NAACP

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
National Association for the Advancement of Colored People
NAACP logo.png
algemiene ynformaasje
ôfkoarting NAACP
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
type org. feriening
wurkmêd lykberjochtinging fan alle
   ynwenners fan de F.S.
haadkertier Baltimore (Marylân)
oprjochte 1909
oprjochter 9 (sjoch tekst)
tal leden 425.000 (2007)
offisjele webside
www.naacp.org

De NAACP of National Association for the Advancement of Colored People ("Nasjonale Feriening foar de Foarútgong fan Kleurlingen") is in Amerikaanske lanlike organisaasje dy't him ynset foar de lykberjochtiging fan alle ynwenners fan 'e Feriene Steaten op it mêd fan 'e polityk, it ûnderwiis en alle oare maatskiplike en ekonomyske terreinen. De NAACP striidt tsjin alle foarmen fan rasisme en diskriminaasje. Dêrby registrearret dizze organisaasje gefallen fan diskriminaasje en skriuwt der tydlingswei rapporten oer, ûnderstipet slachtoffers fan diskriminaasje by it oanspannen fan rjochtsaken en organisearret demonstraasjes en oare protestaksjes.

De NAACP waard yn 1909 oprjochte troch W.E.B. Du Bois, Ida B. Wells, Archibald Grimké, Henry Moskowitz, Mary White Ovington, Oswald Garrison Villard, William English Walling, Florence Kelley, Charles Edward Russell, en wie oarspronklik bedoeld om foar de Afro-Amerikaanske mienskip op te kommen, dy't doedestiden yn in grut diel fan it lân noch suchte ûnder de rasseskieding en oare foarmen fan ynstitúsjonalisearre diskriminaasje. De namme fan 'e NAACP is net wizige sûnt de oprjochting fan 'e organisaasje, en omfiemet sadwaande de yn 1909 gongbere oantsjutting "kleurlingen", dy't hjoed oan 'e dei in wat lytsachtsjende lading hat.

It haadkertier fan 'e NAACP is fêstige yn Baltimore, mei regionale kantoaren yn Kalifornje, New York, Michigan, Kolorado, Georgia, Teksas en Marylân. Yn 2007 hie de NAACP likernôch 425.000 beteljende en net-beteljende leden, wêrmei't it fierwei de grutste organisaasje yn syn soarte is yn 'e Feriene Steaten.

Op jierlikse basis rikt de NAACP de Image Awards út oan Afro-Amerikanen dy't wichtige prestaasjes levere hawwe yn 'e skiene keunsten en de entertainmentyndustry, en de Spingarn Medals foar treflike positive prestaasjes fan lykfol hokker soarte.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.