Springe nei ynhâld

Baltimore

Ut Wikipedy
Baltimore
Emblemen
            
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Marylân
Gemeente Baltimore
Sifers
Ynwennertal 631.342 (2012)
Oerflak 238,4 km² (ynkl. wetter)
209,6 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 2.962,6 / km²
Stêdekloft 2.690.886 (2012)
Hichte 10 m
Oar
Stifting 1729
Tiidsône UTC -5
Simmertiid UTC -4
Koördinaten 39°17′22″N 76°36′55″W
Offisjele webside
www.baltimorecity.gov
Kaart
Baltimore (Marylân)
Baltimore
De lizzing fan Baltimore yn 'e steat Marylân.
Dizze side giet oer de stêd yn 'e Amerikaanske steat Marylân. Foar oare betsjuttings, sjoch: Baltimore (betsjuttingsside).

Baltimore is de grutste stêd yn 'e noardeastlike Amerikaanske steat Marylân en stiet op it 26ste plak op 'e ranglist fan grutste stêden fan 'e Feriene Steaten. Neffens in offisjele skatting út 2012 hat it goed 630.000 ynwenners, al wenje der yn 'e stêdekloft dêr't Baltimore ta heart krapoan 2,7 miljoen minsken, en hat de gruttere ferstedske sône dêr't û.o. ek de Amerikaanske haadstêd Washington ta rekkene wurdt, in befolking fan likernôch 8,4 miljoen. Baltimore leit yn it sintrale part fan Marylân, oan 'e rivier de Patapsco, sa ticht by it punt dêr't dy útmûnet yn 'e Chesapeakebaai, dat it wetter yn 'e stêd op-en-dellet mei it tij. Bestjoerlik sjoen is Baltimore in ûnôfhinklike, d.w.s. countyfrije city (oftewol gemeente), dy't net yndield is by in county. Om it te ûnderskieden fan 'e omlizzende county, dy't ek fan Baltimore hjit, wurdt it ek wol Baltimore City (oftewol Baltimore-Stêd) neamd.

Baltimore waard yn 1729 stifte troch it koloniale parlemint fan Marylân, en neamd nei lord Baltimore, de earste gûverneur fan 'e koloanje. Yn 'e achttjinde iuw groeide Baltimore fluch fanwegen syn funksje as oerslach- en befoarriedingsplak foar de Britske sûkerprodusearjende koloanjes yn it Karibysk Gebiet. Under de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch wie Baltimore fan desimber 1776 oant febrewaris 1777, doe't it Twadde Kontinintaal Kongres dêr holden waard, de facto de haadstêd fan 'e Feriene Steaten. Yn 1797 krige Baltimore de status fan stêd. It makke diel út fan Baltimore County oant it yn 1851 in ûnôfhinklike stêd waard.

It stedhûs fan Baltimore.

Yn 'e Oarloch fan 1812 (sa neamd om't er yn dat jier begûn) waard yn 1814 by de stêd de Slach om Baltimore útfochten, wêrby't de Britske troepen dy't krekt Washington D.C. platbaarnd hiene en no itselde dwaan woene mei Baltimore, troch de Amerikaanske ferdigeners ferdreaun waarden. De abbekaat Francis Scott Key, dy't oan board fan ien fan 'e Britske marineskippen wie om oer de frijlitting fan in Amerikaanske finzene te ûnderhanneljen, wie tsjûge fan it Britske bombardemint fan 'e haven fan Baltimore, en skreau der neitiid it nasjonalistyske gedicht The Star-Spangled Banner oer, dat op muzyk út 1780 fan 'e Britske komponist John Stafford Smith set waard, en yn 1931 offisjeel útroppen waard ta it folksliet fan 'e Feriene Steaten.

Hoewol't Marylân in Súdlike steat wie, skate it him yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch net mei de rest fan it Suden ôf, mar bleau by it Noarden. De publike opiny yn Baltimore wie lykwols dúdlik op 'e hân fan it Suden, en doe't Noardlike troepen oan it begjin fan 'e oarloch, yn 1861, ûnderweis nei it front troch de stêd marsjearren, waarden se oanfallen troch Súdlike sympatisanten yn wat bekend kommen is te stean as it Oproer fan Baltimore. Der foelen 16 deaden (4 soldaten en 12 boargers), en fan gefolgen waard Baltimore troch it Noardlike leger beset, wylst de rest fan Marylân oant de ein fan 'e oarloch yn 1865 ûnder militêr bestjoer pleatst waard.

Yn july 1877 fûn der in soartgelikens ynsidint plak doe't de Baltimore & Ohio Railroad, in spoarweimaatskippij, ûnder in ekonomyske krisis de leanen ferlege om 'e kosten te drukken, wat late ta de Grutte Amerikaanske Spoarstaking fan 1877. De Nasjonale Garde waard ynset om 'e staking te beëinigjen, mar doe't de troepen troch de stêd teagen, waarden se oanfallen troch lju dy't mei de stakers sympatisearren. Der foelen 10 deaden, en de help fan it leger moast ynroppen wurde om it protest de kop yn te drukken.

De Grutte Brân fan Baltimore.

Yn 1904 ferwuostge de Grutte Brân fan Baltimore yn tritich oeren tiid mear as 1.500 gebouwen. Tsjin 'e tweintichste iuw hie Baltimore it foar de moade krigen om nije foarstêden te anneksearjen fan oangrinzgjende countys. De lêste kear dat dat barde, wie yn 1918, doe't de stêd in pear flinke happen fan Baltimore County en Anne Arundel County ferslynde. In amendemint oan 'e steatsgrûnwet fan Marylân makke dêr yn 1948 in ein oan, mei't sûnt dy tiid de ynwenners fan it oangeande gebiet earst yn in referindum mei de anneksaasje ynstimme moasten.

Utsicht oer de haven fan Baltimore.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn maaie wurdt elts jier yn Baltimore it Filmfestival fan Marylân holden.

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Baltimore 11,8% âlder as 65 jier en 22,4% jonger as 18 jier. 19,3% fan 'e befolking fan 'e stêd libbe ûnder de earmoedegrins. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 63,7% swarten; 28,0% blanken; 4,2% Latino's; 2,3% Aziaten; 0,4% Yndianen; 1,4% oaren of fan mingd etnysk komôf.

Strjitbyld yn 'e wyk Fells Point.
In strjitbyld yn 'e wyk Reservoir Hill.
By Baltimore komme in grut tal autosnelwegen gear.

Berne yn Baltimore

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stoarn yn Baltimore

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Baltimore hat in fochtich subtropysk klimaat, mei hjitte, neare simmers, kâlde winters en mylde oergongsjiertiden. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 31,7 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 5,8 °C. Rekôrtemperatueren wiene 42 °C op 22 july 2011 en –22 °C op 4 febrewaris 1934 en op 10 febrewaris 1899. Baltimore kriget jiers trochinoar 1.038,5 mm delslach, mei dêrûnder oer it hiele winterhealjier ferdield 51,3 sm snie.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.