Springe nei ynhâld

Ol' Dirty Bastard

Ut Wikipedy
Ol' Dirty Bastard
sjonger en/of muzikant
Muorreskildering ta oantins fan Ol’ Dirty Bastard
Muorreskildering ta oantins fan Ol’ Dirty Bastard
persoanlike bysûnderheden
echte namme Russell Tyrone Jones
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 15 novimber 1968
berteplak Brooklyn
stoarn 13 novimber 2004
stjerplak New York City
wurkpaad
sjenre Hiphop
sjongtaal Ingelsk
grutste hit(s) Ghetto Supastar (That Is What You Are)
jierren aktyf 19922004

Ol’ Dirty Bastard (pseudonym fan Russell Tyrone Jones) (Brooklyn, 15 novimber 1968New York City, 13 novimber 2004) wie in Amerikaansk rapper en in mei-oprjochter fan de Wu-Tang Clan.

Ol’ Dirty Bastard kaam faak yn 'e problemen, de swierrichheden foar ODB begûnen yn 1994, doe't er by in sjitpartij mei in oare rapper yn de mage sketten waard. Yn 1997 waard ODB foar it earst oanklage troch in eardere freondinne omdat er gjin alimintaasje foar harren dochter betelle. Yn 1998 folgen ferskate rjochtsaken tsjin syn eks-frou, rekke by in mislearre rôfoerfal ODB ferwûne, waard arrestearre foar winkelstellerij en fanwegen it meardere kearen uterjen fan terroristyske bedrigingen by dronkenskip. By in rûtinekontrôle troch de plysje waard er letter arrestearre foar it besykjen ta moard en ferbean wapenbesit. Wêr't dizze oanklachten krekt op basearre wiene, is nea dúdlik wurden en ODB waard hjir dan ek foar frijsprutsen. Net folle letter waard er lykwols arrestearre foar it riden sûnder jildich rydbewiis, it dragen fan in kûgelfrij fest en it by him hawwen fan kokaïne, crack en marihuana.

Nettsjinsteande alle rjochtsaken brocht ODB yn 1999 in nij album út, mei de titel Nigga Please. Net folle letter flechte ODB in troch de rjochtbank oplein rehabilitaasjeprogramma en wie er in moanne spoarleas. Uteinlik waard er arrestearre en feroardiele ta twa ta fjouwer jier finzenisstraf. Yn 'e finzenis besocht er om it sels tekoart te dwaan. Ol' Dirty Bastard stoar yn 2004 yn 'e âldens fan 35 jier oan in oerdosis drugs. ODB wurke op dat stuit oan syn tredde soloalbum, titele A son unique dat útbrocht wurde soe by Roc-A-Fella Records. Troch it útinoar gean fan de lieding fan it label waard de ferskiningsdatum lykwols meardere kearen útsteld. Oant no ta is it album noch hieltyd net offisjeel útbrocht, hoewol't it yn 2006 koarte tiid te krijen wie op iTunes.

Album Utbrocht op Band Single(s)
Enter the Wu-Tang (36 Chambers) 9 novimber 1993 Wu-Tang Clan Protect Ya Neck,
Method Man,
C.R.E.A.M.,
Can It Be All So Simple
Return to the 36 Chambers: The Dirty Version 28 maart 1995 Ol' Dirty Bastard Brooklyn Zoo,
Shimmy Shimmy Ya
Wu-Tang Forever 3 juny 1997 Wu-Tang Clan Triumph,
It's Yourz,
Reunited
Nigga Please 14 septimber 1999 Ol' Dirty Bastard Got Your Money
The W 21 novimber 2000 Wu-Tang Clan Protect Ya Neck (The Jump Off),
Gravel Pit,
Careful (Click, Click)
Iron Flag 18 desimber 2001 Uzi (Pinky Ring),
Rules,
Back in the Game