Reputaasje

Ut Wikipedy

In reputaasje is it byld dat, of de breed dielde miening dy't by it bredere publyk bestiet fan in persoan, in maatskiplike groep, in organisaasje of sels fan in foarwerp. Soks is ornaris it gefolch fan in proses fan ûnbewuste sosjale beoardieling op basis fan in stikmannich morele kritearia, liedend ta in beskate persepsje dy't dreech te feroarjen is as er ienris fêststeld is. As de eigenskippen dy't oan sa'n entiteit tadichte wurde, oer it algemien posityf binne, is der sprake fan in goede reputaasje, mar as de eigenskippen oer it generaal nommen negatyf binne, bestiet der in minne reputaasje. Yn it Frysk seit men ek wol dat eat of immen "op in goede (of minne) namme leit". In minne reputaasje kin in soad skea tabringe oan bygelyks de kânsen fan in persoan op it mêd fan sosjale ynteraksje mei oare persoanen, en oan 'e mooglikheden fan in bedriuw om klanten te winnen. Dêrom is it foarkommen fan reputaasjeskea (it skansearjen fan jins goede namme) foar bedriuwen almeast fan it heechste belang.

It ferskynsel reputaasje is in rûnombywêzich, spontaan en tige effisjint meganisme foar sosjale kontrôle yn natuerlike maatskippijen. It is ûnderwerp fan stúdzje yn 'e maatskiplike en technyske wittenskippen en ek op it mêd fan marketing. It hat ynfloed yn sawol omstannichheden fan konkurrinsje, lykas frije merken, as yn omstannichheden fan gearwurking, lykas binnen organisaasjes, bedriuwen en mienskippen. Boppedat oefenet it ynfloed út op ferskynsels op in grut ferskaat oan skalen, fan it aldendeiske bestean fan in yndividu oant de ynternasjonale relaasjes tusken ferskillende lannen. Reputaasje wurdt faak beskôge as in ûnderdiel fan it begryp identiteit.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.