David Hasselhoff

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
David Hasselhoff
Filmklapper.png akteur
David Hasselhoff yn 2014.
David Hasselhoff yn 2014.
persoanlike bysûnderheden
echte namme David Michael Hasselhoff
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 17 july 1952
berteplak Baltimore (Marylân)
etnisiteit Flag of Germany.svg Dútsk
Flag of Ireland.svg Iersk
Flag of England.svg Ingelsk
jierren aktyf 1973 – no
offisjele webside
davidhasselhoffonline.com

David Hasselhoff (folút: David Michael Hasselhoff en ek bekend as "The Hoff"; Baltimore, 17 july 1952) is in Amerikaansk akteur, sjonger, filmprodusint en ûndernimmer dy't it wrâldrekôr fêstige as de meast (be)sjoene man op 'e tillefyzje. Hy rekke yn 'e 1970-er jierren yn 'e Feriene Steaten bekend troch syn rol as dokter Snapper Foster yn 'e soapsearje The Young and the Restless. Ynternasjonaal briek er yn 'e 1980-er jierren troch mei syn rol as Michael Knight yn 'e aksje- en science fiction-searje Knight Rider. In like bekende rol hied er yn 'e 1990-er jierren as strânwacht Mitch Buchannon yn 'e aksjedramasearje Baywatch. Hasselhoff spile yn in grut tal oare tillefyzjesearjes en tillefyzjefilms, en wie ek te sjen yn films en realityprogramma's. Hy brûkte syn súkses as Michael Knight yn 'e jierren '80 om in karriêre as sjonger te begjinnen, dêr't er yn syn heitelân gjin súkses mei hie, mar yn it Dútske taalgebiet nammenste mear. Yn 2000 makke Hasselhoff syn debút op Broadway yn 'e musical Jekyll & Hyde; letter wied er ek yn oare musicals te sjen, wêrûnder Chicago en The Producers.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hasselhoff waard yn 1952 berne yn Baltimore, yn 'e Amerikaanske steat Marylân, as de soan fan sakeman Joseph Vincent Hasselhoff en dy syn frou Dolores Therese Mullinex (of mooglik Mullinix), in húsfrou. Oan syn heitekant is er fan etnysk Dútsk komôf, wylst er fan memmekant Iersk en Ingelsk bloed hat. Hasselhoff waard roomsk grutbrocht, earst yn Jacksonville, yn it noarden fan 'e steat Floarida, en letter yn Atlanta, yn Georgia, dêr't er op 'e Marist School siet.

Hasselhoff makke mei sân jier syn akteardebút yn in opfiering op 'e legere skoalle fan 'e musical Peter Pan, en neitiid wie it altyd syn dream om in karriêre as musicalakteur op Broadway te hawwen. Yn 1970 slagge er foar syn eineksamens fan it fuortset ûnderwiis oan 'e Lyons Township High School yn La Grange (Illinois). Hy wie dêr lid fan it debatteam, foarsitter fan it skoalkoar, oanfierder fan it follybalteam en akteur fan it skoalletoaniel. Neitiid learde er earst fierder oan 'e Oakland Universiteit yn Rochester Hills (Michigan), foar't er mei in bachelorgraad yn teäterwittenskippen ôfstudearre oan it Kalifornysk Ynstitút foar de Keunsten (CIA) yn Santa Clarita.

David Hasselhoff yn 1986 as Michael Knight, yn Knight Rider.

Aktearkarriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Iere jierren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't er syn stúdzje ôfrûne hie, besocht Hasselhoff in karriêre as akteur op te bouwen. Earst lei er him ferskate jierren ta op toanielwurk, mar yn 1975 wist er de rol fan dokter Snapper Foster te bemachtigjen yn 'e soapsearje The Young and the Restless. Dêrmei krige er yn 'e Feriene Steaten syn earste bekendheid. Hy spile Snapper Foster sân jier lang, oant 1982, doe't The Young and the Restless in soad fan 'e oarspronklike personaazjes út 'e ferhaallinen skreau.

