Baywatch: Hawaiian Wedding

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Baywatch: Hawaiian Wedding
Filmklapper.png film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
Baywatch Hawaiian Wedding logo.png
makkers
regisseur Douglas Schwartz
produsint Francis J. Conway
David W. Hagar
útfierend
   produsint
Michael Berk
Douglas Schwartz
David Hasselhoff
senario Michael Berk
Douglas Schwartz
basearre op Baywatch (tillefyzjesearje)
kamerarezjy Stuart Asbjornsen
muzyk John D'Andrea
Cory Lerios
filmstudio Fox Television Studios
distribúsje 20th Century Fox
spilers
haadrollen David Hasselhoff
Pamela Anderson
Alexandra Paul
Carmen Electra
Yasmine Bleeth
Gena Lee Nolin
Jeremy Jackson
Nicole Eggert
John Allen Nelson
Billy Warlock
byrollen Stacy Kamano
Brande Roderick
Michael Bergin
Jason Momoa
Cary-Hiroyuki Tagawa
Angelica Bridges
skaaimerken
lân/lannen Flag of the United States.svg Feriene Steaten
direkt op fideo 28 febrewaris 2003
foarm lange tillefyzjefilm
sjenre aksjeskriller
taal Ingelsk
spyltiid 100 minuten
filmsearje
filmsearje Baywatch
● foarich diel Baywatch: White Thunder
   at Glacier Bay

Baywatch: Hawaiian Wedding ("Baywatch: Hawaïaanske Brulloft"), ek bekend as Baywatch: Hawaiian Reunion ("Baywatch: Hawaïaanske Reüny") is in Amerikaanske aksjeskriller út 2003, ûnder rezjy fan Douglas Schwartz. It is in tillefyzjefilm yn 'e foarm fan in reüny dy't twa jier nei it stopsetten fan 'e populêre tillefyzjesearje Baywatch makke waard. Alle wichtige stjerren út dy searje keare yn 'e film werom, wêrûnder David Hasselhoff, Pamela Anderson, Alexandra Paul, Carmen Electra, Yasmine Bleeth, Gena Lee Nolin en Nicole Eggert. De plot fan Baywatch: Hawaiian Wedding draait om 'e foarnommen brulloft fan strânwacht Mitch Buchannon op Hawaï. De film waard direkt-op-fideo útbrocht.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ald-strânwacht Mitch Buchannon wie foarhinne fereale op syn kollega Stephanie Holden. Stephanie kaam jierren earder om (yn ôfl. 13 fan seizoen 7, 1996-1997, fan Baywatch), doe't se op har houliksreis op in syljacht yn in stoarm ferplettere waard troch de ôfbrutsen mêst. Hoewol't Mitch dêr neat oan of ta dwaan koe, wrakselet er noch altyd mei skuldgefoelens. No hat er lykwols nije leafde fûn by in frou, Allison, sy't as twa drippen wetter op Stephanie liket. Se wolle trouwe en beslute om harren besletten houliksplechtichheid te hâlden op it ôfhandige en ûnbewenne eilantsje Haiku, yn Hawaï. Dan kinne se op it haadeilân Oähû dêroan foarôfgeande moai in grutter ferlovingsfeest hâlde yn it fakânsjeresort dat Mitch syn âld-kollega C.J. Parker dêr runt.

Mitch en Allison reizgje nei Hawaï ta yn it selskip fan Mitch syn soan Hobie, no in folwoeksen man dy't as strânwacht yn syn heite fuotleasten trêden is, en Summer Quinn, in strânwacht op wa't Hobie al fereale wie doe't hy noch tsien jier en sy achttjin wie, en mei wa't er it no einlings oanlein hat. Op Oähu wurde se ferwolkomme troch C.J. en in oare âld-kollega, Lani McKenzie, dy't no yn C.J. har resort as dûnseresse wurket. Se treffe dêr by tafal ek noch twa oare âld-kollega's, John D. Cort en Eddie Kramer, dy't op trochreis fia Hawaï nei Austraalje yn it resort fan C.J. ferbliuwe.

