Rasseskieding
Rassesegregaasje of rasseskieding is in yn de wet fêstleine foarm fan diskriminaasje op basis fan ras, wêrby't ferskillende rassen fan elkoar skieden wurde. Dizze foarm fan segregaasje kin in geografysk karakter hawwe, mar wurdt faak trochfierd mei spesjale foarsjennings (as skoallen) en wetjouwing foar de ferskillende groepen dy't skieden wurde moatte yn de mienskip.
Rasseskieding is yn in protte kultueren bard, mar kin dochs gjin algemien ferskynsel neamd wurde. Multikultuerele mienskippen sa as it Romeinske Ryk stiene bekend om it fersmiten fan segregaasje. De measte maatskippijen fan no ferbiede rasisme troch middel fan boargerrjochten of keure it ôf.
Nazi-Dútslân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it nazistyske bewâld yn Dútslân waarden de Rassewetten fan Neurenberch oannomd, dy't joaden yn de jierren '30 ta in ôfskieden befolkingsgroep makken. Fan doe ôf wie it joaden ("Untermenschen") net mear tastien om mei Aryske Dútsers ("Übermenschen") te trouwen. De oerheid fan Poalen, nei de besetting fan 1 septimber 1939 ferdielde har befolking yn in oantal groepen, elts mei har eigen rjochten, fiedselbonnen, iepenbier ferfier en soks. De hiërargy wie sa:
- Dútske steatsboargers (Reichsdeutsche)
- Dútsers fan bûten Dútslân (Volksdeutsche)
- Oantroude Dútsers (dêr't in protte etnyske Poalen ûnder wiene)
- Oekraïners
- Heechlanners (Goralenfolk)
- Poalen
- Joaden
Oant de ein fan it nazi-bewâld ta moasten joaden en Roma giele linten of oare kentekens drage, sa as de Davidstjer. Joadske doktoren mochten gjin ariërs ûnderwize of behannelje. Yn de Twadde Wrâldkriich waarden ferskillende befolkingsgroepen dy't as Untermenschen yndield wiene nei konsintraasjekampen stjoerd en systematysk fermoarde.
Feriene Steaten fan Amerika
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de Feriene Steaten bestie in lange tradysje fan rasseskieding; dy wiene regele yn de saneamde Jim Crow-wetten. Wetjouwing dy't it neiteam fan Afrikaanske slaven beheiningen oplei waard yn de desennia nei de Amerikaanske Boargerkriich ynfierd, benammen yn de súdlike sreaten. Dy wetjouwing waard yn 1964 mei de Civil Rights Act ôfskaft. Oant dy tiid moasten swarten op in protte plaaken nei aparte restaurants, iepenbiere toiletten en skoallen. Guon steaten hienen sels wetten dy't it swarten ferbea om mei blanken te trouwen. Ek it leger hie aparte difyzjes foar swarten.
Nei de oanfal fan Japan op de Amerikaanske marinebasis Pearl Harbor op Hawaï waarden in protte Japanners of harren neiteam fêstset yn konsintraasjekampen. Nei de kapitulaasje fan Japan yn 1945 waard de rop fan Afro-Amerikanen om ôfskaffing fan de rasseskieding hieltyd lûder. President Harry Truman tekene yn 1948 in wet dy't segregaasje yn it leger einige. Boargerrjochte-aksjefierders sa as Rosa Parks en Martin Luther King jr. en organisaasjes sa as de NAACP besochten de wetlik fêstleine rasseskieding ôf te skaffen; dat slagge úteinlik yn 1964, doe't de Civil Rights Act alle segregaasje ferbea. Teoretysk hawwe alle Amerikaanske steatsboargers no rjocht op deselde foarsjennings, mar guonts sjogge de Patriot Act fan 2002 as in diskriminearjende wet.
Hoewol't it Federale Heechgerjochtshôf yn de saak Brown tsjin Board of Education yn 1954 segregaasje op iepenbiere skoallen ferbearn hat, binne noch net alle skiedingswetten opnij skreaun. De grûnwet fan Alabama hat it noch hieltyd oer "Aparte skoallen sile oprjochte wurde foar blanke en swarte bern, en in bern fan it iene ras mei net nei in skoalle fan it oare ras". Dizze wet kin lykwols net mear tapast wurde.
Súd-Afrika
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 1948 oant 1994, bestie yn Súd-Afrika de apartheid. De Feriene Naasjes neamden de Apartheid in "misdie tsjin de minskheid".
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Betty Dobratz en Stephanie Shanks-Meile, White Power, White Pride!: the Separatist Movement in the United States; Hopkins University Press, 2001 (ISBN 0801865379)