Underwilens hie Hasselhoff doe syn debút makke op it wite doek mei de rol fan Boner yn Revenge of the Cheerlearders (ek bekend as Caught with Their Pants Down). Dy film waard yn 1974 opnommen, noch foar't Hasselhoff yn The Young and the Restless kaam te spyljen, en hy naam de rol benammen oan om him ynskriuwe te kinnen by it Screen Actors Guild, it fakbûn fan filmakteurs. It wie sa'n minne film dat Hasselhoff derfan oertsjûge wie dat er nea útkomme soe, mar yn 1976 gied er dochs yn premiêre. Hasselhoff hie ek gastrollen yn tillefyzjesearjes as Semi-Tough en The Love Boat, en yn 1979 spile er yn 'e film Starcrash.

Trochbraak[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1982 waard Hasselhoff troch Brandon Tartikoff, de algemien direkteur fan it Amerikaanske tillefyzjenetwurk NBC, frege om 'e haadrol op him te nimmen yn 'e aksje- en science fiction-searje Knight Rider. Dêryn spile er Michael Knight, in man dy't misdriuwen oplost mei de help fan syn selsbewuste en pratende auto KITT. De searje rûn fjouwer seizoenen, oant 1986, en waard oeral op 'e wrâld útstjoerd. It betsjutte foar Hasselhoff de ynternasjonale trochbraak. Yn in fraachpetear omskreau Hasselhoff Knight Rider letter as "in fenomeen". Neffens him waard de searje sa populêr om't er "oer it rêden fan libbens gie, net oer it nimmen fan libbens […]." Dat syn tsjinspiler in auto wie, makke nei eigen sizzen it aktearjen foar him der net makliker op. Nettsjinsteande dat, of miskien wol dêrtroch, wûn er mei de rol fan Michael Knight yn 1983 in People's Choice Award yn 'e kategory populêrste akteur.

Yn 'e 1980-er jierren hie Hasselhoff fierders in gastrol (as himsels) yn in ôflevering fan 'e komeedzjesearje Diff'rent Strokes. Fierders spile er yn de films Witchery (1988) en Bail Out (1989), en in trijetal tillefyzjefilms. Om't Knight Rider him ûnbidige populêr makke hie yn Dútslân en Eastenryk, hied er yn 1988 ek rollen yn twa Dútsktalige films: Starke Zeiten en Zärtliche Chaoten II. Yn 1991 kroep Hasselhoff nochris yn 'e hûd fan Michael Knight foar de tillefyzjefilm Knight Rider 2000, dy't oarspronklik bedoeld wie as de pilotôflevering foar in ferfolchsearje op Knight Rider. Hoewol't de film goede sjochsifers behelle, besleat men dat projekt lykwols ôf te blazen.

David Hasselhoff as Mitch Buchannon yn Baywatch.

Yn 1989 ferskynde Hasselhoff op 'e nij op 'e Amerikaanske tillefyzje op it netwurk NBC, diskear yn 'e rol fan Mitch Buchannon yn 'e aksjedramasearje Baywatch. Dy gie oer in team fan strânwachten dat libbens rêde oan 'e Kalifornyske kust, op it strân fan Malibu. De searje profitearre fan in heech 'wibelgehalte' fan kreaze jonge froulju yn badpak en bikiny. Yn 't earstoan die Baywatch it net bêst. De searje waard yn 1990 nei ien seizoen stopset omreden fan ôffallende sjochsifers yn kombinaasje mei it bankrot gean fan 'e produsearjende tillefyzjestudio. Om't se fûnen dat de searje potinsje hie, rjochten Hasselhoff en de filmprodusinten Michael Berk, Douglas Schwartz en Gregory J. Bonann doe mei-inoar The Baywatch Company op om in nij seizoen fan Baywatch op te nimmen. Dêr wie Hasselhoff behalven as haadrolspiler ek as útfierend produsint by belutsen.