Underwilens hat Mitch syn eks-kollega en eks-frou Neely lucht krigen fan syn plannen om wer te trouwen. Se beseft dat se noch altyd gefoelens foar Mitch hat, en wol tsjin eltse priis it houlik foarkomme. Dêrta siket se Caroline Holden op, in fierd aktrise dy't jierren lyn ek strânwacht west hat, en dy't boppedat de jongere suster fan 'e ferstoarne Stephanie is. Neely kriget Caroline safier dat se har helpe wol om Mitch fan "de Stephanie-kloan" te rêden, en twaresom reizgje de beide froulju ôf nei Hawaï. Dêr wit de sympatike Allison ûnderwilens al Mitch syn freonen foar har te winnen. As Neely mei Caroline yn it resort fan C.J. ferskynt, wurdt Caroline wol eefkes kjel, sà liket Allison op har suster, mar al rillegau binne se de bêste freondinnen. Allinnich Neely mei Allison net lije, en troch har tadwaan krije de beide froulju sa'n slaanderij dat se troch Mitch-en-dy útinoar helle wurde moatte.

Sûnder dat Mitch en de oaren it yn 'e gaten hawwe, wurdt it hiele selskip yn Hawaï observearre troch in stik as wat mannen dy't tarist binne mei fototastellen mei telelinzen. Underwilens krije Cort en Lani in relaasje, en teffens lizze Eddie en Caroline it mei-inoar oan. Mei Hobie en Summer en Mitch en Allison binne der sa fjouwer pearkes ûntstien. Inkeld Neely en C.J. hâlde har ôfsidich; Neely om't se Mitch weromhawwe wol, en C.J. om't se "manlju ôfsward" hat. Op it ferlovingsfeest fan Mitch en Allison binne ek ferskate pleatslike Hawaïaanske strânwachten útnûge dêr't Mitch kunde oan hat: de pearkes Kekoa en Jason, en Leigh en J.D. Foarhinne hiene Kekoa en J.D. in relaasje, en Leigh en Jason ek, en se hawwe allegear noch altyd gefoelens foarinoar, sadat der in tipelsinnige fjouwerhoeksrelaasje ûntstiet, wêrby't de beide manlju en de beide froulju it allegeduerigen by alles faninoar besykje te winnen om't se it gefoel hawwe dat se wat te bewizen hawwe.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle is it mooglik better dat jo de plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Neely, dy't har snoade plannen noch net opjûn hat, set Jason ûnder druk om in medaljon dat se om 'e hals draacht en dat Allison har ûnder harren fjochtpartij ôfskuord hat, troch te spyljen oan syn broer, dy't by de plysje wurket. Se wol dat dy de fingerôfdrukken fan Allison neilûkt. Jason lit him troch har beprate en seit ta dat er dwaan sil wat se wol. Op 'e dei fan 'e trouwerij hiere Mitch en Allison in jacht mei bemanning en al, en farre mei Hobie, Summer, Cort, Lani, Eddie, Caroline, J.D., Leigh en Neely nei it eilantsje Haiku. It plan is dat Mitch en Allison inoar dêre, steand op 'e râne fan 'e fulkaan, by sinne-ûndergong it jawurd jaan sille. Om't se der oan it begjin fan 'e middei arrivearje, hawwe se noch wat tiid lins, en de pearkes sûnderje har ôf om allinnich mei-inoar te wêzen.

