Little Rock (Arkansas)

Ut Wikipedy
Little Rock
Emblemen
          
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Arkansas
County Pulaski County
Sifers
Ynwennertal 193.524 (2010)
Oerflak 302,5 km² (ynkl. wetter)
300,9 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 639,7 / km²
Stêdekloft 717.666 (2012)
Hichte 102 m
Oar
Stifting 1821
Tiidsône UTC-6
Simmertiid UTC-5
Koördinaten 34°44′10″N 92°19′52″W
Offisjele webside
www.littlerock.org
Kaart
De lizzing fan Little Rock yn Pulaski County en yn 'e steat Arkansas.

Little Rock is sawol de haadstêd as de grutste stêd fan 'e Súdlike Amerikaanske steat Arkansas. Teffens is it it haadplak fan it omlizzende Pulaski County. It leit frijwol yn 'e midden fan 'e steat, oan 'e igge fan 'e rivier de Arkansas. De stêd hie neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hast 195.000 ynwenners. Mei North Little Rock en alle oare foarstêden derby komt Little Rock as stêdekloft, neffens in offisjele skatting út 2012, út op in befolking fan krapoan 718.000 minsken. Bûten de Feriene Steaten (en sels dêrbinnen) is Little Rock fral bekend trochdat âld-presidint Bill Clinton der in grut part fan syn libben wenne hat. Hy waard berne yn it deunby leine Hope, en liet nei ôfrin fan syn presidintskip syn presidinsjele bibleteek (dêr't de argiven fan syn regearperioade opslein lizze) yn Little Rock sette.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Little Rock is ferneamd nei in rotsformaasje oan 'e igge fan 'e rivier de Arkansas, dy't yn 1721 troch de Frânske ûntdekkingsreizger en keapman Jean-Baptiste Bénard de la Harpe la Petite Roche neamd waard. Ingelsktalige pioniers begûnen sadwaande nei de krite te ferwizen as the Little Rock, en dy namme bleau stykjen. Yn 1821 waard Little Rock stifte as it haadplak fan it yn 1819 foarme Arkansas-territoarium en fan Pulaski County. Tsien jier letter, yn 1831, krige it offisjeel de status fan stêd.

It Steatskapitoal fan Arkansas.

Yn 1836 waard Arkansas as folweardige steat talitten ta de Amerikaanske Uny, en waard Little Rock dus in steatshaadstêd. Under de Amerikaanske Boargeroarloch, doe't Arkansas him mei tsien oare steaten ôfskate om 'e Konfederearre Steaten fan Amearika te foarmjen, waard Little Rock yn 1863 troch Noardlike troepen ferovere, en dêrnei oant de ein fan 'e oarloch, yn 1865, beset holden.

Yn 1890 anneksearre Little Rock it plakje Argenta, mar yn 1917 waard dat in selsstannige stêd ûnder de namme North Little Rock. Yn 1916 wie Little Rock lykwols al begûn oan in rige anneksaasjes yn westlike rjochting, wêrfan't Pulaski Heights, ien fan 'e âldste foarstêden, de earste wie.

Yn 1955 soarge de oanlis fan 'e Loftmachtbasis Little Rock, fuort by de stêd, foar in flinke stimulâns fan 'e pleatslike ekonomy. Yn dyselde snuorje wiene der ferskate opskuorren yn 'e stêd dy't gearhongen mei de Amerikaanske Boargerrjochtebeweging, oanfierd troch Martin Luther King. Arkansas wie doedestiden de op twa nei meast segregearre steat fan 'e Feriene Steaten (nei Mississippy en Alabama), en doe't de saneamde Njoggen fan Little Rock harren yn 1957 as de earste swarte learlingen ynskriuwe woene oan 'e blanke Little Rock Central High School, waarden se tsjinkeard troch gûvernear Orval Faubus en de Arkansaanske Nasjonale Garde. Dêrop stjoerde presidint Dwight Eisenhower federale troepen om it rjocht fan 'e swarte bern ôf te twingen om harren op 'e blanke skoalle yn te skriuwen. Gûverneur Faubus liet dêrop alle trije iepenbiere middelbere skoallen fan Little Rock foar in jier slute. Dizze rige foarfallen stiet bekend as de Yntegraasjekrisis fan Little Rock.

Little Rock hjoed de dei[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op ekonomysk mêd stipet Little Rock tsjintwurdich swier op it bankwêzen, de sûnenssoarch en oare dielen fan 'e tsjinstesektor. Wat ferfier oangiet wurdt de stêd betsjinne troch it Little Rock National Airport. Little Rock hat twa grutte universiteiten: de Universiteit fan Arkansas te Little Rock, dy't oprjochte waard yn 1927, en de Universiteit fan Arkansas foar Medyske Wittenskippen. Fierders binne der ek in pear lytsere, histoarysk swarte hegeskoallen, it Philander Smith Kolleezje, dat in útsprantel fan 'e Feriene Metodistyske Tsjerke is, en it Arkansaanske Baptistekolleezje.

De William J. Clinton Presidential Library, dêr't de argiven fan it presidintskip fan Bill Clinton bewarre wurde.

Op it mêd fan toerisme en besjensweardichheden beskikt Little Rock oer in stikmannich museä, wêrûnder it Arkansas Arts Center, dêr't ek live-foarstellings fan 'e poadiumkeunsten jûn wurde; de William J. Clinton Presidential Library, dy't njonken de argiven ek in museum oer Clinton syn amtsperioade hat; en it Old State House Museum, it eardere steatskapitoal (1842-1911) dat no tsjinst docht as museum oer de skiednis fan Arkansas. Fierders is der ek noch de Little Rock Zoo, oprjochte yn 1926, de iennichste dieretún fan 'e steat, dêr't mear as 725 bisten holden wurde fan rom 200 ûnderskate soarten.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske Mienskipsenkête dy't tusken 2005 en 2007 útfierd waard troch it Amerikaanske Folkstellingsburo, wie de etnyske opbou fan 'e befolking fan Little Rock doe sa: 49,4% blanken; 42,1% swarten; 4,7% Latino's; 2,1% Aziaten; 0,4% Yndianen; 1,3% oaren of fan mingd etnysk komôf. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2000 wie doe fan 'e befolking fan Little Rock 11,6% âlder as 65 jier en 24,7% jonger as 18 jier. Fierders bestie 39,9% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst 14,3% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe.

Berne yn Little Rock[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Old State House Museum, it eardere steatskapitoal fan Arkansas, dêr't no in museum oer de steat yn fêstige is.

Klimaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Little Rock leit yn in sône mei in fochtich subtropysk klimaat, mei hjitte fochtige simmers en mylde winters. Yn augustus, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 33,7 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 10,3 °C. Rekôrtemperatueren wiene 46 °C op 3 augustus 2011 en –24 °C op 12 febrewaris 1899. Little Rock kriget jiers trochinoar 1.263,6 mm delslach, mei dêrûnder oer it hiele winterhealjier ferdield 10,2 sm snie.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side en ûnder: References en Further reading, op dizze side.