It twadde seizoen fan Baywatch waard yn 1991-1992 yn syndikaasje op 'e Amerikaanske tillefyzje útstjoerd, en waard in grut súkses, sadat de searje fernijd wurde koe foar folgjende seizoenen. Dêrtroch koe Hasselhoff it earste seizoen weromkeapje fan NBC. De rol fan Mitch Buchannon koe nei ferrin fan tiid de populariteit fan 'Michael Knight' hast belykje. Uteinlik rûn Baywatch alve seizoenen, wêrfan de lêste beide ûnder de titel Baywatch: Hawaii, om't de searje doe omreden fan kostebesparring opnommen waard op it strân fan Honolulu, yn Hawaï. De searje waard folge troch krapoan in miljard sjoggers yn 140 lannen en territoaria. Tsjin 2001, doe't Baywatch definityf ophold, hie Hasselhoff in persoanlik fermogen dat rûsd waard op mear as $100 miljoen. Fan Hasselhoff syn tsjinspilers wist benammen Pamela Anderson har namme mei Baywatch te fêstigjen. Ek Erika Eleniak, Yasmine Bleeth, Nicole Eggert, Traci Bingham en Donna D'Errico waarden bekend troch de searje, wylst Carmen Electra har karriêre mei in rol yn Baywatch in nije ympuls joech.

Fan Baywatch waarden trije tillefyzjefilms makke, allegear mei Hasselhoff yn 'e haadrol. Dat wiene Baywatch: Forbidden Paradise út 1995, Baywatch: White Thunder at Glacier Bay, út 1998, en Baywatch: Hawaiian Wedding, in reünyfilm dy't yn 2003, twa jier nei de ein fan 'e searje, makke waard. Fierders hie Baywatch ek in spin-offsearje yn 'e foarm fan 'e misdiesearje Baywatch Nights, dy't rûn fan 1995 oant 1997 en dêr't Hasselhoff ek de haadrol yn fertolke. Yn 'e twadde helte fan 'e 1990-er jierren wie Hasselhoff fierders te sjen as superheld Nick Fury yn 'e tillefyzjefilm Nick Fury: Agent of S.H.I.E.L.D., en ek spile er yn films as Dear God (1996), Legacy (1998) en The Big Tease (1999). Foar Legacy song Hasselhoff ek de intro yn in duët mei de Filipynske sjongster Regine Velasquez. Yn 1996 krige er syn eigen stjer op 'e Hollywood Walk of Fame.

David Hasselhoff yn 2005.

Toanielwurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2000 makke Hasselhoff syn debút op Broadway, mei de titelrol as dokter Henry Jekyll en Edward Hyde yn 'e musicalferzje fan Jekyll & Hyde. Fan mids july 2004 ôf spile er yn Londen in fearnsjier de haadrol yn 'e musical Chicago. Yn 2006 en 2007 hied er yn Las Vegas yn 'e musical The Producers de rol fan Roger DeBris. Fierders gie Hasselhoff fan 2010 oant en mei 2017 op toernee troch it Feriene Keninkryk mei de rol fan Kaptein Heak yn 'e musical Peter Pan, dy't yn 2010-2011 yn Londen opfierd waard, yn 2011-2012 yn Bristol, yn 2012-2013 yn Manchester, yn 2013-2014 yn Nottingham, yn 2014-2015 wer yn Londen, yn 2015-2016 yn Glasgow en yn 2016-2017 yn Cardiff. Ein 2015 spile er yn Blackpool ek yn 'e musical Last Night a DJ Saved My Life. En fan desimber 2019 oant febrewaris 2020 wied er yn Londen mei û.m. Dolly Parton te sjen yn 9 to 5: The Musical.

