Springe nei ynhâld

Breakdance

Ut Wikipedy
In breakdancer

Breakdance (ek wol breaking, b-boying of b-girling neamd) is in dûnsstyl dat beoefene wurdt troch minsken út de hiphop scene. Breakdancing is in dûns dy't yn de iere sântiger jierren yn de Afro-Amerikaanske en Puerto Rikaanske mienskippen yn South Bronx yn New York City ta stân kaam. Yn de sântiger en tachtiger jierren hat de dûns stadichoan syn populariteit wûn yn de gruttere stêden fan de Feriene Steaten.

By breakdancing giet it om lichembewegings, spins, earmbewegings en skonkbewegings op in hiphop nûmer/ritme. De populariteit fan breakdancing wie yn de tachtiger jierren op syn hichtepunt mar wurdt hjoed-de-dei ek noch rûnom dûnse. It is benammen in dûns fan de jongerein, en wurdt meast as cool beskôge.