Dan docht bliken dat de bemanning fan it jacht bestiet út deselde lju dy't it selskip op Hawaï al fan it begjin ôf oan yn it each hâlde. It binne mannen dy't foar Sato wurkje, in krimineel dy't troch tadwaan fan Mitch jierren earder foar tolve jier yn 'e finzenis kommen is, en dy't no út is op wraak. Syn mannen oermasterje de pearkes ien foar ien. Se sette Lani en Cort mei elts in stielene keabel oan in ankel fêst oan 'e seeboaiem foar de kust fan it eilân, dêr't ûnder wetter fulkanyske lava opboarrelet, sadat it wetter der gleonhjit is. Eddie en Caroline sette se mei hânboeiens fêst yn in dûkersklok op 'e seeboaiem, dêr't de lucht stadich út ûntsnapt. En Hobie en Summer wurde op it strân fêstset ûnder in mei peallen djip yn it sân ferankere fisknet, op in plak dat derûnder strûpe sil as it floed wurdt.

Underwilens kriget Neely berjocht fan Jason dat syn broer him opskille hat. De fingerôfdrukken fan "Allison" komme oerien mei dy fan in Judy Radin, dy't yn it ferline yn 'e finzenis sitten hat foar fraude en mishanneling, en dy't likernôch in jier lyn plastyske sjirurgy oan har gesicht dwaan litten hat. Neely siket daliks Mitch op en docht him it nijs troch, mar Mitch wol har net leauwe. As er lykwols nei it plak tagiet dêr't Allison har weromlutsen hat om har houliksûnthjitten te oefenjen, trappearret er har mei in oare man. Dat blykt Sato te wêzen, mei wa't Allison fan it begjin ôf oan al ûnder ien tekken skûle hat. Mitch en Sato reitsje yn gefjocht, mar Sato wurdt him oermânsk. Dan lit Sato Mitch de bylden sjen fan 'e trije kamera's dy't er sa opsteld hat dat de wrakselings fan 'e trije finzen pearkes goed te sjen binne. Wylst se him útlaitsje, litte Sato en Allison Mitch gean, om't se miene dat er nea op 'e tiid alle trije pearkes rêde kin. De ferwiten dy't Mitch himsels de rest fan syn libben meitsje sil oer de dea fan syn freonen of soan, binne it soarte wraak dêr't Sato op út is.

Mitch kriget lykwols help fan Neely, Leigh en J.D. Leigh ûntdekt al rillegau wêr't Cort en Lani fêstsitte, wylst J.D. de dûkersklok wit te finen. Sûnder ark om 'e stielen keabel of de hânboeiens troch te knippen, kinne se lykwols net folle dwaan. Mitch en Neely berikke it plak dêr't Hobie en Summer ûnder it net fêstsitte krekt op it stuit dat dat plak ûnder wetter rekket. Se witte it net los te krijen en Hobie en Summer derwei te skuorren, mar Hobie sykhellet net mear. Underwilens binne Jason en Kekoa mei in rêdingshelikopter fan 'e Hawaïaanske strânwacht ûnderweis nei Haiku. Kekoa springt der by de dûkersklok út, en Jason docht itselde op it plak dêr't de lava opboarrelet. It ark fan 'e strânwacht makket koart wurk fan 'e stielkeabel en de hânboeiens, en Cort, Lani, Eddie en Caroline kinne rêden wurde. Mitch en Neely reänimearje Hobie, dy't op 't lange lêst wer teken fan libben jout.

Dêrop ferskine Sato, dy't Mitch oanfalt, en Allison, dy't Neely, Leigh, Summer en Hobie bedriget mei in pistoal. Mitch lokket Sato yn in rubberboatsje mei de see op, om't er wit dat er dêr as âld-strânwacht yn it foardiel is. De beide mannen rûgelje al fjochtsjend oerboard en bedarje oan in koarde ûnder it boatsje. As Mitch Sato bewusteleas slacht, komt dy mei syn holle yn 'e skroef fan 'e bûtenboardmotor, dat er it bestjert. Underwilens wit oan lân Neely Allison te oermasterjen. De Amerikaanske Kustwacht komt opdaagjen en nimt mei in swier masinegewear it jacht ûnder skot dêr't Sato syn trewanten op flechtsje wolle. Alle meistanners fan Sato wurde ynrekkene en Mitch en syn freonen keare werom nei it resort fan C.J., op Oähû, om fan alle opwining te bekommen.