Lettere jierren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hasselhoff hat himsels ferskate kearen yn films parodiëarre. Sa hied er as stimakteur in rol yn The SpongeBob SquarePants Movie, dy't yn 2004 útkaam. Dêryn spile er himsels, hoewol mei it uterlik fan syn rol yn Baywatch. Ek wurke er mei oan Dodgeball: A True Underdog Story, wêryn't er de trainer fan it Dútske nasjonale trefbalteam spile, wêrfan't er de leden nei in ferlerne wedstryd ôfbekt mei de wurden "Ihr seid alle Schweine!", wêrnei't er in foto fan himsels yn syn Baywatch-unifoarm stikken slacht. Yn 'e fideoklip fan syn nûmer Jump in My Car naam er himsels yn syn alter ego as Michael Knight op 'e hak, mei't er dêryn in auto hat dy't in eksakte replika is fan KITT út 'e Knight Rider-searje.

Nei 2000 hie Hasselhoff gastrollen yn tillefyzjesearjes as Still Standing, Just Shoot Me! en Sons of Anarchy. Yn 2006 spile er yn 'e film Click de walchlike baas fan haadpersoan Adam Sandler. Hy spile himsels wer yn 'e komeedzjefilm Kickin' It Old Skool, út 2007. Yn 2008 hied er in cameo yn 'e film Knight Rider 2008, dy't basearre wie op syn searje Knight Rider, en yn 2017 hied er in lyts roltsje yn 'e film Baywatch, basearre op syn searje Baywatch, as de mentor fan Mitch Buchannon (spile troch Dwayne Johnson). Yn 2010 kroep Hasselhoff nei krapoan tritich jier nochris op 'e nij yn 'e hûd fan it personaazje Snapper Foster, foar in gastrol yn 'e soapsearje The Young and the Restless. Datselde jiers wurke er mei oan The Comedy Central Roast of David Hasselhoff, wêryn't er wiidweidich op 'e hak nommen waard troch de oanwêzige komiken.

David Hasselhoff wiuwt yn 2008 mei de blokjesflagge by de Gumball 3000-race.

Yn 2015-2016 wie Hasselhoff in seizoen lang te sjen op it Britske tillefyzjekanaal Dave mei de ymprovisaasjekomeedzjesearje Hoff the Record. Hasselhoff spile yn 2015 ek yn 'e aksjekomeedzje Sharknado 3: Oh Hell No! as kolonel Gilbert Shepard, in rol dy't er nochris werhelle yn Sharknado: The 4th Awakens, út 2016. Yn 2017 wied er te sjen as 'de Foarm fan David Hasselhoff' yn 'e superheldefilm Guardians of the Galaxy Vol. 2. Foar dy film song er ek it liet Guardians Inferno, dat oer de ôftiteling hinne ôfspile wurdt.

Sjongkarriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hasselhoff sette yn 'e 1980-er jierren útein mei in wurkpaad as sjonger. Yn dy hoedanichheid hied er net folle súkses yn 'e Feriene Steaten, dêr't mar frijwat smeulsk op syn sjongen reägearre waard, mar nammenste mear yn 'e Dútske taalgebiet, dêr't fjouwer fan syn albums yn Eastenryk en ien yn Switserlân it earste plak yn 'e albumlisten berikten.

Yn 1988 en 1989 hie Hasselhoff syn grutste súkses as sjonger mei de hit Looking for Freedom, dy't it earste plak yn 'e hitlisten berikte yn sawol Dútslân, Eastenryk as Switserlân. Op âldjiersjûn 1989 joech er foar in útsinnige mannichte fans in optreden yn West-Berlyn by de Brandenburger Tor, fuort njonken de Berlynske Muorre, dêr't er dat liet song, wêrfan't de titel oerset wurde kin as "Op 'e Siik nei Frijheid". Dêrmei hied er in duorjende ynfloed op 'e Dútske popkultuer. Oare súksesfolle nûmers fan Hasselhoff wiene Do the Limbo Dance, út 1991 (nû. 1 yn Eastenryk), en Jump in My Car, út 2006 (nû. 3 yn it Feriene Keninkryk).

