Aretha Franklin

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Aretha Franklin makket har klear foar in optreden yn it Wite Hûs yn 2015

Aretha Louise Franklin (Memphis, Tennessee, 25 maart 1942Detroit, Michigan, 16 augustus 2018) wie in Amerikaanske gospel-, soul- en rhythm & blues-sjongster. Op de ranglist fan 100 bêste sjongers (manlju en froulju) fan alle tiden fan it Amerikaanske muzyktydskrift Rolling Stone stiet hja op de earste plak.

Libbensrin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Se waard berne as dochter fan in dûmny fan in baptistetsjerke en hja song as bern mei har susters Carolyn en Erma yn koar. Op har fjirtjinde waard hja ûntdutsen en hja sleat doe al in kontrakt mei Columbia Records. Letter ferfear se nei Atlantic Records, dêr't hja mei produsint Jerry Wexler gearwurke. Mei him makke hja in pear grutte r&b opnamen lykas I Never Loved a Man (The Way I Love You). Dat liet hie folle mear soul as har eardere wurk. Oan'e ein fan de sechtiger jierren krige Franklin de bynamme "Queen of Soul", om't hja njonkelytsen al sa ferneamd wie en ek in gesicht waard foar de Afro-Amerikaanske mienskip.
Se hie in soad hits yn de top 10, dêr't in stikmannich covers fan oare ferneamde artysten lykas The Beatles, Simon & Garfunkel, Sam Cooke en The Drifters. Wichtige nûmers fan harsels wiene Chain of Fools, Natural Woman, Think, Baby I Love You, The House That Jack Built, I Say a Little Prayer en Respect. Spanish Harlem stie ien wike op nûmer ien.
Yn it begjin fan de tachtiger jierren like har karriêre wat yn it neigean te reitsjen oant hja in cover makke fan it nûmer fan de Doobie Brothers What a Fool Believes. Justjes dernei wie hja te sjen yn de klassike muzykfilm The Blues Brothers mei John Belushi. Letter hie se mear hits lykas Freeway of Love en I Knew You Were Waiting (For Me) yn in duët mei George Michael. Dat nûmer stie in pear wike lang op nûmer ien. Yn 1994 sjongde hja it nûmer A Deeper Love foar de film Sister Act.
Op 3 jannewaris 1987 wie hja de earste frou dy't in plak yn de Rock and Roll Hall of Fame krige. Yn 1999 krige hja de heechste Amerikaanske keunstûnderskieding Medal of Arts. Op 20 jannewaris 2009 song se Franklin My Country, 'Tis of Thee op de ynauguraasje fan Barack Obama as 44e presidint fan de Feriene Steaten. Yn 2010 waard Franklin troch it Amerikaanske muzyktydskrift Rolling Stone útroppen as bêste sjong(st)er fan alle tiden. Op 17 oktober 2014 kaam har 38e studio-album Aretha Franklin Sings the Great Diva Classics út. Yn febrewaris 2017 makke se buorkundich dat hja mei pensjoen gean soe nei it ferskinen fan har lêste album yn septimber.

Aretha Franklin hat twa kear troud west en hat fjouwer soannen fan fjouwer ferskillende manlju.

Sûnens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn desimber 2010 waard fêststeld dat hja kanker oan de pankreäs hie. Yn augustus 2013 ferklearre hja dat hja better wurden wie en woe alhiel op har karriêre rjochtsje. De sykte kaam lykwols werom. Yn augustus 2018 krige hja thús palliative soarch en waard buorkundich makke dat hja net lang mear libje soe. Op 16 augustus 2018 is hja ferstoarn yn de âldens fan 76 jier.

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Singles[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Respect (1967)
  • Baby I Love You (1967)
  • Chain of Fools (1968)
  • Since You've Been Gone (Sweet Sweet Baby) (1968)
  • Think (1968)
  • I Say a Little Prayer (1968)
  • See-saw (1968)
  • The Weight (1969)
  • I Can't See Myself Leaving You (1969)
  • Share Your Love with Me (1969)
  • Eleanor Rigby (1969)
  • Spanish Harlem (1971)
  • Freeway of Love (1985)
  • Sisters Are Doin' It for Themselves (1985), mei Eurythmics
  • Who's Zoomin' Who (1985)
  • Jumpin' Jack flash (1986)
  • I Knew You Were Waiting (for Me) (1987), mei George Michael
  • It Isn't, It Wasn't, It Ain't Never Gonna Be (1989), mei Whitney Houston
  • (You Make Me Feel Like) A Natural Woman (1993)
  • A Deeper Love (1994)