Springe nei ynhâld

Kwis

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Tillefyzjekwis)
Pim-pam-pet, in ienfâldich kwis-spull

In kwis is in benammen op kennis basearre spyul wêrby't spilers binnen in bepaalde tiid fragen beantwurdzje moatte, eventueel kombinearre mei oare opdrachten. Neist it oproppen fan feitekennis is soms ek logysk of lateraal tinken fereaske. Kwissen komme foar yn ferskate foarmen, wêrfan selskipsspullen sealkwissen en telefyzjekwissen de wichtichste binne.

Selskipsspullen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Trivial Pursuit is de meast ferspriede en bekendste kwis yn de foarm fan in selskipsspul. Fierders hawwe in soad telefyzjekwissen, lykas De Zwakste Schakel, Waagstuk en Blokken, ek in boerdferzje. Wa't yn it iepenbier ik kwis liedet wurdt kwismaster neamd.

Telefyzjekwissen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In protte amusemintsprogramma's op telefyzje hawwe de foarm fan in kwis. In oantal telefyzjekwissen binne:


Dizze kwisfoarm ûntstie yn de jierren fyftich en sechtich nei foarbyld fan telefyzjekwissen as Honderdduizend of niets. Yn in jûnfoljende kwis dy't bestiet út in oantal fragenrondes nimme ploegen fan trije oant seis kwissers it tsjin elkoar op, soms as gelegenheidsploech, mar ek wol as besteand team.

Soad brûkte objekten by kwissen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • buzzer: yn in soad kwissen moatte de kandidaten op in knop drukke eardat se it antwurd op in fraach jaan kinne. Wa't as earste de buzzer yndrukt, mei it antwurd jaan.
  • dridze: yn ferskate kwissen is it mooglik om smoarch te wurden. Dit is meastal sa as fragen fout beändere wurde. Foarbylden fan sokke kwissen binne de snottebakronde út Omega Code, de derriedûs út de Dreamshow en de sopbak by Ron's Honeymoon Quiz.

Nasjonale en ynternasjonale kampioenskippen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt inkele jierren wurde ek nasjonale en ynternasjonale kompetysjes hâlden dy't basearre binne op sealkwissen. Soms foar yndividuelen, soms foar teams.

  • 2005 1. Ronny Swiggers 2. Marnix Baes 3. Bernard Kreps
  • 2006 1. Ronny Swiggers 2. Marnix Baes 3. Koen Vervremd
  • 2007 1. Ronny Swiggers 2. Nico Pattyn 3. Marnix Baes
  • 2008 1. Nico Pattyn 2. Ronny Swiggers 3. Bernard Kreps
  • 2009 1. Ronny Swiggers 2. Luc Lenaerts 3. Koen Vervremd
  • 2010 1. Ronny Swiggers 2. Luc Lenaerts 3. Bernard Kreps

Nederlânsk kampioenskippen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Nederland waard op 18 novimber 2006 foar de easrte kear it NK Kwissen Yndividueel ûnder tafersjoch fan de IQA (International Quizzing Association) hâlden. De fragen waarden opsteld troch Rinus Uijl en Paul Hermans fan it organisearjende SQON/IQA Netherlands. De Utertske skriuwer en sjoernalist Guido Derksen easke de titel op. Yn 2007, 2008 en 2009 gie de Amsterdammer Peter Korrel mei de yndividuele titel op hûs oan.

In 2007 organisearre dizze organisaasje dfoar de earste kear ek in NK foar teams. It winnende team bestie út Arthur Kolks, Guido Derksen, Derk de Graaf en Maarten Coelingh.

Peter Korrel ferdigene yn Capelle aan den IJssel syn titel Nederlânsk Kampioen Kwissen Yndividueel op 03 oktober 2009 foar de 2e kear súksesfol. It twadde plak wie foar de Amersfoarter Arthur Kolks en it brûns foar Amsterdammer Ernst Elzinga. De titel by de duo's gie nei Peter Korrel en John van Maris út Rotterdam. Yn it NK foar teams hâlde it team Maarten Coelingh, Derk de Graaf, Guido Derksen, Arthur Kolks foar de tredde kear efterelkoar de titel yn hannen.

NK yndividueel kwissen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 2006 1. Guido Derksen 2. Derk de Graaf 3. Roel Schiedon
  • 2007 1. Peter Korrel 2. Derk de Graaf 3. Rob van Holt
  • 2008 1. Peter Korrel 2. Derk de Graaf 3. John van Maris
  • 2009 1. Peter Korrel 2. Arthur Kolks 3. Ernst Elzinga

2007

  1. Maarten Coelingh, Derk de Graaf, Guido Derksen, Arthur Kolks
  2. Hans van Doren, Anny Gramsma, Margreet Keijzer, Roel Schiedon
  3. Rob van Holt, Arnold Kuijk, Pim Schrijver, Arno Woesthoff

2008

  1. Maarten Coelingh, Derk de Graaf, Guido Derksen, Arthur Kolks
  2. Mike Bax, John van Maris, Maurice van Maris, Mishu Westerveld
  3. Rob Bonneveld, Brigitta Felen, Peter Korrel, Freddy Spit

2009

  1. Maarten Coelingh, Derk de Graaf, Guido Derksen, Arthur Kolks
  2. Peter Korrel, Mike Bax, Maurice van Maris, John van Maris
  3. Ernst Elzinga, Marielle Rebel, Tom Gabel, J.P. Hogervorst

2008

  1. Maarten Coelingh - Derk de Graaf
  2. John van Maris - Maurice van Maris
  3. Ruud Kok - Arthur Kolks

2009

  1. Peter Korrel - John van Maris
  2. Guido Derksen - Arthur Kolks
  3. Mike Bax - Maurice van Maris / Maarten Coelingh - Derk de Graaf

Europeeske Kampioenskippen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de wrâld wurdt benammen kwisse yn Estlân, Finlân, Grut-Brittanje, Yndia, Noarwegen en it Nederlânske taalgebiet. Yn 2003 waard in earste ynternasjonale konfrontaasje organisearre yn it Ingelske Bromley. Op de ploegekwis wûn it Belgyske Kafee Den Hemel en de Belgen wûnen de ynterlân tsjin Ingelân.

Wrâldkampioenskip kwissen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt 2004 wurdt der ien kear yn it jier ûnder tafersjoch fan de IQA in Wrâldkampioenskippen Kwissen organisearre. Dy binne hast tagelyk op ferskillende plakken yn de wrâld.

Oersjoch fan palmares

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 2003: 1. Olav Bjortomt (UK)
  • 2004: 1. Kevin Ashman (UK) - 2. Pat Gibson (Irl) - 3. Ashish (Ind)
  • 2005: 1. Kevin Ashman (UK) - 2. Pat Gibson (Irl) - 3. Nico Pattyn (Bel)
  • 2006: 1. Kevin Ashman (UK) - 2. Pat Gibson (Irl) - 3. Nico Pattyn (Bel)
  • 2007: 1. Pat Gibson (Irl) - 2. Kevin Ashman (UK) - 3. Mark Bytheway (UK)
  • 2008: 1. Mark Bytheway (UK) - 2. Ronny Swiggers (Bel) - 3. Tero Kalliolevo (Fin)
  • 2009: 1. Kevin Ashman (UK) - 2. Ronny Swiggers (Bel) - 3. Mark Bytheway (UK)
  • 2010: 1. Pat Gibson(Irl) - 2. Kevin Ashman(UK) - 3. Ronny Swiggers(Bel)