Yn augustus 2001 presintearre Hasselhoff in barren yn 'e Conga Room yn Los Angeles, ta eare fan 'e Latino-band Renegade, dy't wrâldwiid mear as 30 miljoen cd's ferkocht hie. Hasselhoff trede dêr ek op mei dy rockband en song dêrby yn it Spaansk. Yn 2011 blaasde er syn sjongkarriêre nij libben yn mei in koart toernee troch Dútslân, Eastenryk en Switserlân. Op âldjiersjûn 2015 fersoarge er wer in optreden by de Brandenburger Tor, mar arrivearre dêr te let om't syn fleantúch útwike moatten hie nei Hannover.

David Hasselhoff mei ferslachjouster Irina Slutsky.

Oar wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Realitytillefyzje en presintaasjewurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 2006 oant 2009 wie Hasselhoff fjouwer seizoenen lang ien fan 'e sjueryleden by de talintejacht America's Got Talent, yn 'e mande mei Sharon Osbourne en Piers Morgan. Foar it fyfde seizoen waard er ferfongen troch Howie Mandel. Yn 2010 wie Hasselhoff ien fan 'e dielnimmers oan 'e Amerikaanske edysje fan it realityprogramma Dancing with the Stars. Hy waard keppele oan Kym Johnson, mar hja waarden as earste dûnspearke út 'e kompetysje eliminearre.

Yn 2010 wiene Hasselhoff en syn dochters Taylor Ann en Hayley ek te sjen yn 'e realitysearje The Hasselhoffs. Dêryn waard Hasselhoff syn krewearjen folge om syn karriêre nij libben yn te blazen en om tagelyk as kroade te fungearjen foar de karriêres fan syn dochters. It programma waard lykwols nei twa ôfleverings al stopset, hoewol't it folsleine earste seizoen yn 2011 yn it Feriene Keninkryk op 'e tillefyzjestjoerder Bio. te sjen wie.

Yn 2011 fungearre Hasselhoff as gastsjuerylid yn 'e Belgyske talintejacht Idols, en datselde jiers wied er ek foar ien seizoen sjuerlid yn 'e Britske talintejacht Britain's Got Talent, yn 'e mande mei Amanda Holden, Michael McIntyre en Simon Cowell. Yn febrewaris 2014 hie Hasselhoff tsien wiken efterinoar in (Ingelsktalich) praatprogramma op 'e Sweedske stjoerder TV3, en fan april 2015 ôf presintearre er op 'e Finske tillefyzje it (Ingelsktalige) praatprogramma de David Hasselhoff Show.

Sprekker[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fierders jout Hasselhoff ek taspraken en lêzings op it mêd fan motivaasje. Sa spriek er yn jannewaris 2014 in publyk fan hûnderten studinten ta op it New College Nottingham yn it Ingelske Nottingham. Yn april 2019 spriek er tûzenen besikers ta op 'e konvinsje TwitchCon Europe yn Berlyn.

David Hasselhoff yn 2009.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hasselhoff troude op 24 maart 1984 mei aktrise Catherine Hickland. Harren brulloft waard letter neispile yn 'e ôflevering The Scent of Roses, út seizoen 4 fan Knight Rider, dy't foar it earst op 'e Amerikaanske tillefyzje útstjoerd waard op 3 jannewaris 1986. It houlik einige lykwols op 1 maart 1989 yn in skieding.

