Springe nei ynhâld

Famylje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Famyljelid)
In stânbyld fan twa âlden mei in bern yn Bratislava.
Dizze side giet oer besibskip yn 'e biologyske sin. Foar oare betsjuttings, sjoch: famylje (betsjuttingsside).

In famylje (fan it Latynske familia) is in netwurk fan ynterpersoanlike relaasjes op basis fan besibskip troch ôfstamming, houlik, pleechsoarch of adopsje, dy't yn alle minsklike kultueren de grûnslach fan 'e maatskippij foarmet. Alle famyljes kinne opdield wurde yn twa helten: de kearnfamylje, better bekend as it gesin, dat bestiet út âlden en harren bern, en de bredere famylje (ta ûnderskie soms oantsjut mei de Ingelske term extended family), dêr't ek pakes en beppes, omkes en muoikes, neven en nichten, ensfh. ta rekkene wurde.

Besibskipsrelaasjes yn in famylje.

Fierders binne der beskate soarten famyljes. De skoanfamylje of oantroude famylje is dat part fan 'e famylje dêr't men inkeld mei besibbe is fia it houlik mei jins man of frou. Hjirby giet it dus eins om 'e famylje fan dy man of frou, en net om jins 'eigen' (biologyske) famylje. De leden fan in styffamylje binne lju dêr't men mei besibbe is fia de houliksbân fan ien fan jins âlden, dy't dan yn 'e regel sletten is nei jins eigen berte út in eardere relaasje. Healbruorren en -susters binne bern dy't ien (mar net de oare) fan 'e beide âlden mei jinsels gemien hawwe. In pleechfamylje, ta einbeslút, is in famylje dêr't men yn oannommen is, mar dêr't men fierder alhiel gjin ôfstammingsbesibskip mei hat.

Yn 'e measte maatskippijen is de famylje in gearwurkingsferbân dêr't de leden troch ûnderstipe wurde, bygelyks op it mêd fan it grutbringen fan bern. Op dat mêd wurde kearnfamyljes of gesinnen troch de antropology klassifisearre neigeraden wa't de opfieding of it grutste part dêrfan ferfollet. Sa sprekt men fan in matrifokaal gesin as de bern grutbrocht wurde troch de mem en fan in patrifokaal gesin as de bern grutbrocht wurde troch de heit. In 'normaal' gesin, wêryn't de bern fersoarge wurde troch de heit en mem tegearre, wurdt oantsjut as konjugaal (fan it Ingelske conjugal, in eigenskipswurd dat ferwiisd nei it houlik). As de bern grutbrocht wurde troch pake en beppe, in pake of in beppe of in omke of muoike, sprekt men fan in avunkulêr gesin.

Geslachtsferkear en seksuële relaasjes tusken leden fan ien famylje ûnderling wurde ornaris beskôge as ynsest en binne yn 'e measte kultueren taboe. De útsûndering dêrop is fansels it houlik tusken man en frou. Soms wurde ek relaasjes tusken (efter)neven en (efter)nichten tastien. Yn it Alde Egypte wie it wenst dat de farao's mei harren eigen suster trouden, al wie dat in útsûndering yn 'e Aldegyptyske kultuer, om't de farao's as goaden beskôge waarden, dy't dêrom net mei sljochtwei folk trouwe koene. De tûke fan 'e wittenskip dy't him taleit op it ûndersyk nei (ôfstamming)srelaasjes binnen famyljes, hjit de geneälogy.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes and references en Bibliography, op dizze side.


Besibskip
earstegraads besibskip
âlden (heit • mem) | bern (soan • dochter) | sibling (broer • suster)
twaddegraads besibskip
pake en beppe (pake • beppe) | pake- en beppesizzer | omke | muoike | omke- en muoikesizzer | healsibling (healbroer • healsuster)
treddegraads besibskip
oerpake en -beppe (oerpake • oerbeppe) | oerpake- en -beppesizzer | âldomke | âldmuoike | âldomke- en -muoikesizzer | neef | nicht | healomke | healmuoike
fjirdegraads besibskip
betoerpake en -beppe (betoerpake • betoerbeppe) | betoerpake- en -beppesizzer | oerâldomke | oerâldmuoike | oerâldomke- en -muoikesizzer | efterneef | efternicht
skoanfamylje (gjin biologyske besibskip)
oarehelte (man • frou) | skoanâlden (skoanheit • skoanmem) | sweager | skoansuster | skoanbern (skoansoan • skoandochter) | oantroude omke | oantroude muoike
styffamylje (gjin biologyske besibskip)
styfâlder (styfheit • styfmem) | styfbern (styfsoan • styfdochter) | styfsibling (styfbroer • styfsuster) | styfpake | styfbeppe | styfpakesizzer | styfbeppesizzer | styfomke | styfmuoike | styfomkesizzer | styfmuoikesizzer
oar
adopsje | allinnichsteande âlder | bloedsibskip | famylje | foarâlden | foarbern (foarsoan • foardochter) | generaasje | gesin | húshâlding | ienlingsbern | neiteam | oansibskip | oerwûn bern | ôfstamming | pleechgesin | probandus | list fan beneamings foar generaasjes