Alfred Russel Wallace

Ut Wikipedy
Alfred Russel Wallace, om 1895

Alfred Russel Wallace (Llanbadoc (Wales), 8 jannewaris 1823Dorset (Ingelân) 7 novimber 1913) wie in Britsk natuerûndersiker, geograaf, antropolooch en biolooch (entomolooch). It meast bekend is er wurden troch it ûnôfhinklik ûntfâldzjen fan in evolúsjeteory, dêr't Charles Darwin him troch twongen fielde om syn eigen, earder betochte, teory te publisearjen.

Wallace hat in soad ûndersyk yn it fjild dien, earst yn it streamgebiet fan de Amazône en dêrnei yn de Yndyske Arsjipel, dêr't er de rin fan de Wallaceline formulearre. Wallace wurdt beskôge as de meast foaroansteande saakkundige fan de 19e iuw op it mêd fan geografyske fersprieding fan bistesoarten en wurdt wolris de "heit fan de biogeografy" neamd.[1] Wallace wie ien fan de grutste tinkers fan de 19e iuw wat evolúsje oanbelanget, wie mei-ûntdekker fan de natuerlike seleksje en hat ek fierders in tal bydragen oan de ûntjouwing fan de evolúsjeteory levere; ûnder oaren it konsept fan aposematyske kleurferoarings by bisten en it Wallace-effekt, in hypotese oer hoe't natuerlike seleksje harres ta it ûntjaan fan soarten docht troch barriêrefoarming tsjin it ûntstean fan hybrides.

Wallace waaard sterk oanlutsen troch ûnkonvinsjonele ideeën. Hy hinge it religieus spiritualisme oan en leaude yn de net-materiële oarsprong fan de minsklike geast, wat him op krityk kaam te stean fan de fêstige wittenskip, fral fan oare betide foarstanners fan de evolúsjeteory. Neist wittenskipper wie Wallace ek sosjaal aktivist dy't tige kritysk foar it doetiidske ûnrjochtfeardige sosjale- en ekonomyske systeem fan Grut-Brittanje oer stie. Syn niget oan biogeografy makke him ek ta ien fan de earste foaroansteande wittenskippers dy't yn noed siet oer de gefolgen fan it minsklik hanneljen foar it miljeu. Wallace wie in fruchtber skriuwer oer wittenskiplike en sosjale ûnderwerpen; syn ferslach fan syn observaasjes en avontoeren by syn ûndersyk yn Yndoneezje en Maleizje, Ynjeske Arsjipel, wie ien fan de meast populêre en ien mei de measte ynfloed op de wittenskip yn de 19e iuw.

De Wallaceline[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De 'Wallaceline' (Ingelsk: Wallace Line) is in teoretyske line dy't tusken Borneo, Selebes en eastlik fan Baly rint. Dy streek ferdielt de soölogy fan Aazje en Austraalje. Bewesten fan de line fûn Wallace fral spesimens mei sibben yn Aazje, eastlik fan de line soarten besibbe oan dy fan Austraalje.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Smith, Charles H.; Alfred Russel Wallace: Evolution of an Evolutionist Introduction The Alfred Russel Wallace Page fersoarge troch Western Kentucky University
  • Dit artikel is in oersetting fan de ynlieding fan Alfred Russel Wallace yn de Ingelsktalige Wikipedia