David Hasselhoff as Mitch Buchannon.
Pamela Anderson as C.J. Parker.
Carmen Electra as Lani McKenzie.
Yasmine Bleeth as Caroline Holden.

C.J. wol harren lykwols net nei hûs gean litte sûnder in brulloft bywenne te hawwen. Hoewol't se manlju ôfsward hie om't se ferkeard foar har binne, beslút se hommels en trou sels mei Lorenzo, in ober yn har resort dêr't se al in skoftke in eachje op hie. Neffens Mitch sil de jonge gelok hawwe as er de houliksnacht oerlibbet. Op 'e brulloft binne alle pearkes oanwêzich: Lani en Cort, Caroline en Eddie, en Summer en Hobie, wylst Kekoa en Leigh en Jason en J.D. besletten hawwe wer fan partner te wikseljen, wat harren folle better foldocht. Sadwaande is Kekoa no mei J.D. en Leigh mei Jason. Boppedat blike Mitch en Neely, dy't fan boaze genius ynienen in heldinne wurde is, ek wer byinoar te wêzen.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Mitch Buchannon David Hasselhoff
C.J. Parker Pamela Anderson
Allison / Judy Radin / Stephanie Holden (flashback) Alexandra Paul
Lani McKenzie Carmen Electra
Caroline Holden Yasmine Bleeth
Neely Capshaw Gena Lee Nolin
Hobie Buchannon Jeremy Jackson
Summer Quinn Nicole Eggert
John D. Cort John Allen Nelson
Eddie Kramer Billy Warlock


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Kekoa Tanaka Stacy Kamano
Leigh Dyer Brande Roderick
Jack "J.D." Darius Michael Bergin
Jason Ioane Jason Momoa
Sato Cary-Hiroyuki Tagawa
Taylor Walsh Angelica Bridges
Victor Sidney S. Liufau
Ian Scott Workman
Bobby Michael Cowell
Jerry Jerry L. Croft
Sterling Sterling Rice
model ferklaaid as seemearmin Kara Styler
model ferklaaid as seerôver Elke Jeinsen
model ferklaaid as sirene Liane Mark
Lorenzo Jason New
bikinyfamke fan Venus Swimwear Sharon Bruneau
strânfamke #1 Simona Fusco
bikinyfamke Jesse Jane
foarste surfer Mark Kubr
tinerjonge op it strân Michael Marchand
strânfamke #2 Alicia Rachel Marek
strânfamke #3 Arlene Newman-Van Asperen
skateboarder Allie Otterstrom
plysje Kelly R. Thomas

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Baywatch: Hawaiian Wedding waard regissearre troch Douglas Schwartz nei in senario fan himsels en Michael Berk. Produsinten wiene Francis J. Conway en David W. Hagar foar de Fox Television Studios. As útfierend produsinten wiene Michael Berk, Douglas Schwartz en David Hasselhoff by de film belutsen. Stuart Asbjornsen die de kamerarezjy, en John D'Andrea en Cory Lerios fersoargjen de filmmuzyk.

Baywatch: Hawaiian Wedding waard op 28 febrewaris 2003 yn 'e Feriene Steaten direkt-op-fideo útbrocht as in langspylfilm mei in spyldoer fan 100 minuten. De filmdistribúsje waard fersoarge troch 20th Century Fox. Op 'e Amerikaanske tillefyzje waard de film dyselde deis útstjoerd op it tillefyzjenetwurk fan Fox. Baywatch: Hawaiian Wedding wie de lêste fan trije tillefyzjefilms dy't diel útmakken fan 'e tillefyzjesearje Baywatch. De oare beiden wiene Baywatch: Forbidden Paradise, út 1995, dy't ek op Hawaï spile, en Baywatch: White Thunder at Glacier Bay, út 1998.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: