Springe nei ynhâld

Hiphop

Ut Wikipedy

Hiphop is in libbenstyl, benammen bekend as in muzykstreaming. It is yn 'e jierren '70 fan de tweintichste iuw ûntstien yn it New Yorkske stêdsdiel de Bronx, dêr't doe in soad Afro-Amerikanen en Latinos wennen. Ornaris wurdt it begryp rap muzyk brûkt as in synonym fan Hiphop, alhoewol't rappen in tiidwurd is, ferwiisd it ek nei it oefenjen fan Hiphopsjongers en -sjongsters.

Hiphop is in kultuer. It is net allinnich it begryp fan in muzykfoarm. Yn 'e jierren santich wie der in groep Afro-Amerikanen dy't it net iens wiene mei de maatskippij. Hiphopteksten binne gauris teksten oer saken dy't neffens de Hiphoppers net yn oarder binne, of oer it libben fan de Hiphopper sels. Hiphop is in kultuer dêr't de swarte bewenners yn stêdelike gebieten in eigen stim mei krigen.

In soad minsken tinke dat hiphop begûn yn 'e Feriene Steaten fan Amearika, mar dat is net sa: yn Brazylje binne se mei Hip hop begûn; dêrnei waard it populêr op Jamaika en dêrnei kaam it pas yn 'e Feriene Steaten, dêr't artysten lykas Run DMC mei op 'e tillefyzje kamen. Dat hat grutte ynfloed hân op 'e rapmuzyk, tinke oan Cypress Hill, Beastie Boys, Wu-Tang Clan en Ice T (bodycount) bygelyks.

Tachtiger en njoggentiger jierren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oant de tachtiger jierren ta wie Hiphop net bekend bûten de Feriene Steaten. Wilens de tachtiger jierren kamen minsken op oare kontinenten foar it earst yn 'e kunde mei de muzyk. Oan it begjin fan de tachtiger jierren wie earst breakdancing bekend wurden.

Doe't Dr. Dre yn 1992 mei it album The Chronic ferskynde, waard gansta rap in aparte streaming. Oan 'e ein fan it desennium krige hiphop troch sjongers lykas Eminem, mear omtinken. Om 2000 hinne hie suver alle ferneamde popmuzyk wat komponinten fan hiphop.

Ferneamde Hiphoppers

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fryske Hiphoppers

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oare Hiphoppers

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
     

  • Vibe (FSA)
  • The Source (FSA)
  • Juice (Dútslân)
  • Downstairs (FSA)
  • XXL-Magazine (FSA)
  • „Wild Style“, (rezjy: Charlie Ahearn), FSA, 1982. De âldste dokumintêre oer hiphop.
  • „Beat Street“, (rezjy: Stan Lathan), FSA, 1984 (oer it begjin fan de hiphop)
  • „Style Wars“, (rezjy: Tony Silver, Produzent: Henry Chalfant), FSA, 1983 (oer it begjin fan de hiphop)
  • „8 Mile“, (rezjy: Curtis Hanson), FSA, 2002 (mei Eminem en Kim Basinger)
  • „Street Style (orizjinele titel: You got served)“, (rezjy: Christopher B. Stokes), FSA, 2004 (film oer de strjitdûns kultuer yn Amearika)
  • „Get Rich Or Die Tryin'“, USA, 2005, (in film oer it ferline fan 50 Cent as drugshanneler)
  • Brown Sugar (in film oer hiphop, mar ek in romantyske komedy film)
  • Barber Shop 1&2 (Mei Eve, queen Latifah, Ice Cube ensfh.)