Arkansas

Ut Wikipedy
Steat Arkansas
State of Arkansas
flagge wapen
Regnat Populus
(Latyn, "It Folk Regearret")
lokaasje yn de Feriene Steaten
algemien
ôfkoarting AR
lân Feriene Steaten
status (jier) steat (1836)
haadstêd Little Rock
grutste stêd Little Rock
offisjele taal Ingelsk
sifers
ynwennertal 2.966.369 (2014)
befolkingstichtens 21,8 / km²
oerflak 137.733 km² (2,1% wetter)
bykommende ynformaasje
bynamme de Natural State
(foarh. Land of Opportunity)
tiidsône UTC –6
simmertiid UTC –5
webside www.arkansas.gov
Dizze side giet oer de Amerikaanske steat Arkansas. Foar oare betsjuttings, sjoch: Arkansas (betsjuttingsside).

Arkansas (Ingelsk: Arkansas; útspr.: ['ɑɹkənsɔ:], likernôch "ark'nsô"), offisjeel de Steat Arkansas (Ingelsk: State of Arkansas), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Arkansas, byneamd de Natural State ("Natuersteat"), leit oan 'e westkant fan 'e rivier de Mississippy, en heart ta de regio fan it Amerikaanske Suden. De haadstêd is Little Rock, en dat is ek de grutste stêd fan 'e steat. Neffens in skatting út 2014 hie de Arkansas doe krapoan 3 miljoen ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 32e steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Arkansas mei hast 138.000 km² de 29e steat. Arkansas is in fierhinne lanlik gebiet, dat bûten de Feriene Steaten benammen bekend stiet om it feit dat de eardere Amerikaanske presidint Bill Clinton der wei kaam.

Etymology[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De namme 'Arkansas' is ôflaat fan 'e Frânske útspraak fan it wurd akakaze, dat yn it Kwapou, in Yndiaanske taal dy't yn Arkansas lânseigen wie, "lân fan it folk oan 'e ûnderrin fan 'e rivier" betsjut. It wurd soe ek út 'e (besibbe) taal fan 'e (Sioux) kommen wêze kinne, dêr't it "folk fan de suderwyn" betsjut. Uteinlik komt 'Arkansas' fan deselde woartel as de namme fan 'e buorsteat Kansas. De útspraak fan Arkansas mei de stomme lêste s waard yn 1881 offisjeel fêstlein nei't der in mieningsferskil oer ûntstien wie tusken de beide doetiidske federale senators fan 'e steat, fan wa't ien de lêste s útsprutsen en de oare de lêste s stom hawwe woe.

It Ozark-plato, yn it noardwesten fan Arkansas.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Arkansas hat in oerflak fan 137.733 km², wêrfan't 2,1% út wetter bestiet. De steat leit yn 'e Sintrale Tiidsône (UTC –6, simmertiid –5), en grinzget oan Louisiana yn it suden, de steat Mississippy yn it súdeasten, Tennessee yn it noardeasten, de steat Missoery yn it noarden, Oklahoma yn it westen en Teksas yn it uterste súdwesten. Yn it noardwesten dielt Arkansas krekt gjin grins mei Kansas. De eastgrins fan 'e steat wurdt foarme troch de rivier de Mississippy, behalven yn it uterste noardeasten, dêr't de saneamde Hakke fan Missoery by de Mississippy lâns nei it suden ta útstiket en de eastgrins fan Arkansas sadwaande gearfalt mei de rivier de St. Francis. De rest fan 'e steatsgrinzen bestiet fierhinne út rjochte linen.

Geologysk kin Arkansas rûchwei midstwa spjalten wurde, mei heuvels en lege bergen yn it noardwesten en leechlân yn is súdeasten. It berchlân omfiemet dielen fan it Ozark-plato, oan 'e grins mei Missoery, en fan it Ouachita-berchtme, oan 'e grins mei Oklahoma. It leechlân makket ûnderdiel út fan 'e alluviale flakte fan 'e rivier de Mississippy en beslacht û.m. de delta fan 'e rivier de Arkansas, dêr't dy yn 'e Mississippy útmûnet.

