Springe nei ynhâld

Newport Beach (Kalifornje)

Ut Wikipedy
Newport Beach
Emblemen
            
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Kalifornje
County Orange County
Sifers
Ynwennertal 85.186 (2010)
Oerflak 137,2 km² (ynkl. wetter)
61,7 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 1.381,7 / km²
Stêdekloft Los Angeles
Hichte 3 m
Oar
Stifting 1870
Tiidsône UTC-8
Simmertiid UTC-7
Koördinaten 33°37′00″N 177°53′51″W
Offisjele webside
www.newportbeachca.gov
Kaart
De lizzing fan Newport Beach yn Orange County en yn 'e steat Kalifornje.

Newport Beach is in stêd oan 'e súdwestkust fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje, yn Orange County, yn 'e regio Súdlik Kalifornje, in pear kilometer besuden it folle gruttere Santa Ana. It is ien fan 'e rykste stêden fan 'e Feriene Steaten, dêr't mear as in fjirdepart fan 'e húshâldings in ynkommen hat fan boppe de $200.000, en it trochsneed hûs mear as $1 miljoen wurdich is. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Newport Beach doe goed 85.000 ynwenners. De stêd heart ta de stêdekloft fan Los Angeles, dy't neffens in offisjele skatting út 2012 in befolking hat fan goed 12,8 miljoen minsken.

Lange tiid waard krite fan Newport Beach bewenne troch de Tongva, Juaneño- en Luiseño-Yndianen. De earste Jeropeeske besiker wie de Spanjert Juan Rodríguez Cabrillo, dy't yn 1542 in tocht by de Kalifornysje kust lâns ûndernaam. Fan 'e twadde helte fan 'e achttjinde iuw ôf waard súdlik Kalifornje kolonisearre troch Spanjerts út 'e koloanje Nij-Spanje (it lettere Meksiko) wei, en waarden de Yndianen kristene. Yn 'e Meksikaanske tiid (1821-1848) wie it gebiet opdield yn grutte feepleatsen. Nei't it yn 1848 oan 'e ein fan 'e Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch, mei de rest fan it súdwesten troch Meksiko oan 'e Feriene Steaten ôfstien wie, kaam de kolonisaasje troch de Amerikanen op gong.

De Balboa Pier.

Doe't yn 1870 bliken die dat grutte steamskippen yn 'e natuerlike haven fan Newport Beach út 'e fuotten koene, stiften James Irvine, dy syn broer Robert Irvine en James McFadden der in delsettinkje dat yn 't earstoan Newport ("Nijhaven") kaam te hjitten, mar úteinlik it efterheaksel "Beach" ("Strân") krige. Yn 1905 krige de ûntjouwing fan wat doe noch in ferstruid doarpke wie, in wichtige ympuls troch de oanlis fan 'e Pacific Electric Railway, in tramwei fan Los Angeles ôf, dy't oan 'e kust by Newport Beach syn einpunt krige. Yn 1906 krige it doarpke sadwaande offisjeel de status fan stêd, al hie it doe noch mar 206 ynwenners.

Sûnt is Newport Beach fluch groeid, net inkeld troch mear ynwenners te lûken, mar ek troch anneksaasje fan omlizzende mienskippen. Sa waard yn 1923 Corona del Mar al anneksearre, yn 2002 Newport Coast, East Santa Ana Heights en San Joaquin Hills, en yn 2008 noch West Santa Ana Heights (nei in lange wrakseling mei Costa Mesa, dat dêr ek oanspraak op makke).

Newport Beach hjoed de dei

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wichtichste pylders foar de ekonomy fan Newport Beach binne ûnderskate dielen fan 'e tsjinstesektor, yn it bysûnder it toerisme, de sûnenssoarch en it fersekeringswêzen. Deibesikers en meardeiske toeristen komme fral nei Newport Beach ta fanwegen de strannen en de see, dêr't oan surfen en silen of gewoan oan sinnebaaien dien wurde kin. Oare besjensweardichheden binne û.m. de Newport Pier en de Balboa Pier, dy't útstekke yn 'e see en dêr't ferdivedaasjefasiliteiten op binne; it Orange County Museum of Art, in keunstmuseum; it Newport Harbor Nautical Museum, in skipfeartmuseum; en it Newport Sports Museum, in sportmuseum.

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Newport Beach 19,0% âlder as 65 jier en 17,3% jonger as 18 jier. Fierders bestie 33,1% fan 'e húshâldings út ien persoan. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 82,3% blanken; 7,2% Latino's; 7,0% Aziaten; 0,7% swarten; 0,3% Yndianen; 2,5% oaren of fan mingd etnysk komôf.

In loftfoto fan Newport Beach.
In sylwedstryd yn 'e haven fan Newport Beach.

Berne yn Newport Beach

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stoarn yn Newport Beach

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Newport Beach hat in Mediterraansk klimaat, mei noflike simmers en tige mylde winters. Yn augustus en septimber, de waarmste moannen, is de trochsneed temperatuer oerdeis 23 °C, en fan desimber oant en mei maart, de kâldste tiid, is dat 18 °C. De stêd kriget jiers trochinoar 295,9 mm delslach; snie komt der net foar.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.