Santa Ana (Kalifornje)
Santa Ana | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Kalifornje | |
County | Orange County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 324.528 (2010) | |
Oerflak | 71,3 km² (ynkl. wetter) 70,6 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 4.600 / km² | |
Stêdekloft | Los Angeles | |
Hichte | 35 m | |
Oar | ||
Stifting | 1869 | |
Tiidsône | UTC -8 | |
Simmertiid | UTC -7 | |
Koördinaten | 33°44′27″N 117°52′53″W | |
Offisjele webside | ||
www.santa-ana.org | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Santa Ana yn Orange County en yn 'e steat Kalifornje. |
Santa Ana is in stêd yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje, yn 'e regio Súdlik Kalifornje, dêr't it oan 'e rivier de Santa Ana leit, op in ôfstân fan 16 km fan 'e Pasifyske kust ôf. It is ien fan 'e gruttere foarstêden fan Los Angeles, en teffens it haadplak fan Orange County, dêr't it nei Anaheim de grutste stêd is. Mei in befolkingsoantal fan krapoan 325.000 minsken (neffens de folkstelling fan 2010) is Santa Ana de alfde stêd fan Kalifornje, en mei in befolkingstichtheid fan 4.600 minsken de km² is it de op trije nei tichtstbefolke stêd fan 'e Feriene Steaten, nei New York, San Francisco en Chicago. It heart ta de agglomeraasje fan Los Angeles, dy't in ynwennertal fan goed 12,8 miljoen hat. Santa Ana dielt syn namme mei it deunby leine Santa Anaberchtme en mei de Santa Anawyn, dy't út 'e bergen waait en gauris de simmerske natoerbrannen yn súdlik Kalifornje oanwakkeret.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Iuwenlang waarden de omkriten fan Santa Ana bewenne troch de Tongva-, Juaneño- en Luiseño-Yndianen. De earste Spaanske ûntdekkingsreizgers (de ekspedysje fan Gaspar de Portolà) berikten it gebiet yn 1769. Yn 1810, oan it begjin fan 'e Meksikaanske Unôfhinklikheidsoarloch, waarden troch it Spaanske bestjoer oan José Antonio Yorba, in serzjant yn it Spaanske leger, útstrutsen lânerijen yn súdlik Opperkalifornje jûn, dêr't dy in feepleats op stifte dy't er Rancho Santiago de Santa Ana neamde. Nei't Kalifornje yn 1848, oan 'e ein fan 'e Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch, troch Meksiko oan 'e Feriene Steaten ôfstien waard, arrivearren de earste Amerikaanske kolonisten yn it gebiet.
Yn 1869 waard troch de Kentuckiaanske kolonist William H. Spurgeon, op lân dat er oankocht hie fan 'e neikommelingen fan José Antonio Yorba, de delsetting Santa Ana stifte. Dy krige yn 1886, doe't it in befolking fan 2.000 minsken hie, offisjeel de status fan stêd, en trije jier letter, yn 1889, waard it it haadplak fan it doe nij foarme Orange County. Yn 1906 soarge de oanlis fan 'e Pacific Electric Railway derfoar dat op en del reizgjen tusken Santa Ana en Los Angeles in stik makliker en nofliker waard. Teffens waard hjirtroch de pleatslike ekonomy stimulearre. Nei't de Amerikaanske oaljeyndustry yn 'e fyftiger jierren alle treinmaatskippijen yn 'e Feriene Steaten opkocht en ferrinnewearre hiene, waard de treinrûte opheft, in foarfal dat gearfoel mei de oanlis fan 'e Santa Ana Freeway, in autosnelwei tusken Santa Ana en Los Angeles.
Under de Twadde Wrâldoarloch waard de Legerlofttsjinstbasis Santa Ana oanlein as in trainingssintrum foar piloaten fan 'e Lofttsjinst fan it Amerikaanske Leger. Troch de oanwêzigens fan 'e basis groeide sawol de ekonomy as de befolking fan Santa Ana yn 'e midden fan 'e tweintichste iuw troch, mei't in protte feteranen har nei de oarloch yn 'e krite nei wenjen setten. Yn 1958 waard it oerdutsen winkelsintrum de Fashion Square Mall benoarden de binnenstêd fan Santa Ana boud, dat in wichtich detailhannelssintrum foar de hiele regio waard. Yn 1987 waard it winkelsintrum folslein renovearre en kaam it de MainPlace Mall te hjitten (no de Westfield MainPlace Mall). Sûnt de tachtiger jierren hat it stedsbestjoer fan Santa Ana him derop talein om 'e binnenstêd, dy't ferpaupere rekke wie, troch in yngeande renovaasje wer nij libben yn te blazen. Dat proses duorre oant 2009, doe't it histoaryske Yost Theater weriepene waard.
Santa Ana hjoed de dei
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ekonomy fan Santa Ana is foar in grut part basearre op kompjûter- en tillekommunikaasjetechnology, mei regionale haadkertieren fan bedriuwen as Ultimate Software, T-Mobile en Xerox. Ien fan 'e opmerklikste bedriuwen dy't yn 'e stêd fêstige binne, is Rickenbacker, in muzykynstruminteprodusint, waans elektryske gitaren en basgitaren ferneamd wurden binne yn 'e hannen fan withoefolle rock n' rollmuzikanten. Sûnt likernôch 2000 stribbet it deunby leine Irvine Santa Ana foarby op it mêd fan ekonomyske groei.
Wat toerisme en besjensweardichheden oangiet, hat Santa Ana njonken de arsjitektuer yn 'e âlde binnenstêd it Bowers Museum, in skiedkundich museum mei in grutte kolleksje oan Middenamerikaanske foarwerpen; it Heritage Museum of Orange County (foarhinne it Centennial Heritage Museum), in iepenloftmuseum; en de Santa Ana Zoo, de pleatslike dieretún. De ferdivedaasjeparken Disneyland en Knotts Berry Farm lizze mar in pear km noardeastlik fan Santa Ana, en de strannen oan 'e kust, by Huntington Beach en Newport Beach, lizze op tweintich minuten riden yn súdlike rjochting.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Santa Ana 6,8% âlder as 65 jier en 30,7% jonger as 18 jier. Fierders bestie 17,2% fan 'e húshâldings út ien persoan. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 78,2% Latino's; 9,5% Aziaten; 9,2% blanken; 1,5% swarten; 1,0% Yndianen; 0,6% oaren of fan mingd etnysk komôf.
Berne yn Santa Ana
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Michelle Pfeiffer (1958), aktrise
- Lenny Dykstra (1963), honkballer
- Michael B. Jordan (1987), akteur
- Dinah Jane Hansen (1997), sjongster fan 'e fammegroep Fifth Harmony
Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Santa Ana hat in Mediterraan klimaat, mei waarme simmers en tige mylde, wiete winters. Yn augustus, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 29,3 °C, en yn desimber, de kâldste moanne, is dat 20,7 °C. Rekôrtemperatueren wiene 44 °C op 14 juny 1917 en –6 °C op 31 desimber 1918 en 1 jannewaris 1919. Santa Ana kriget jiers trochinoar 346,1 mm delslach; snie komt der net foar.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|