It flakke lân yn 'e delta fan 'e Arkansas.

It heechste punt yn 'e steat is de Mount Magazine, op 839 m boppe seenivo yn it noardwesten, en it leechste punt is it wetteroerflak fan 'e rivier de Ouachita, oan 'e súdgrins mei Louisiana, mei in hichte fan 200 m boppe seenivo. De grutste, langste en wichtichste rivieren yn 'e steat binne de Mississippy en de Arkansas. Arkansas omfiemet gjin federale Yndianereservaten. Wol binne der ferskate nasjonale parken en oare beskerme gebieten yn 'e steat, wêrûnder it Nasjonaal Park Hot Springs en 52 steatsparken.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foarôfgeande oan 'e kolonisaasje fan it gebiet waard Arkansas bewenne troch ferskate Yndiaanske folken, wêrûnder de Kwapou (Quapaw), Osadzje (Osage) en Keddo (Caddo). De earste Jeropeaan dy't it grûngebiet fan 'e lettere steat besocht, wie de Spaanske ûntdekkingsreizger Hernando de Soto, yn 1541. Yn 1673 waard Arkansas oandien troch de Frânsen Jacques Marquette en Louis Jolliet, en yn 1681 troch harren lânslju Robert la Salle en Henri de Tonti. Yn 1686 fêstige Tonti de Arkansas Post yn it gebiet, de earste Jeropeeske delsetting. Yn 'e iere achttjinde iuw setten har de earste kolonisten yn Arkansas nei wenjen, dat almeast pelsjagers en keaplju wiene.

Yndiaanske grêfheuvels út 'e Wâldlânperioade yn it Archeologysk Steatspark Toltec Mounds.

Arkansas waard in ûnderdiel fan 'e ûnbidich grutte Frânske koloanje Louisiana, dy't him útstriek fan 'e Mississippydelta oant yn wat no Kanada is. It bleau yn Frânske hannen oant 1763, doe't de koloanje by de Frede fan Parys yn Spaanske hannen kaam. Dêrnei hearde it 37 jier ta de Spaanske koloanje Nij-Spanje (it lettere Meksiko), oant de Spanjerts it yn 1800 wer weromjaan moasten oan Frankryk. Napoleon lykwols, dy't it doe yn Parys foar it sizzen hie, koe fanwegen de Britske oppermacht op 'e wrâldseeën net folle mei it gebiet, dat yn 1803 ferkocht er de koloanje oan in oare fijân fan 'e Britten, de Feriene Steaten, by in transaksje dy't bekendstiet as de Louisiana-oankeap.

Yn 1819 waard Arkansas bestjoerlik fan 'e rest fan it eardere Louisiana losmakke troch de oprjochting fan it Arkansas-territoarium, dat oant 1824 ek hiel Oklahoma útsein de Oklahoma Panhandle omfieme, en dêrnei noch in brede stripe lân oan 'e westgrins dy't yn 1828 oerhevele waard nei it Yndiaanske Territoarium (it lettere Oklahoma). As ûnderdiel fan it Amerikaanske Suden koene der yn it nije territoarium slaven holden wurde, al skeelde it mar ien stim yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen of de slavernij hie ôfskaft wurden yn it Arkansas-territoarium. Fral yn it leechlân fan it súdeastlike part fan it territoarium waarden slaven holden, mei't dêr in protte arbeidsyntinsive katoenplantaazjes wiene. Yn it noardwesten, dêr't gjin katoen groeie woe en de kolonisten harsels as gerniers en komelkers mar kwealk itende hâlde koene, kamen slaven suver net foar.

In lânkaart fan it Arkansas-territoarium (1819-1836).

