Springe nei ynhâld

Evolúsjeteory

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Evolúsjelear)
Charles Darwin, de heit fan de evolúsjeteory

De evolúsjeteory is de wittenskiplike teory oer it ûntstean en de ûntwikkeling fan de ferskillende libbensfoarmen op ierde. Dy teory kombinearret de fariaasje fan de soarten fan Alfred Russel Wallace, it meganisme fan natuerlike seleksje fan de evolúsjeteory fan Charles Darwin en de erflikheidslear fan Gregor Mendel en de dêrút folgjende populaasjegenetika.

Alfred Russel Wallace wie de earste dy't seach hoe't bistesoarten ferskilden nei it plak dêr't se libben. Dêrfanút ûntwikkele er de teory dat soarten harren altyd fierder fariearje.

Charles Darwin wie op it selde stuit mear dwaande mei de natuerlike seleksje, dêr't er de ferklearring yn seach fan it evolúsjeproses. Darwin wie lykwols noch net op de hichte fan de erfliksheidswetten en sloech de planke hjir en dêr dan ek folslein mis. It wie him wol dúdlik dat der in meganisme wêze moast wêrtroch âlden eigenskippen trochjouwe oan neikommelingen en dat dêryn fariaasjes yn sitte kinne, mar oer it hoe-en-wat wist er neat.

Op 1 july 1858 waarden de stúdzjes fan Darwin en Wallace foarlêzen by de Linnean Society of London. Yn dy jierren, 1856 oant 1863, wie Gregor Mendel dwaande mei proeven dêr't er de erflikheidswetten mei ûntduts. Dy soenen letter ferneamd wurde as de Wetten fan Mendel, mar earst soenen sy op in suterich bledsje yn in argyf lizzen bliuwe, eart se opnij ûntdutsen waarden yn 1900.

Doe't letter de gromosomen as dragers fan de genen ûntdekt waarden en ek de struktuer fan it DNA, dat de gromosomen foarmet, opheldere wie (troch James D. Watson & Francis Crick, 1953) die bliken dat alles sekuer yn de al besteande evolúsjeteory paste en dy sels te fersterkjen.