People's Choice Award

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
People's Choice Award
People's Choice Awards logo.png
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
útrikt foar film, tillefyzje en muzyk
útrikt troch Procter & Gamble
frekwinsje 1x jiers
datum mids jannewaris
plak Los Angeles (Kalifornje)
ynsteld 1974
1e útrikking 1975
offisjele webside
www.peopleschoice.com

De People's Choice Awards ("Folkskarprizen") binne in groep Amerikaanske prizen dy't ienris yn it jier by in seremoanje yn Los Angeles útrikt wurde foar de bêste wurken op it mêd fan film, tillefyzje en muzyk fan it foargeande jier. De winners wurde bepaald troch it Amerikaanske publyk, oarspronklik op grûn fan in opinypeiling, mar sûnt 2005 fia in online-stimming op 'e webside fan 'e People's Choice Awards. De útrikkingsseremoanje wurdt organisearre troch Procter & Gamble, in Amerikaanske produsint fan konsuminte-artikels. De earste útrikking fûn plak yn 1975, en de seremoanje is sûnt altyd live útstjoerd troch de Amerikaanske stjoerder CBS. By de earste útrikking waard The Sting útroppen ta favorite film (fan it jier 1974), Barbra Streisand ta favorite aktrise en John Wayne ta favorite akteur.

Kategoryen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De kategoryen fan 'e People's Choice Awards hawwe troch de jierren hinne wat fariëarre, mar op 't heden binne der 48 ûnderskate kategoryen, ferdield oer fjouwer sjenres:

  • Film
    • favorite film fan it jier
    • favorite aksjefilm fan it jier
    • favorite komeedzje fan it jier
    • favoryt drama fan it jier
    • favorite filmrige fan it jier
    • favoryt filmfangefolch fan it jier
    • favorite filmakteur fan it jier
    • favorite filmaktrise fan it jier
    • favorite dramafilmakteur fan it jier
    • favorite dramafilmaktrise fan it jier
    • favorite aksjefilmstjer fan it jier
    • favorite filmsuperheld fan it jier
    • favorite komeedzjefilmakteur fan it jier
    • favorite komeedzjefilmaktrise fan it jier
  • Tillefyzje
    • favorite komeedzjesearje fan it jier
    • favorite kabeltillefyzjekomeedzjesearje fan it jier
    • favorite nije tillefyzjekomeedzjesearje fan it jier
    • favorite dramasearje fan it jier
    • favorite kabeltillefyzjedramasearje fan it jier
    • favorite nije tillefyzjedramasearje fan it jier
    • favorite misdiesearje fan it jier
    • favorite science fiction/fantasysearje fan it jier
    • favorite tillefyzjekwis fan it jier
    • favoryt beteltillefyzjeprogramma fan it jier
    • favorite komeedzjetillefyzje-akteur fan it jier
    • favorite komeedzjetillefyzje-aktrise fan it jier
    • favorite dramatillefyzje-akteur fan it jier
    • favorite dramatillefyzje-aktrise fan it jier
    • favorite deitillefyzjepresintator fan it jier
    • favorite jûnstillefyzjepresintator fan it jier
    • favoryt ferneamd sjuerylid fan it jier
    • favorite nije praatprogrammapresintator fan it jier
    • favoryt tillefyzjefangefolch fan it jier
  • Muzyk
    • favoryt liet fan it jier
    • favoryt album fan it jier
    • favorite fideoklip fan it jier
    • favoryt muzykfangefolch fan it jier
    • favorite manlike artyst fan it jier
    • favorite froulike artyst fan it jier
    • favorite band fan it jier
    • favorite popartyst fan it jier
    • favorite hiphopartyst fan it jier
    • favorite r&b-artyst fan it jier
    • favorite country-artyst fan it jier
    • favorite trochbrekkende artyst fan it jier
  • Spesjaal
    • favorite humanitêre bekendheid
    • troch it folk keazen stim fan it jier
    • favorite krystfilm

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.