Begjin 1830-er jierren waard de oarspronklike Yndiaanske befolking út Arkansas wei deportearre nei it oangrinzgjende Yndiaanske Territoarium (Oklahoma). Dat proses waard yn 1833 folôge mei de deportaazje fan 'e Kwapou. Op 15 juny 1836 waard Arkansas as folweardige steat (de 25e) ta de Amerikaanske Uny talitten. It gebiet hie doe sa'n 60.000 ynwenners. Tsjin it útbrekken fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) wie dat oantal mear as fersânfâldige, oant likernôch 440.000 minsken, wêrûnder rom 111.000 negerslaven.

Yn Arkansas wie men oer it algemien tsjin 'e ôfskieding fan it Suden, en doe't Súd-Karolina en de Golfsteaten har begjin 1861 fan 'e Feriene Steaten losmakken om 'e Konfederearre Steaten fan Amearika te foarmjen, stimde de befolking fan Arkansas derfoar om lid fan 'e Uny te bliuwen. Pas yn april, doe't presidint Abraham Lincoln easke dat Arkansas troepen nei Súd-Karolina stjoere soe om 'e rebûlje by Fort Sumter de kop yn te drukken, sloech de publike opiny yn 'e steat om, en op 6 maaie stimde it Steatskongres fan Arkansas der yn grutte mearderheid foar om it lidmaatskip fan 'e Uny te beëinigjen en oansluting by de Konfederaasje te sykjen.

Cedar Falls, yn it Steatspark Petit Jean.

Under de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) wie Arkansas fan grut strategysk belang, mei't de steat de rivier de Mississippy behearske. Yn it begjin fan 'e oarloch fûnen der ferskate fjildslaggen plak yn it noardwestlike part fan Arkansas, lykas de Slach by Cane Hill, de Slach by Pea Ridge en de Slach by Prairie Grove. Yn 1862 klearre de Noardlike generaal Samuel Curtis him in paad troch eastlik Arkansas oant Helena, yn 'e delta fan 'e rivier de Arkansas. Yn 1863 foel de steatshaadstêd Little Rock yn Noardlike hannen, sadat it steatsregear yn ballingskip gean moast yn Hot Springs en noch letter yn Washington. De rest fan 'e oarloch fûn yn Arkansas in ferbittere guerrilja-oarloch tsjin 'e besetters plak, dy't sawol it plattelân as de stêden ferrinnewearre.

Nei't it Noarden úteinlik de oerwinning behelle hie, stie Arkansas trije jier lang ûnder federaal tafersjoch, foar't de steat yn juny 1868 wer yn 'e Uny opnommen waard. It regear fan 'e steat waard yn dy snuorje dominearre troch radikale Republikeinen út it Noarden (de saneamde carpetbaggers), wat late ta in jierrenlange opskuor en oanhâldend rasiaal geweld tsjin 'e swarten en tusken de Republikeinske steatsmilysje en de Ku Klux Klan. Yn 1874 waard Little Rock boppedat opskrikt troch de Brooks-Baxter-oarloch, in politike wrakseling tusken twa faksjes binnen de Republikeinske Partij dy't útmûne yn iepentlik geweld dat pas stoppe doe't presidint Ulysses S. Grant persoanlik yngriep.

De Nasjonale Rivier de Buffalo.

Oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw setten har almar mear ymmigranten yn Arkansas nei wenjen, wêrûnder Italjanen, Syriërs en Sinezen. Oan it begjin fan 'e tweintichste iuw kamen der ek in protte lju oer út Midden- en East-Jeropa, wêrûnder Dútsers en Slowaken. Yn 'e 1890-er jierren naam it Steatskongres, dat tsjin dy tiid wer stevich yn 'e hannen fan 'e Demokraten wie, ferskate konstitúsjonele amendeminten oan dy't it foar swarte en earme blanke manlju ûnmooglik makken om diel te nimmen oan ferkiezings, hoewol't se yn prinsipe wol it stimrjocht hiene. Sa waard om as kiezer registrearre te wurden û.m. it betingst ynfierd dat men lêze en skriuwe kinne moast (yn in tiid dat 25% fan 'e steatsbefolking analfabeet wie) en letter ek it betingst dat men in beskate mjitte oan belesting betelje moast. Pas nei't yn 1964 de federale Wet op de Boargerrjochten oannommen wie, in jier letter folge troch de Wet op it Stimrjocht, waarden dizze amendeminten oan 'e grûnwet fan Arkansas neatich ferklearre.

It ferset tsjin sokke diskriminearjende maatregels kaam mids tweintichste iuw ta utering yn 'e Amerikaanske Boargerrjochtebeweging. Nei't it Amerikaanske Heechgerjochtshôf yn 1954 it near lein hie op segregaasje yn it ûnderwiis, helle Arkansas it ynternasjonale nijs mei de saneamde Njoggen fan Little Rock. Dat wiene njoggen Afro-Amerikaanske skoalbern dy't yn 1957 as de earste swarte learlingen op in blanke middelbere skoalle komme soene. De Arkansaanske gûverneur Orval Faubus joech lykwols oan 'e Nasjonale Garde fan Arkansas befel harren de tagong ta de Central High School te ûntsizzen, wêrnei't de saak sa heech oprûn dat de Amerikaanske presidint Dwight Eisenhower 1.000 soldaten fan 'e Amerikaanske 101e Parasjutistedifyzje stjoere moast om 'e bern nei de skoalle ta te begelieden en harren tsjin 'e Arkansaanske steatstroepen te beskermjen. Dêrop besleat Faubus yn gearwurking mei it stedsbestjoer fan Little Rock om 'e skoallen yn 'e stêd foar de rest fan it skoaljier ticht te dwaan. Dat holp lykwols net, want tsjin it neijier fan 1959 wie it hiele skoalsysteem fan Arkansas desegregearre.

It Steatskapitoal fan Arkansas.

Bestjoer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Arkansas bestiet bestjoerlik út 75 countys. De steatshaadstêd, Little Rock, leit yn Pulaski County, yn 'e midden fan 'e steat. Krekt as alle Amerikaanske steaten wurdt Arkansas bestjoerd troch in steatsregear mei oan it haad de gûverneur. De wetjaande macht is yn 'e hannen fan it Steatskongres fan Arkansas, dat bestiet út 'e Steatssenaat mei 35 sitten en it Steatshûs fan Offurdigen mei 100 sitten. Yn 'e Amerikaanske Senaat wurdt Arkansas, lykas alle Amerikaanske steaten, fertsjintwurdige troch 2 senators. Yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen hat Arkansas 4 sitten.

It politike lânskip fan Arkansas wurdt behearske troch de beide grutte Amerikaanske politike partijen, de Demokratyske Partij en de Republikeinske Partij. Tradisjoneel binne yn Arkansas de Demokraten fierút it sterkst, en ynternasjonaal stiet de steat der fral om bekend dat de (Demokratyske) eardere presidint Bill Clinton der wei komt. Sûnt likernôch 2000 lykje de Republikeinen (dy't tradisjoneel fral oanhing hiene yn it noardwestlike part fan 'e steat) yn Arkansas mear ynfloed te krijen.

De William Jefferson Clinton Presidinsjele Bibleteek, mei de argiven fan it presidintskip fan Bill Clinton.

Ekonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2010 bedroech it bruto steatsprodukt per haad fan 'e befolking yn Arkansas $36.027. Yn april 2013 lei de wurkleasheid op 7,5%. Foarhinne line de ekonomy fan Arkansas benammen op 'e lânbou, en hoewol't dy tsjintwurdich noch mar wurkgelegenheid biedt oan 3% fan 'e beropsbefolking, is it noch altyd in wichtige sektor. Arkansas produsearret û.m. hinne- en kalkoenefleis, aaien, sojabeane, sorgum, kowefleis, katoen, rys, bargefleis en suvelprodukten. De steat is de grutste produsint fan rys en kalkoenen yn 'e Feriene Steaten, en stiet yn 'e top 3 oangeande katoen en kweekte fisk.