Yn desimber 1989 wertroude Hasselhoff mei aktrise Pamela Bach. Mei har krige er twa dochters: Taylor Ann Hasselhoff (b. 5 maaie 1990), dy't studearre oan 'e Universiteit fan Arizona en letter yn 2015 te sjen wie yn 'e realitysearje Rich Kids of Beverly Hills, en aktrise Hayley Hasselhoff (b. 26 augustus 1992). Yn jannewaris 2006 makke Hasselhoff bekend dat hy en syn frou útinoar giene; de skieding kaam der yn augustus fan dat jier trochhinne. Bach krige de fâdij oer ien fan 'e beide dochters en Hasselhoff oer de oare, oant er letter fâd fan beide waard. Yn desimber 2010 wenne er mei syn beide dochters yn Súdlik Kalifornje.

Yn 2006 publisearre Hasselhoff syn autobiografy Making Waves. Yn maaie 2007 gie op it ynternet in fideo firaal wêryn't Hasselhoff thús te sjen wie yn in swier beskonken steat. It filmke bliek opnommen en mei opsetsin publisearre te wêzen troch syn dochter Taylor Ann, dy't har heit dêrmei wize woe op 'e gefolgen fan syn drankmisbrûk. Yn maaie 2009 omskreau Mel Goldsman, de abbekaat fan Hasselhoff, syn kliïnt as "in opbetterjend alkoholist."

Yn novimber 2015 sette Hasselhoff in filmke op YouTube dêr't er yn bekendmakke dat er syn efternamme feroare hie fan 'Hasselhoff' yn 'Hoff'. Letter die bliken dat dat net wier wie, mar dat it filmke ûnderdiel foarme fan in reklamekampanje.

Yn 2012, doe't er yn it Feriene Keninkryk op 'e planken stie yn 'e musical Peter Pan, begûn Hasselhoff in relaasje mei in Hayley Roberts út Glynneath, yn Wales. Hasselhoff, dy't in fan is fan rugby, besocht mei syn nije leafde geregeldwei rugbywedstriden. Op 31 july 2018 trouden se yn Itaalje.

Filmografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Filmografy as akteur
jier titel rol opmerkings
tillefyzje
1975-1982 The Young and the Restless dokter Snapper Foster fêste rol
1976 Griffin and Phoenix: A Love Story ?
1979 Pleasure Cove Scott ûnferkochte pilotôflevering
1980 Semi-Tough Shake Tiller
1981 The Love Boat Brian / Tom Bell gastrol
1982-1986 Knight Rider Michael Knight haadrol
1984 Diff'rent Strokes himsels gastrol
1984 The Cartier Affair Curt Taylor tillefyzjefilm
1985 Bridge Across Time Don Gregory tillefyzjefilm
1988 Perry Mason: The Case of the Lady in the Lake Bill Travis tillefyzjefilm
1989 Fire and Rain dokter Dan Meyer tillefyzjefilm
1989-2000 Baywatch Mitch Buchannon haadrol; ek útfierend produsint; 1995-1997 ek senarioskriuwer; fan 1999 ôf hiet de searje Baywatch: Hawaii
1991 Knight Rider 2000 Michael Knight tillefyzjefilm (mislearre pilotôflevering)
1992 Ring of the Musketeers John Smith D'Artagnan tillefyzjefilm
1993 Avalanche Duncan Snyder tillefyzjefilm
1995 Baywatch: Forbidden Paradise Mitch Buchannon tillefyzjefilm; ek útfierend produsint
1995-1997 Baywatch Nights Mitch Buchannon haadrol; ek útfierend produsint
1996 Gridlock Jake Gorsky tillefyzjefilm
1997 Night Man Katrina har assistint pilotôflevering
1998 Nick Fury: Agent of S.H.I.E.L.D. kolonel Nick Fury tillefyzjefilm
1998 Baywatch: White Thunder at Glacier Bay Mitch Buchannon tillefyzjefilm; ek útfierend produsint
2000 One True Love Mike Grant tillefyzjefilm
2000 Whose Line Is It Anyway? ? gastrol, 1 ôfl.
2001 Shaka Zulu: The Citadel Mungo Prentice tillefyzjefilm
2002 Fear Factor himsels as dielnimmer oan in realityprogramma
2002 Just Shoot Me! himsels gastrol, 1 ôflevering
2003 Baywatch: Hawaiian Wedding Mitch Buchannon tillefyzjefilm; ek útfierend produsint
2006 Still Standing Gary Maddox
2006 Wildboyz ? gastrol
2006-2009 America's Got Talent himsels as sjuerylid
2006-2012 Robot Chicken ferskaat as stimakteur; 4 ôfleverings
2008 Knight Rider Michael Knight tillefyzjefilm
2008 Anaconda 3: Offspring Stephen Hammett tillefyzjefilm
2009 The Hoff: When Scott Came to Stay himsels realityprogramma
2009 Meet the Hasselhoffs himsels realityprogramma
2010 The Hasselhoffs himsels realityprogramma; ek produsint
2010 Dancing with the Stars himsels as dielnimmer oan in realityprogramma
2010 Celebrity Juice himsels realityprogramma
2010 The Comedy Central Roast of David Hasselhoff himsels roast
2010 The Young and the Restless dokter Snapper Foster gastrol
2011 It's Chris voice-over
2011 Britain's Got Talent himsels as sjuerylid
2011 Piers Morgan's Life Stories himsels dokumintêre
2011 Big Brother himsels cameo yn in realityprogramma
2011 Same Name himsels realityprogramma
2011 Chris Moyles' Quiz Night himsels as steller fan in fraach yn in tillefyzjekwis
2011 Ask Rhod Gilbert 'The Authenticator' tillefyzjekwis, 1 ôflevering
2011 Idols himsels gastsjuerylid; Belgysk realityprogramma
2011 Never Mind the Buzzcocks himsels kwismaster
2011 Sons of Anarchy Dondo Elgarian gastrol
2012 The Christmas Consultant Owen tillefyzjefilm
2012 The Magicians ? gastrol, 1 ôflevering
2012 The Celebrity Apprentice Australia himsels Australysk realityprogramma
2013 Promi Big Brother himsels Dútsk realityprogramma
2014 Newsreaders himsels gastrol, 3 ôfleverings
2014 David Hasselhoff Show himsels presintator fan in Sweedsk praatprogramma
2015-2016 Hoff the Record ferskaat ymprovisaasjetillefyzjesearje; ek senarioskriuwer
2015 David Hasselhoff Show himsels presintator fan in Finsk praatprogramma
2017 The Grand Tour himsels dielnimmer oan it ûnderdiel Celebrity Face Off
2019 SpongeBob SquarePants himsels ôfl. SpongeBob's Big Birthday Blowout
films
1975 The Lion Roars Again n.f.t. as kostúmmodel; koart promoasjefilmke foar MGM
1976 Revenge of the Cheerleaders Boner ek bekend as Caught With Their Pants Down
1979 Starcrash prins Simon
1988 Starke Zeiten David Dútsktalich
1988 Zärtliche Chaoten II Michael Trutz von Rhein Dútsktalich
1988 Witchery Gary
1989 Bail Out Roger "White Bread" Donaldson ek bekend as W.B., Blue and the Bean; ek produsint
1990 The Final Alliance Will Colton
1992 The Bulkin Trail Michael Bulkin koarte film
1996 Dear God himsels
1998 Legacy Jack Scott
1999 The Big Tease himsels
2000 The Target Shoots First himsels
2000 Welcome to Hollywood himsels
2002 The New Guy himsels
2003 Fugitives Run Clint
2004 DodgeBall: A True Underdog Story himsels
2004 A Dirty Shame himsels cameo
2004 The SpongeBob SquarePants Movie himsels as stimakteur
2006 Click John Ammer
2007 Kickin' It Old Skool himsels
2010 Dancing Ninja Ansel LaDouche / Ansel syn mem
2011 Hop himsels
2012 Piranha 3DD himsels
2012 Keith Lemon: The Film himsels
2014 Stretch himsels
2015 Alleluia! The Devil's Carnival de ûntwerper song foar de soundtrack ek it liet Only by Design
2015 Sharknado 3: Oh Hell No! kolonel Gilbert Shepard
2015 Kung Fury Hoff 9000 as stimakteur; koarte film
2016 Sharknado: The 4th Awakens kolonel Gilbert Shepard
2017 Guardians of the Galaxy Vol. 2 de Foarm fan David Hasselhoff cameo
2017 Baywatch de mentor
2017 Killing Hasselhoff himsels ek produsint
noch net út Kung Fury 2 Hoff 9000 as stimakteur
fideospultsjes
2008 Pain himsels as stimakteur
2008 Command & Conquer: Red Alert 3 de fise-presidint as stimakteur
2008 Call of Duty: Infinite Warfare himsels / N31L as stimakteur

