sa'n kompjûtersysteem is yn 'e regel in server, lykas in ynternetserver, in FTP-server of in e-mailserver. In download is it tsjinstelde fan in upload, wêrby't data nei in kompjûtersysteem op in oare lokaasje tastjoerd wurdt. In download hat de foarm fan ien of mear bestannen, lykas tekstbestannen, fotobestannen, fideobestannen of audiobestannen. Troch sokke bestannen te downloaden, komme se yn it besit fan dejinge dy't se op syn of har kompjûter download, sadat se foar dy persoan tenei altyd beskikber binne.

It downloaden fan in bestân kin beskôge wurde as it tsjinstelde fan it streamen fan it bestân. By downloaden moat men wachtsje oant it downloadproses foltôge is foar't men wat mei it bestân dwaan kin. By streamen wurdt oanhâldend in diel fan it bestân yn 'e buffer fan jins kompjûter opslein, en kin men daliks begjinne it bestân te besjen of te beharkjen. Mar by streamen wurdt it bestân net op 'e kompjûter fan 'e brûker opslein, en is de brûker ôfhinklik fan 'e webside dy't it bestân oanbiedt. As it bestân op dy webside fuorthelle wurdt, of as dy webside ûnberikber is, stiet de brûker mei lege hannen. Websiden dy't streaming media oanbiede en dêrby gebrûk meitsje fan in yn 'e webside ynboude mediaplayer, lykas YouTube, bringe hieltyd mear beheinings oan om it foar brûkers ûnmooglik te meitsjen om it streamde bestân op te slaan nei't it yn syn gehiel buffere is.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.