Op it mêd fan 'e yndustry produsearret Arkansas benammen itensprodukten, elektryske apparatuer, metaalprodukten, masinery en papier. Yn Arkansas fynt ek mynbou plak, wêrby't dold wurdt nei ierdgas, ierdoalje, broom, fanadium en foarhinne ek bauksyt. Ek wurdt yn it westen en súdwesten fan 'e steat wol oan boskbou dien. Sûnt de 1970-er jierren is fierders it toerisme in wichtige boarne fan ynkomsten wurden. Arkansas profilearret him mei de skientme fan 'e natoer (dêrfandinne de bynamme the Natural State), en fierders lûkt ek de William Jefferson Clinton Presidinsjele Bibleteek, yn Little Rock, dêr't alle argiven fan it regear fan presidint Bill Clinton opslein lizze, in protte besikers.

Befolkingstichtens yn Arkansas.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens in offisjele rûzing troch it Amerikaanske Folkstellingsburo (op grûn fan gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010) hie Arkansas yn 2014 goed 2.966.000 ynwenners, wat in groei fan 1,7% is yn ferhâlding ta de stân fan saken yn 2010. De befolkingstichtens wie yn 2014 21,8 minsken de km². De grutste stêd fan 'e steat is de haadstêd Little Rock, mei 198.000 ynwenners yn 2014. Oare gruttere stêden binne: Fort Smith (88.000), Fayetteville (81.000) en North Little Rock (66.000). Jonesboro (70.000) is it grutste plak yn eastlik Arkansas, en Pine Bluff (49.000) is it grutste plak yn it súdeasten.

Etnisiteit[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 wie de etnyske opbou fan 'e Arkansaanske befolking doe sa: 74,2% blanken; 15,6% swarten; 6,6% Latino's; 1,3% Aziaten; 0,9% Yndianen; 0,2% Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs; 2,5% oaren of fan mingd etnysk komôf. Blanke Arkansanen binne sterk oerfertsjintwurdige yn it noardwestlike part fan 'e steat, wylst swarten benammen konsintrearre binne yn it suden en easten fan Arkansas.

Utsjoch op it sintrum fan 'e Arkansaanske haadstêd Little Rock.

De blanken binne fierhinne fan Britske en Middenjeropeeske orizjine, mei as grutste oarsprongsgroepen Ieren (15,5% fan 'e totale Arkansaanske befolking), Dútsers (11,5%), Angelsaksyske Amerikanen (11,0%), Ingelsen (10,1%), Frânsen (2,1%), Skotten (1,7%), Nederlanners (1,7%), Italjanen (1,6%) en Ulstersen (1,4%). Dêrby moat oantekene wurde dat it hjir giet om persintaazjes dy't basearre binne op selsidentifikaasje yn in enkête, en dat it by de 'Ieren' yn Arkansas foar it oergrutte part eins ek om Ulstersen (oftewol Noardierske protestanten) gie.

Arkansas omfiemet gjin federaal erkende Yndianestammen, noch binne der yn Arkansas stammen mei inkeld erkenning op steatsnivo.

Taal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De offisjele taal fan Arkansas is it Ingelsk, dat neffens in offisjele enkête út 'e jierren 2006-2008 doe foar 93,8% fan 'e steatsbefolking de memmetaal wie. Op it twadde plak kaam it Spaansk, dat troch 4,5% fan 'e Arkansanen as memmetaal sprutsen waard, wylst 0,7% fan 'e befolking in oare Yndo-Jeropeeske taal spriek. Fierders spriek 0,8% in Aziatyske taal en 0,2% in oare taal.

Somplân by de Wite Rivier lâns yn súdeastlik Arkansas.