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Studio-albums
jier titel resultaat
1985 Night Rocker Flag of Austria.svg Eastenryk: nr. 1
1987 Lovin' Feelings
1989 Looking for Freedom Flag of Switzerland.svg  Switserlân: nr. 3
1990 Crazy for You Flag of Austria.svg Eastenryk: nr. 1
Flag of Switzerland.svg  Switserlân: nr. 1
1991 David Flag of Austria.svg Eastenryk: nr. 1
1992 Everybody Sunshine
1993 You Are Everything
1994 Du
1997 Hooked on a Feeling
2004 David Hasselhoff Sings America
The Night Before Christmas
2011 A Real Good Feeling Flag of Austria.svg Eastenryk: nr. 3
2012 This Time Around
2019 Open Your Eyes
Kompilaasje-albums
jier titel resultaat
1989 Knight Lover
1994 Crazy for You
1995 David Hasselhoff
Is Everybody Happy?
For You
Looking for... the Best
1999 Watch Out for Hasselhoff
2002 The Very Best of David Hasselhoff
2004 Greatest Hits
2009 Das Allerbeste
2011 Feeling So High
2013 Looking for Freedom - Das Beste!

Singles[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

jier titel resultaat
1983 I Get the Message
1985 Do You Love Me?
1987 Life Is Mostly Beautiful with You
Night Rocker
1988 Looking for Freedom Flag of Germany.svg Dútslân: nr. 1
Flag of Austria.svg Eastenryk: nr. 1
Flag of Switzerland.svg  Switserlân: nr. 1
1989 Is Everybody Happy?
Our First Night Together
Song of the Night
Flying on the Wings of Tenderness
Torero – Te Quiero
Lonely Is the Night
1990 Freedom for the World
Crazy for You
Let's Dance Tonight
Je T'Aime Means I Love You
1991 Do the Limbo Dance Flag of Austria.svg Eastenryk: nr. 1
Gipsy Girl
Hands Up for Rock 'n' Roll
Casablanca
1992 Everybody Sunshine
The Girl Forever
Darling I Love You
1993 Dance Dance d'Amour
If I Could Only Say Goodbye
Wir zwei allein (duët mei Gwen)
Pingu Dance
1994 The Best Is Yet to Come
Summer of Love
Du
Au Ciel, Une Etoile (duët mei Nadège)
1995 I Believe (duët mei Laura Branigan)
1996 Hooked on a Feeling
1997 Hold On, My Love
More Than Words Can Say
2004 City of New Orleans
Please Come Home for Christmas
2005 Limbo Dance (mei DJ Ostkurve)
2006 Jump in My Car Flag of the United Kingdom.svg Feriene Keninkryk: nr. 3
2007 As I Am (duët mei Patricia Lewis)
2011 It's a Real Good Feeling
California Girl
2013 Am I Ever Gonna See Your Face Again?
2015 True Survivor
2017 The Song of Summer (mei Seven Bucks, Logan Paul en Desiigner)
Guardians Inferno
2019 (You Made the) Summer Go Away (mei Blümchen)
Open Your Eyes

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.