Godstsjinst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op it mêd fan godstsjinst bestie yn 2010 56,1% fan 'e befolking fan Arkansas út kristenen. De steat heart ta de saneamde Amerikaanske Bibelgurdle (Bible Belt), dêr't troch in grut part fan 'e befolking fûnemintalistyske foarmen fan it protestantisme beliden wurde. De grutste protestantske denominaasje yn Arkansas wie yn 2010 de Súdlike Baptistekonvinsje, mei rom 661.000 leden, folge troch de Feriene Metodistyske Tsjerke mei krapoan 159.000 leden. Yn totaal meitsje protestanten 52,0% fan 'e steatsbefolking út. De Roomsk-Katolike Tsjerke hie yn 2010 yn Arkansas 123.000 leden (oftewol 4,1% fan 'e befolking. De restearjende 43,9% fan 'e befolking bestiet út ateïsten, agnosten, boedisten, heidens, wikka-oanhingers, hindoes en moslims.

Klimaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Arkansas hat in fochtich subtropysk klimaat, dat yn it heuvelige noarden fan 'e steat tsjin in fochtich lânklimaat oan sit. Hoewol't de steat net oan 'e Golf fan Meksiko leit, is dy see dochs noch tichtby genôch om in sterke en timperjende ynfloed op it waar te hawwen. Oer it algemien hat Arkansas sadwaande hjitte, neare simmers en kâlde, justjes drûgere winters. Yn Little Rock, yn 'e midden fan 'e steat, kin men yn july oerdeis rekkenje op temperatueren fan likernôch 34 °C, en yn jannewaris fan ûngefear 11 °C, wylst Siloam Springs, yn it bercheftige noardwesten, yn july temperatueren hat fan om-ende-by de 32 °C, en yn jannewaris fan likernôch 7 °C. Yn Little Rock hat men winterdeis soms nachtfroast, wylst it yn Siloam Springs yn jannewaris nachts yn trochsneed –5 °C friest. Rekôrtemperatueren yn Arkansas wiene 49 °C, op 10 augustus 1936 yn Ozark, en –34 °C op 13 febrewaris 1905 te Gravette.

Hjerst yn it Steatspark Devil's Den.

Delslachhoemannichten rinne yn Arkansas útinoar fan 1.000 oant 1.500 mm; snie falt der net faak, mar folle faker yn it noardwesten as yn 'e rest fan 'e steat. Arkansas stiet bekend om ekstreem waar en in protte stoarmen. Tonger en wjerljocht, swiere hagelbuien en izel binne der frij normaal. Swierwaar komt yn trochsneed op 60 dagen yn 't jier foar. Arkansas leit midden yn it gebiet dat bekenstiet as Tornado Alley, en hat sadwaande guon fan 'e swierste en meast destruktive tornado's fan 'e Feriene Steaten. Hoewol't it fier genôch fan 'e kust ôf leit dat it feilich is foar orkanen, kriget Arkansas geregeldwei de restanten fan tropyske stoarmen oer him hinne, dy't der faak in ûnbidige protte reinwetter yn koarte tiid falle litte kinne.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further reading, op dizze side.


 
             Feriene Steaten
Flagge fan de Feriene Steaten
steaten
Alabama • Alaska • Arizona • Arkansas • Delaware • Fermont • Firginia • Floarida • Georgia • Hawaï • Idaho • Illinois • Indiana • Iowa • Kalifornje • Kansas • Kentucky • Kolorado • Konettikut • Louisiana • Maine • Marylân • Massachusetts • Michigan • Minnesota • Mississippy • Missoery • Montana • Nebraska • Nevada • Nij-Hampshire • New York • Nij-Jersey • Nij-Meksiko • Noard-Dakota • Noard-Karolina • Ohio • Oklahoma • Oregon • Pennsylvania • Rhode Island • Súd-Dakota • Súd-Karolina • Teksas • Tennessee • Utah • Washington • West-Firginia • Wyoming • Wiskonsin
ûnynkorporearre territoaria
Amerikaanske Famme-eilannen • Amerikaansk-Samoä • Gûam • Noardlike Marianen • Porto Riko
federaal distrikt
Distrikt Kolumbia